Conan the Barbarian is in Amerikaansk-Meksikaansk-Spaanske fantasy-aventoerefilm út 1982 ûnder rezjy fan John Milius, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en James Earl Jones. De titel betsjut "Conan de Barbaar", en ferwiist nei it ferneamde personaazje út 'e ferhalen fan Robert E. Howard. It ferhaal giet oer de jonge Conan, waans âldelju ombrocht wurde troch de tsjoender Thulsa Doom, de lieder fan in grizelige slangekultus. Hy groeit op yn slavernij, mar ûnderskiedt him as gladiator en wint úteinlik syn frijheid, wêrnei't er úteinset mei in lange kweeste om wraak te nimmen op 'e moardners fan syn âlden. Fan 'e filmkritisy kamen doedestiden foar it meastepart mingde oant negative resinsjes, hoewol't Conan the Barbarian hast fjirtich neitiid yn in folle positiver ljocht sjoen wurdt. De film wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol, hoewol't er net kwalifisearre wurde koe as in kaskreaker. Dochs kaam der yn 1984 in ferfolchfilm, dy't Conan the Destroyer hiet.

Plot De jonge Conan groeit op mank syn folk, de barbaarske Simmearjers. Op in dei wurdt syn doarp oanfallen troch in binde plonderders ûnder lieding fan 'e tsjoender Thulsa Doom, dy't in standert fiert fan in twakoppige slange boppe in swarte sinne en moanne. Conan syn heit, in smid, rekket ferwûne yn 'e striid en wurdt deabiten troch de hûnen fan 'e plonderders; syn mem besiket him te ferdigenjen, mar wurdt troch Thulsa Doom ûnthalze nei't er har fan 'e doele brocht hat mei syn hypnotisearjende blik. Ek alle oare folwoeksenen wurde ombrocht, en de bern, ûnder wa Conan, wurde as slaven fuortfierd om in grutte trêdmole oan 'e gong te hâlden dy't it Tsjil fan 'e Pine hjit.

As iennichste fan allegearre oerlibbet Conan dêr oant er folwoeksen wurdt en sa sterk is dat er de trêdmole allinne rûngean litte kin. Syn eigner begjint him dan yn te setten as gladiator, en nei't er ûntelbere twagefjochten wûn hat, wurdt er meinommen nei it Easten, dêr't er formele gefjochtstraining kriget fan masters yn 'e kriichskeunsten. Sa leart er net inkeld better hoe't er man-tsjin-mangefjochten winne moat, mar ek hoe't er mei it swurd en oare wapens omgean moat. Dêrnjonken wurdt him skriuwen en lêzen leard, en wurde tsjeppe froulju by him brocht om seks mei te hawwen. Nei't er noch in protte gefjochten wûn en syn eigner ryk makke hat, skinkt dy him syn frijheid.

Conan set ôf werom nei it Westen, mar wurdt op 'e flakten al rillegau neisitten troch in ridel ferwyldere hûnen. Hy siket beskûl op in ienlike rotsformaasje, dêr't er by fersin yn in grêftombe fan in âlde kening rûgelet. Hy stelt it swurd fan 'e kening, wêrmei't er him tsjin 'e hûnen ferdigenje kin. Neitiid doarmet er jierrenlang om en belibbet gâns aventoeren, mar oeral dêr't er komt, freget er oft immen ek it teken fan 'e twakoppige slange boppe de swarte sinne en moanne ken.

Op in dei, as er yn 'e wyldernis ûnderweis is, komt er by de wente fan in tsjeppe frou lâns, dy't him deryn nûget en him fertelt dat se wit wêr't er nei siket en ek wêr't er dat fine kin. Yn ruil foar dy ynformaasje wol se seks mei him hawwe. Dêr hat Conan gjin beswier tsjin, dat se reitsje tegearre op bêd en ûnder it bedriuwen fan 'e leafde fertelt de frou him dat er fine sil wat er siket yn 'e alâlde sted Shadizar yn it lân Zamora. Neitiid besiket se him te fermoardzjen, mar hy smyt har yn it hurdfjoer. Dan docht bliken dat se gjin gewoane minske is, mar in hekse, want se feroaret yn in ljochtsjend stal dat lûd laitsjend fuortflitst. De oare deis ûntdekt Conan bûten de wente fan 'e hekse in man dy't dêr mei keatlings fêstset is. Hy hjit Subotai en is in Hyrkanyske bôgesjitter en dief. Conan befrijt him en de beide mannen jouwe har tegearre ôf.

Conan folget it advys fan 'e hekse op en reizget nei Shadizar, en Subotai, dy't mei him befreone rekket, beselskippet him. As se yn Shadizar nei slangen freegje, wurde se trochwiisd nei de Toer fan 'e Slangen, it pleatslike hillichdom fan in nijeftige kultus om 'e god Set hinne, dy't slangen ferearet. Conan en Subotai geane dêrhinne om yn 'e timpel yn te brekken, mar ear't dat syn beslach krije kin, moetsje se in froulike bandyt, Valeria, dy't itselde fan doel is. Se smite de lapen gear en trijeresom kringe se de timpel yn, dêr't se juwiellen en oare kostberheden út it hillichdom stelle en dêrby in reuseftige slange deadzje dy't harren oanfalt. Conan fynt yn 'e timpel ek in hinger mei de twakoppige slange boppe de swarte sinne en moanne, wat bewiist dat er op juste spoar is.

Nei de súksesfolle ynbraak jouwe de trije dieven har oer oan feestfieren, en Conan rekket mei Valeria op bêd. De oare moarns wurde se lykwols oppakt troch de soldaten fan 'e pleatslike hearsker, de âlde kening Osric, dy't harren ferteld dat er wit wat se dien hawwe om't Rexor, de preester fan Set, by him west hat te kleien. Hy fertelt ek dat Rexor him bedrige mei de gefolgen as er de dieven net te pakken krije soe. Dat is Osric wolfergoed yn it ferkearde kielsgat sketten. Hy moat neat hawwe fan 'e slangekultus, en syn wjersin is noch helte grutter wurden om't syn eigen dochter, de prinsesse, har derby oansletten hat en in fanatyk folgelinge fan 'e hegepreester Thulsa Doom wurden is. Op dit eigenste stuit is hja ûnderweis nei syn Timpel fan Set yn 'e bergen om syn oarehelte te wurden. Osric oerlaadt Conan, Valeria en Subotai mei geskinken en ûnthjit harren noch helte mear as se syn dochter út 'e kloeren fan Thulsa Doom rêde wolle.

As Conan en Valeria op 'e nij tegearre de nacht trochbringe, fertelt sy him dat se smoarfereale op him rekke is en dat se leaut dat hy har wiere leafde is. Se seit ek dat se it der mei Subotai oer hân hat, en dat sy beiden it iens binne: se sille meinimme wat no hawwe en kening Osric en Thulsa Doom yn harren eigen sop gearsiede litte. Conan hâldt him stil, mar motivearre troch syn syktocht nei wraak set er ier de oare moarns allinne ôf nei de Timpel fan Set. Net fier dêr ôf moetet er by guon âlde grêfhichten Akiro, in freonlike tsjoender, dy't him goerie jout. Yn 'e momkape fan in preester fan Set kringt Conan de timpel yn, mar hy wurdt al rillegau opmurken, finzennommen en dêrnei martele. Thulsa Doom sprekt him belearend ta oer de macht fan it fleis, dy't er demonstrearret troch ien fan syn fanatike folgelingen te oarderjen om fan in klif ôf te springen, dat se te pletter falt. Dêrnei jout er opdracht om Conan te krusigjen oan 'e 'beam fan ûnk'.

Conan hinget dêr ferskate dagen oant Subotai him fynt, dy't him tegearre mei Valeria efternei reizge is. Subotai nimt him mei nei Akiro. Tsjin dy tiid is Conan de dea nei-oan, mar de tsjoender ropt geasten op om him te genêzen, al warskôget er dat dy in hege priis easkje sille. Valeria is lykwols ree om eltse priis te beteljen as dat it libben fan Conan rêde sil. Sa't Akiro al sein hie, besykje de geasten Conan te ûntfieren, mar Valeria en Subotai keare dat tsjin, en nei in oerenlange striid wurdt Conan genêzen.

Neitiid kringt Conan mei Subotai en Valeria fia de efterkant yn 'e Timpel fan Set om Osric syn wil te dwaan en de prinsesse te ûntfieren. Binnendoar ûntdekke se in kannibalistysk slachthûs dêr't oanhingers fan 'e kultus tamakke wurde om opiten te wurden troch de lieders. Fierderop, yn in soarte fan troanseal, fine trije dieven de prinsesse oan 'e fuotten fan Thulsa Doom. Se falle oan en deadzje ferskate trewanten fan 'e hegepreester. Conan befjochtet Rexor en Thorgrim, de beide ûnderkommandanten fan Thulsa Doom, mar de sektelieder sels sjocht harren oankommen, feroaret himsels yn in grutte slange, en glûpt fuort. Se naaie út mei de tsjinakseljende prinsesse, mar as se fuortride, sjit Thulsa Doom harren in pylk efternei dy't er makke hat fan in libbene slange. It ding treft Valeria yn 'e side, en se rekket deadlike ferwûne.

Letter stjert hja yn 'e earmen fan Conan, nei't se erkend hat dat dit de priis is dy't betelle wurde moast foar it rêden fan Conan syn libben. Hy kremearret har by de grêfhichten en risselwearret dan mei Subotai en Akiro foar in gefjocht mei Thulsa Doom en syn trewanten, dy't grif it fjoer fan Valeria har brânsteapel sjoen hawwe. Conan bidt ta de Simmearyske god Crom om him syn wraak te jaan. Troch it terrein fan 'e grêfhichten te brûken, dat dreech is foar oanfallers, en teffens troch it gebrûk fan falkûlen en oare falstrikken, witte Conan en Subotai de measte ûnderhearrigen fan Thulsa Doom te deadzjen. Ek Thorgrim komt sa oan syn ein. As Rexor letter op it punt stiet en deadzje Conan, ferskynt Valeria in stuit lang yn 'e foarm fan in wyt ljocht útsmitende walkuere, dy't de deadslach op har skyld opfangt. Dat jout Conan de kâns om wer oerein te klauwen, wêrnei't er Rexor deadet mei syn swurd.

As er al syn mannen kwytrekke is, besiket Thulsa Doom, dy't himsels net yn it striidgewoel weage hat, fan in ôfstân om 'e troch Conan mei keatlings fêstsette prinsesse dea te sjitten mei ien fan syn slangepylken. Har libben wurdt lykwols rêden as Subotai derfoar springt mei syn skyld. Dêrop flechtet Thulsa Doom werom nei syn timpel. De prinsesse, dy't troch it leffe besykjen om har út klearebare wrok dea te dwaan, hommels genêzen is fan har leafde foar de slangekultus, helpt Conan neitiid om op 'e nij yn 'e timpel yn te brekken, dêr't Thulsa Doom op datseldichste stuit syn folgelingen tasprekt. De sektelieder ûntfangt Conan mei iepen earms en besiket him mei syn blik te hypnotisearjen, mar Conan smyt de betsjoening ôf en slacht Thulsa Doom de holle ôf, dy't er dêrnei de folgelingen ûnderoan de treppen tasmyt. De desyllúzjonearre mannichte jout him ôf en rekket fersille. Conan stekt de timpel yn 'e brân en bringt yn 'e mande mei Subotai en Akiro de prinsesse werom by har heit. Yn in voice-over fertelt Akiro dat Conan neitiid noch withoefolle aventoeren belibbe en úteinlik troch syn eigen hân in troan bemachtige en kening fan Aquilonia waard.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise Conan de Barbaar Arnold Schwarzenegger Thulsa Doom James Earl Jones

byrollen personaazje akteur/aktrise Subotai Gerry Lopez Valeria Sandahl Bergman kening Osric Max von Sydow Akiro, de Tsjoender fan 'e Grêfhichten / ferteller Mako Iwamatsu Rexor Ben Davidson Thorgrim Sven-Ole Thorsen de prinsesse, de dochter fan Osric Valerie Quennessen de hekse Cassandra Gava Conan syn heit William Smith Conan syn mem Nadiuska de jonge Conan Jorge Sanz Personaazjes Conan de Barbaar is in ferneamd personaazje út 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard út 'e 1930-er jierren. De optochte wrâld dêr't er yn libbet, hjit it Hyboarysk Tiidrek. Fan 'e 1960-er jierren ôf waard Conan fierder popularisearre yn it wurk fan auteurs dy't Howard syn styl neibearden, lykas L. Sprague de Camp en Lin Carter.

De antagonist út 'e film, Thulsa Doom, is in ferraning fan twa oarspronklike personaazjes út it wurk fan Howard. Syn namme komt fan 'e smjunt út in rige ferhalen dy't net oer Conan de Barbaar geane, mar oer in oare held, Kull fan Atlantis. Fan karakter hat er lykwols mear wei fan Thoth-Amon, in Stygyske tsjoender yn it Conan-ferhaal The Phoenix on the Sword. Foar de slangekultus fan Thulsa Doom putte regisseur John Milius út literatuer oer de Midsiuwske sjiïtyske oarder fan 'e assassinen en de moardnerssekte fan 'e thuggee, dy't Britsk-Ynje oant yn 'e njoggentjinde iuw ûnfeilich makke. Yn 'e ferhalen fan Howard is de ferearing fan 'e god Set, al hoe freeslik oft dy ek is, gjin sekte of kultus, mar ynstee de iuwenâlde steatsgodstsjinst fan Stygia, dat frijwol in teokrasy is.