Aarbergen is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn Dútske dielsteat Hessen.

Geografy

Aarbergen leit noardlik fan de Kreisstadt Bad Schwalbach en súdlik fan Limburg an der Lahn yn de Hintertaunus.

Yn Aarbergen mûnje de Aubach en de Battenbach yn de Aar út.

It grutste part fan de gemeente bestiet út bosk. De belangrykste foarm fan lângebrûk is ikkerbou. Yn de deltes is in soad gerslân mei hôven.

Skiednis Op 31 desimber 1970 fusearren de earder selstannige gemeenten fan Daisbach, Hausen via Aar, Kettenbach, Michelbach, Panrod en Rückershausen ta de gemeente Aarbergen.

Yndieling De gemeente Aarbergen is yn de folgjende Ortsteile yndield (ynwennertal neffens 30 juny 2018): Plak Ynwennertal Foar it earst neamd Daisbach 445 879 Hausen über Aar 637 879 Kettenbach 1478 845 Michelbach 2227 1184 Panrod 633 888 Rückershausen 777 879

It besjen wurdich

Daisbach: de roomske Joazeftsjerke út 1690–1709 (iennige katolike fakwurktsjerke fan Hessen) Kettenbach: de protestantske tsjerke fan 1752 mei in barok oargel út 1763 Michelbach: in 11e-iuwske wartsjerke, tsjintwurdich allinne noch yn gebrûk foar spesjale tsjinsten; de protestantske tsjerke út 1908; de monumintale Apostellinebeam op it hôf. Rückershausen: protestantske tsjerke út de 14e iuw; de sûnt 1779 bekende boarne "Antonius-Sprudel"; Aarbrêge; kriichsmonumint út 1826 Panrod: protestantske tsjerke út 1321 mei in letromaanske toer en in barok krúsbyld; by Panrod yn it bosk de resten fan in 8e- oant 10e-iuwske ringmuorre (Ringwall Altschloss)

Kategory:Gemeente yn Hessen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970