Seine-et-Marne is in departemint fan de Frânske regio Île-de-France.

Skiednis It departemint is ien fan de 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 oprjochte binne yn de tiid fan de Frânske Revolúsje troch de útfiering fan de wet fan 22 desimber 1789. Dêrby waard útgien fan in diel fan de provinsje Île-de-France.

Geografy

Seine-et-Marne wurdt omfieme troch de departeminten Val-d'Oise, Seine-Saint-Denis, Val-de-Marne en Essonne yn it westen, Loiret en Yonne yn it suden, Aube en Marne yn it easten en Aisne en Oise yn it noarden.

In lyts diel fan it departemint is tsjintwurdich oan de stêdekloft Parys fêstgroeid, lykas de stêden Chelles en Villeparisis. It eastlike diel fan it departemint is noch foar in grut part lannelik.

De belangrykste rivieren van it departemint binne de Marne en de Seine, dy't yn it noarden resp. yn it suden nei westlike rjochting troch it gebiet streame, en de Yonne, dy't fanút it súdeasten yn Montereau-Fault-Yonne yn de Seine mûnet.

Yn it súdwesten fan it departemint lizze it Bois du Fontainebleau en it Parc naturel régional du Gâtinais français, dy't tegearre in grut natoergebiet foarmje.

Demografy Oarspronklik wie Seine-et-Marne hiel lanlik en tinbefolke. Troch útwreiding fan de stêdekloft Parys en de oanlis fan nije stêden is de befolking lykwols yn in heale iuw tiid trijeris oer de kop gien. Fan allinne doarpkes is in diel fan de regio feroare yn de agglomeraasje fan Parys.

De bewenners fan it departemint wurde Seine-et-Marnais neamd.

Befolkingsûntwikkeling sûnt 1960 Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018Ynwenners 524.486 604.340 755.762 887.112 1.078.166 1.193.767 1.303.702 1.390.121 1.412.516 Boarnen: Cassini en INSEE

Stêden

Neffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint: Stêd Ynwennertal 2018 Arrondissemint Meaux 55.416 Meaux Chelles 55.148 Torcy Melun 39.947 Melun Pontault-Combault 37.867 Torcy Savigny-le-Temple 29.792 Melun Bussy-Saint-Georges 26.806 Torcy Villeparisis 26.471 Torcy Champs-sur-Marne 25.610 Torcy Roissy-en-Brie 22.836 Torcy Torcy 22.361 Torcy Bestjoerlike yndieling It departemint Marne is ûnder te ferdielen yn 5 arrondisseminten, 23 kantons en 510 gemeenten.

Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Fontainebleau 155.763 1.228,00 127 4 85 Meaux 335.284 1.355,65 247 7 142 Melun 280.798 618,59 454 7 59 Provins 183.824 2.365,36 78 7 176 Torcy 456.847 356,45 1.282 8 45 Departemint Seine-et-Marne 1.412.516 5.924,05 238 23 507 Keppeling om utens

Kategory:Île-de-France Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790