Odernheim am Glan is in ortsgemeinde yn de lânkring Bad Kreuznach yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak falt ûnder de Verbandsgemeinde Nahe-Glan.

It besjen wurdich De histoaryske kearn mei it riedshûs fan 1541 is it besjen wurdich. Fan de eardere stedsmuorre binne dielen bewarre bleaun. Ek is in poarte bewarre bleaun. It Zweibrücker Schloss giet werom op de 16e iuw.

It meast bekend is Odernheim fanwegen de resten fan it eardere kleaster Disibodenberg, dêr't Hildegard fan Bingen 39 jier wenne hat.

Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts Kategory:Plak yn Rynlân-Palts