Marne is in departemint fan de Frânske regio Grutte Easten (Grand Est).
Skiednis
Marne is ien fan de 83 departeminten, dy't op 4 maart 1790 oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje en foarme is út de eardere provinsje Champagne. Oarspronklik bestie it út de seis distrikten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould, Sézanne en Vitry-le-François.YN 1800 waarden fan de seis distrikten de fiif arrondisseminten Châlons-sur-Marne, Épernay, Reims, Sainte-Menehould en Vitry-le-François foarme. It arrondissemint Sainte-Menehould waard yn 2017 weryndield by it arrondissemint Châlons-en-Champagne.
Fan 1960 oant 2015 makke Marne diel út fan de regio Sjampanje-Ardinnen, dy't yn 2016 yn de regio Grutte Easten opgyng.
Geografy It departemint grinzget yn it noarden oan it departemint Ardennes, yn it easten oan it departemint Meuse, yn it súdeasten oan it departemint Haute-Marne, yn it suden oan it departemint Aube, yn it súdwesten oan it departemint Seine-et-Marne en yn it noardwesten oan it departemint Aisne.
Yn it departemint Marne leit de streek Champagne, dy't oer de hiele wrâld bekend is fanwegen de dêr produsearre sjampanje.
Stêden
Neffens ynwennertal binne de grutste stêden fan it departemint: Stêd Ynwennertal 2018 Arrondissemint Reims 182.211 Reims Châlons-en-Champagne 44.246 Châlons-en-Champagne Épernay 22.330 Épernay Vitry-le-François 11.743 Vitry-le-François Tinqueux 10.154 Reims Bétheny 7.039 Reims Cormontreuil 6.488 Reims Saint-Memmie 5.473 Châlons-en-Champagne Fismes 5.560 Reims Mourmelon-le-Grand 5.102 Châlons-en-Champagne Bestjoerlike yndieling It departemint Marne is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 616 gemeenten.
Arrondissemint Ynwenners 01.01.2018 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten Châlons-en-Champagne 108.698 2.616,87 42 5 150 Épernay 118.060 2.726,42 43 5 210 Reims 295.926 1.436,81 206 13 143 Vitry-le-François 44.778 1.416,48 32 14 243 Departemint Marned 567.462 8.196,58 69 23 613 Keppeling om utens
Kategory:Grutte Easten Kategory:Departemint fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1790