Robert E. Howard (folút: Robert Ervin Howard, troch syn fans soms REH neamd; Peaster (Teksas), 22 jannewaris 1906 – Cross Plains (Teksas), 11 juny 1936) wie in Amerikaansk skriuwer fan pulpfiksje yn in ferskaat oan sjenres. Hy is bekend wurden as de geastlike heit fan 'e ferneamde held Conan de Barbaar, hoewol't er folle mear personaazjes betocht, lykas Solomon Kane en Kull fan Atlantis. Howard skreau benammen koarte ferhalen, en njonken syn proaza dichte er ek. Hy wurdt rûnom beskôge as de grûnlizzer fan sword and sorcery, in subsjenre fan 'e fantasyliteratuer, mar hy skreau ek aventoere-, eroatyske, histoaryske, horror-, komyske, misdie-, sport- en westernferhalen. Howard wie hikke en tein yn Teksas en begûn al op jonge leeftyd syn ferhalen te publisearjen. Doe't er tritich jier wie, makke er himsels fan kant nei it ferstjerren fan syn mem. Syn grutste súkses en ynfloed hied er sadwaande postúm.
Libben en karriêre Jonkheid Iere jierren Howard waard yn 1906 berne yn Peaster, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as de soan fan in omreizgjende plattelânske húsdokter fan etnysk Iersk komôf, Isaac Mordecai Howard, en dy syn frou Hester Jane Ervin. Syn iere jonkheid brocht er al omdoarmjend troch mei syn âldelju yn in ferskaat oan feehâlderij- en oaljestedsjes, wêrûnder Dark Valley (1906), Seminole (1908), Bronte (1909), Poteet (1910), Oran (1912), Wichita Falls (1913), Bagwell (1913), Cross Cut (1915) en Burkett (1917).
Yn dy jierren begûn it houlik fan Howard syn âlden stadichoan yn it neigean te reitsjen. Der wiene in protte soargen oer jild, en dy setten Isaac Howard oan om te ynvestearjen yn it iene wurd-fluch-ryk-plantsje nei it oare, ta wanhope fan Hester. Sy kaam op in stuit ta it besef dat se harsels fergoaid hie oan har man. Boppedat beskôge se Isaac as in minne ynfloed op har soan en woe se dat er neat mei de jonge te krijen hie. Hester hie in tige sterke ynfloed op 'e emosjonele en yntellektuele ûntwikkeling fan Robert E. Howard. Hja hie yn har jonkheid foar in hiele rige sike famyljeleden soarge, wêrby't se sels tuberkuloaze oprûn hie. Se brocht har soan in djippe leafde foar poëzij en literatuer by, ûnder mear troch him op deistige basis gedichten foar te lêzen. Ek stipe se letter sûnder ein syn krewearjen om skriuwer te wurden.
Oare iere ûnderfinings fan Howard hiene ek ynfloed op syn lettere skriuwerskip. Hoewol't er goed leare koe en hold fan lêzen, fûn er skoalle eat dat him beheinde en fette er al jong in haat op foar it hearrich wêze moatten oan oare minsken. Ferskate foarfallen wêrby't er narders oan it wurk seach of fan him ôfsloech, makken him dúdlik dat kwea rûnombywêzich wie en wat de wearde wie fan fysike krêft en geweld. As dokterssoan seach er faak it resultaat fan geweld mank folwoeksenen en ek fan ûngemakken op boerespultsjes en yn 'e oaljefjilden. Ferhalen út 'e earste hân oer sjitpartijen, fetes, oerfallen troch Yndianen en gefallen fan lynchen soene letter allegearre yn syn proaza bedarje. Wat sport oanbelange, wie de jonge Howard benammen in fan fan boksen, dat doedestiden yn 'e Feriene Steaten fierwei de populêrste sport wie, mei in folle gruttere ynfloed as tsjintwurdich.
Earste skriuwwurk Howard wie in roppich lêzer en yn 'e mande mei in natuerlik talint foar it skriuwen fan proaza en de oanmoediging fan syn mem en syn leararen skoep dat yn him de winsk om profesjoneel auteur te wurden. Fan njoggenjierrige âldens ôf begûn er koarte ferhalen te skriuwen, foar it meastepart oer Wytsingen, Arabieren, fjildslaggen en bloedferjitten. Ien foar ien ûntdiek er de skriuwers dy't syn lettere wurk beynfloedzje soen: Jack London en syn ferhalen oer reynkarnaasje en eardere libbens, yn 't bysûnder The Star Rover (1915); Rudyard Kipling mei syn ferhalen oer aventoeren yn Britsk-Ynje; en de klassike myten dy't sammele waarden troch Thomas Bulfinch. Syn freonen wiene fan miening dat Howard in fotografysk ûnthâld hie, mei't er harren kear op kear fersteld stean liet mei syn fermogen om mei gemak lange stikken poëzij út 'e holle te learen troch se ien of twa kear oer te lêzen.
Yn 1919, doe't Howard trettjin jier wie, sette Isaac Howard him mei syn húshâlding nei wenjen yn it doarp Cross Plains, yn sintraal Teksas, en dêr soene se de rest fan Howard syn libben bliuwe. Op 17 febrewaris 1920 waard dêr oalje fûn, mei as gefolch dat Cross Plains fan 'e iene op 'e oare dei in boomtown waard, dêr't minsken út alle wynrjochtings op ta kamen. Yn inkele moannen tiid woeks de befolking oan fan 1.500 minsken ta mear as 10.000, wat resultearre yn oerbefolking fan 'e besteande gebouwen, wylst de taname fan it ferkear de ûnferhurde wegen ferrinnewearre en de misdiesifers omheech skeaten. Oan 'e oare kant late de nije rykdom meitiid ek ta gruttere wolfeart, dy't foar de mienskip ta utering kaam yn 'e bou fan in nije skoalle, in iisfabryk en ferskate hotels. Howard hie lykwols in grouwéligen hekel oan 'e oalje-boom en alle folk dat dêrtroch syn om-en-by binnenkrong. Dat kaam net inkeld troch de negative effekten op it doarp, mar ek trochdat oalje-booms de wichtichste reden west hiene foar syn iere swalkersbestean, dêr't er net bliid mei west hie.
Mei fyftjin jier, yn 1921, lies Howard syn earste pulpblêden, yn 't bysûnder Adventure, dêr't de ferhalen fan sokken as Talbot Mundy en Harold Lamb yn ôfprinte waarden. De folgjende jierren skoep Howard it iene nije personaazje nei it oare, en al rillegau bea er sels ferhalen oan om publisearre te wurden yn blêden as Adventure en Argosy. Doe't de ôfwizings har opsteapelen, en hy gjin leararen hie dy't him de kneepkes fan it skriuwersfak bybringe koene, ûntjoech Howard him ta in autodidakt, dy't stelselmjittich de populêre ferhalen fan bekende skriuwers bestudearre en harren neibearde sadat er mear súkses krige.
Yn 'e hjerst fan 1922, doe't er sechstjin jier wie, namen Howard en syn mem tydlik har yntrek yn in hotel yn 'e oan Cross Plains buorjende stêd Brownwood, sadat er oan 'e Brownwood High School syn lêste jier fan fuortset ûnderwiis folgje koe. It wie dêre dat Howard foar it earst leeftydsgenoaten trof dy't deselde belangstellings hiene as hy. De wichtichsten dêrfan wiene Tevis Clyde Smith en Truett Vinson, mei wa't er amateurtydskriften útjoech en lange brieven útwiksele mei poëzij en filosofyske beprakkesaasjes. Fia Vinson rekke Howard belutsen by de skoalkrante, The Tattler ("De Klikspaan"), en yn dat bledsje waarden Howard syn earste wurken ôfprinte. De edysje fan desimber 1922 omfette twa fan syn ferhalen: it westernferhaal Golden Hope Christmas en it komyske West is West.
Howard slagge yn maaie 1923 foar syn eineksamens, en gie doe werom nei Cross Plains. Dêr sette er útein mei in fêst oefeningsrezjym, dat it omhakjen fan ikebeammen omfieme en it ta baarnhout slaan fan 'e omhoude beammen, en fierders training mei gewichten, bokstraining mei in bokssek en springoefenings. Dêrtroch boude er himsels meitiid op fan in meagere opslûpen jonge ta in spierde jongeman. Hy ûnderhold him yn dy tiid as hantsjemuoisfeint yn Cross Plains en omkriten, ek al hied er in hekel oan dat wurk.
Skriuwerskarriêre Begjin Yn 1924 folge Howard yn Brownwood in oplieding stenografy oan it Howard Payne Kolleezje, wêrby't er diskear yn 'e kost gie by yn freon Lindsey Tyson. Hy woe eins letterkunde studearje, mar dat waard him om 'e iene of oare reden net tastien. Syn biograaf Mark Finn hat suggerearre dat syn heit wegere te beteljen foar alles wat gjin beropsoplieding wie. Yn novimber fan dat jier, nei jierren fan ôfwizings, wist Howard einlings en te'n lêsten ien fan syn koarte ferhalen te ferkeapjen (foar de som fan $16) oan in profesjoneel tydskrift. It gie om it hoalebewennersferhaal Spear and Fang, dat yn july 1925 yn it weird fiction-blêd Weird Tales ôfprinte waard.
Howard beskôge dat as it begjin fan syn wiere karriêre, dat oan 'e ein fan it semester briek er syn stúdzje ôf en gied er werom nei Cross Plains. Koarte tiid letter krige er berjocht dat der noch ien fan syn ferhalen, The Hyena, akseptearre wie troch Weird Tales. Yn dyselde snuorje besocht Howard ek foar it earst en skriuw in roman. Dat waard in semy-autobiografysk wurk mei de titel Post Oaks & Sand Roughs, dat er yn 1928 foltôge. Hy modellearre it nei Martin Eden, fan Jack London. It boek wie mar fan midsmjittige kwaliteit en waard pas yn 1990 foar it earst publisearre, mar it wie letter in wiere skatkiste foar Howard syn biografen, omreden fan 'e wiere, persoanlike ynformaasje dy't er deryn fêstlei.
Mei't Weird Tales útbetelle by publikaasje, en de ferkochte ferhalen noch net publisearre wiene, beskikte Howard op dat stuit (desimber 1924) noch net oer jild om himsels fan te ûnderhâlden. Dat ferholp er troch in baan as sjoernalist by de pleatslike krante te nimmen, de Cross Plains Review, dy't him $5 de kolom betelle foar artikels oer oaljenijs. Hy krige dêr yn 1925 dien, wêrnei't er in moanne op it pleatslike postkantoar wurke oant er út himsels opstapte om't it lean him te leech wie. In folgjende baan, by de Cross Plains Natural Gas Company (in ierdgasmaatskippij), kaam al rillegau in ein oan om't er wegere him servyl te hâlden en dragen foar syn baas oer. Nei't er in skoftke fysike arbeid dien hie foar in lânmjitter, fûn er wurk as stenograaf foar in oaljemaatskippij.
Tegearre mei syn freon Tevis Clyde Smith skreau Howard yn 'e 1920-er jierren in protte poëzij. Fan syn hûnderten gedichten waarden lykwols mar inkele tsientallen publisearre yn Weird Tales en in ferskaat oan literêre tydskriften, mei't in protte redakteurs en útjouwers tebekskrillen foar syn ûnderwerpen. Op 't langelêst besleat Howard dat it tiidrôvjende skriuwen fan poëzij in lúkse wie dêr't er yn syn sitewaasje it frij net ta hie, en dat er syn tiid better brûke koe foar it skriuwen fan ferhalen. Sadwaande skreau er nei 1930 net folle gedichten mear. Nettsjinsteande dat naam syn proaza almar mear de foarm fan 'proazapoëzij' oan, mei't er it foltroppe mei dreamerige bylden fan in suver hypnoatyske kwaliteit. Dat joech syn ferhalen in krêft dy't ûntbriek yn 'e measte oare pulpfiksje út syn tiid.
Fierdere ferkeapen fan ferhalen oan Weird Tales wiene sporadysk mar bemoedigjend, en al rillegau ferskynde der geregeldwei wurk fan Howard yn it blêd. Syn earste ferhaal dêr't Weird Tales in byhearrende ôfbylding fan op 'e omslach pleatste, wie Wolfshead, oer De Montour, in Midsiuwske Normandyske wearwolf, yn 'e edysje fan april 1926. Koart dêrnei sei Howard syn wurk as stenograaf op om skinker fan frisdrinken yn Robertson's Drug Store te wurden, dêr't er $80 yn 'e wike mei fertsjinne. Hy hate dat wurk lykwols, en skreau neitiid eltse dei fan 'e wike oant djip yn 'e nacht, wêrmei't er himsels úteinlik siik makke fan sliepgebrek. In befreone oaljeman naam him mei nei it Neeb Ice House, dêr't (ûnder de Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten) temûk sterke drank skonken waard. Howard begûn ek diel te nimmen oan bokswedstriden. Fral dat lêste waard in wichtich ûnderdiel fan syn libben, mei't it him in útlaatklep joech om syn frustraasjes en lulkens ôf te reägearjen.
Sword and sorcery
Yn augustus 1926 joech Howard syn útputtende baan by de drogisterij oer en in moanne letter gied er wer nei Brownwood, diskear om in oplieding boekhâlden te folgjen. Yn augustus fan dat jier begûn er ek te wurkjen oan The Shadow Kingdom, ien fan 'e wichtichste ferhalen fan syn karriêre. Wylst er wer oan it Howard Payne Kolleezje studearre, skreau Howard foar de universiteitskrante, The Yellow Jacket ("De Giele Omslach"). Dêryn waard û.m. syn ferhaal Cupid vs. Pollux ôfprinte, in komysk teltsje dat lykwols syn ierste (oerlibjende) beskriuwing fan in bokswedstryd befettet. Letter rekke er oanhelle mei de mûzels, sadat er nei hûs moast om op te betterjen. Dêrtroch moast er de oplieding letter op 'e nij folgje. Yn maaie 1927 slagge er foar it eksamen.