Mario Gabriele Andretti (Montona, 28 febrewaris 1940) is in earder Amerikaanske autokoereur. Hy waard yn 1978 wrâldkampioen Formule 1 yn in Lotus. Mario Andretti en syn twillingbroer Aldo waarden berne yn in Italjaanske húshâlding yn Montona, doe Italjaansk gebied, mar nei de Twadde Wrâldkriich waard it as Motovun by Joegoslaavje yndield nei oanlieding fan de Ferdrach fan Parys. De húshâlding gie fuort út Montona en kaam yn de Feriene Steaten te wenjen.

Kategory:Amerikaansk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1940