Hünstetten is in gemeente yn de Rheingau-Taunus-Kreis yn de Dútske dielsteat Hessen. De gemeente wurdt fanút Wallbach bestjoerd. Hünstetten is in lanlike gemeente en de measte minsken wurkje bûten de gemeentegrinzen, fral troch de goede ferbinings yn it Rhein-Main-Gebiet.

Geografy Hünstetten leit yn de Taunus noardlik fan de belangrykste berchkaam tusken Limburg an der Lahn en Wiesbaden.

Yndieling De gemeente bestiet út tsjien plakken, wêrfan't Ketternschwalbach neffens ynwennertal it lytst is en Wallrabenstein mei goed twatûzen ynwenner it grutst.

Wapen Plak Ynwennertal Bechtheim 900 Beuerbach 1169 Görsroth 1703 Kesselbach 1043 Ketternschwallbach 464 Limbach 670 Oberlibbach 713 Strinz-Trinitatis 926 Wallbach 1089 Wallrabenstein 2056 Meiïnoar Hünstetten 10733

Skiednis Fynsten út de tiid fan de Michelsbergkultuer yn de omkriten fan Beuerbach tsjûgje fan in bewenning sûnt de stientiid fan 4400 f. Kr. oant 3500 f. Kr.

Yn it ramt fan de weryndielings yn de dielsteat Hessen ûntstie op 31 jannewaris 1971 de gemeente Hünstetten út de earder selstannige gemeenten Beuerbach, Kesselbach, Ketternschwalbach, Limbach, Strinz-Trinitatis en Wallbach. De oare plakken moasten mei yngong fan 1 jannewaris 1977 harren selstannigens opjaan. Yn it sintraal lizzende Wallbach waard in nij gemeentehûs boud.

It besjen wurdich

Yn it jier 2020 sette de gemeente it "Hünstetter Kulturpfad" út. De kuierrûte, weryn't alle plakken fertsjintwurdige binne, liedt de dielnimmers nei kultureel weardefolle saken fan de gemeente. Fan de goed sechtich monuminten fan de gemeenten binne fjirtich yn rûte opnommen. Njonken monuminten bringt de rûte de dielnimmers ek nei de moaiste stikjes natoer fan de gemeente.

Keppeling om utens Side fan de gemeente: Hünstetter Kulturpfad

Kategory:Gemeente yn Hessen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1971