Type O Negative wie in Amerikaanske gothic metal band oprjochte yn 1989 yn Brooklyn. De groep ûntstie út de oerbliuwsels fan de band Carnivore.

Muzyk Type O Negative wie bekend troch harren drûge, morbide humor yn de teksten dy't giene oer romantyk, depresje en dea dy't mei in gauris trage muzyk begelaat waard. De styl fan de muzyk wie gothic, yn de rjochting fan doom.

Skiednis Eardere sjonger fan Carnivore Peter Steele, foarme yn 1989 mei syn jeugdfreonen Sal Abruscato, Josh Silver, en Kenny Hickey, Type O Negative en tekenen in kontrakt by it muzyklabel Roadrunner Records. Al fluch nei it tekenjen ferskynde yn 1991 it debútalbum, "Slow, Deep and Hard"

Yn 1993 waard it album "Bloody Kisses" útbrocht, it wie harren tredde album en dat betsjutte it begjin fan it grutte sukses. It album behelle de platinum status yn de Feriene Steaten. Drummer Sal Abruscato stapte út de band en waard ferfongen troch Johnny Kelly, mei de nije drummer waard it fjirde album "October Rust" opnaam. Noch fjouwer studio-albums folgen, mar op 14 april, 2010 kaam in ein oan it sukses nei't sjonger en bassist fan de band Peter Steel op 48 jierrige leeftiid ferstoar.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Slow, Deep and Hard16 juny 1991RoadrunnerUnsuccessfully Coping with the Natural Beauty of InfidelityThe Origin of the Feces17 maaie 1992Bloody Kisses17 augustus 1993Black No. 1 (Little Miss Scare-All),Christian Woman,Summer BreezeOctober Rust20 augustus 1996My Girlfriend's Girlfriend,Love You To Death,In Praise of Bacchus,Cinnamon Girl (Neil Young cover)World Coming Down21 septimber 1999Creepy Green Light,Everyone I Love Is Dead,Everything DiesLife Is Killing Me17 juny 2003I Don't Wanna Be Me"Dead Again13 maart 2007SPVThe Profit of Doom,September Sun

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opThe Least Worst of Type O Negative31 oktober 2000The Best of Type O Negative12 septimber 2006None More Negative25 novimber 2011The Complete Roadrunner Collection 1991-200314 novimber 2012

Kategory:Amerikaanske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1989 Kategory:Band opheft yn 2010