De Sint-Taurinustsjerke (Frânsk: Église Saint-Taurin) is in oan Sint-Taurinus wijde tsjerke yn 'e Normandyske stêd Évreux. De tsjerke is sûnt 1840 in histoarysk monumint.
Skiednis De tsjerke makke foarhinne diel út fan 'e eardere benediktynske abdij fuort westlik fan it stedssintrum fan Évreux yn in gebiet dat troch de kanalen fan 'e Iton trochkrúst waard.
Neffens de leginde fan Sint-Taurinus waard it grêf fan 'e biskop yn 'e 6e iuw ûntdutsen troch biskop Landulf, dy't op it plak in houten kapel boud hawwe soe. De kapel waard yn 'e tiid fan 'e ynvaazjes fan 'e Wytsings tsjin 'e ein fan 'e 9e iuw ferneatige. thumb|left|15e-iuwsk raam fan 'e ferkundiging fan 'e berte fan Taurinus oan syn mem Eusticie.
Richard I fan Normandje (943-996) stifte in oan 'e hillige biskop wijde abdij. Yn 'e tiid fan 'e konflikten tusken de hartoggen fan Normandje (dy't keningen fan Ingelân waarden) mei de keningen fan Frankryk soe de abdij in soad te lijen krije mei geweld en ferneatiging. Yn 1195 by de oermastering fan 'e stêd troch Filippe Auguste baarnde de abdij tegearre mei de rest fan 'e stêd Évreux ôf en moast de abdij wer hielendal op 'e nij opboud wurde.
Yn 'e Frânske Revolúsje waarden de muontsen út 'e abdij ferdreaun. Ien muonts waard troch de revolúsjonêre autoriteiten mei nei Parys nommen en dêr eksekútearre. De tsjerke waard ûntwijd en brûkt foar opslach fan salpeter. De tsjerke waard yn 1801 as parochytsjerke werom jûn oan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke as ferfanging fan 'e Sint-Egidiustsjerke (Église Saint-Gilles), dy't doe op it tsjerkhôf stie dat hjoed-de-dei it Place Saint-Taurin is.
Arsjitektuer It koer fan e tsjerke is 15e-iuwsk en goatysk, wylst it skip in mingeling fan stilen sjen lit. De pylders fan arkades nei it noardlik sydskip binne noch romaansk, oare dielen binne goatysk, lykas it ferwulft út 'e 15e iuw en de spitsbôgen nei it súdlike skip. Ek de renêssânse is dêr fertsjintwurdige.
De 18e-iuwske troch de Mauristen boude gevel fan 'e tsjerke is klassisistysk. Nijsgjirriger is it 13e-iuwske súdlike portaal, dat oan it plein grinzget. It hat in timpaan dat Kristus mei de evangelisten foarsteld. De bylden fan it portaal binne skeind, of dat troch protestanten of troch revolúsjonêren barde is net bekend.
Ramen thumb|left|13e-iuwske skryn fan Sint-Taurinus. De tsjerke hat yn it koer noch 15e-iuwske ramen mei foarstellings fan Sint-Taurinus, dy't de oankundiging fan syn berte, syn doop en syn oankomst yn Évreux foarstelle. De twa grutte ramen fan it koer binne ek 15e-iuwsk en stelle de dea fan Marije en de Himelfeart foar. Yn 'e súdlike earm fan it dwersskip is noch in 15e-iuwsk raam mei in biskop en de hilligen Kararina, Augustinus, Ambrosius en Joaris.
Skryn De tsjerke besit in fan hout en sulver makke skryn út 'e 13e iuw, dy't mei bledgoud belein is. De skryn is fersierd mei legindaryske foarstellings út it libben fan Sint-Taurinus, earste biskop fan Évreux.
Oargel It oargel datearret fan 1842 en waard troch Callinet en Daublaine boud. Alfred Kern restaurearre it ynstrumint yn 1974.
Kategory:Évreux Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út de 10e iuw