Saint-Pierre-sur-Dives is in plak en eardere gemeente yn it Frânske departemint Calvados yn 'e regio Normandje. Saint-Pierre-sur-Dives makket diel út fan it arrondissemint Lisieux.
De gemeente Saint-Pierre-sur-Dives waard op 1 jannewaris 2017 mei tolve oare gemeenten (Boissey, Bretteville-sur-Dives, iéville, Mittois, Montviette, Ouville-la-Bien-Tournée, Sainte-Marguerite-de-Viette, Saint-Georges-en-Auge, L’Oudon, Thiéville, Vaudeloges en Vieux-Pont-en-Auge) gearfoege ta de nije gemeente Saint-Pierre-en-Auge.
Binnen de grinzen fan it doarpsgebiet fan Saint-Pierre-sur-Dives leit súdlik fan it plak oan 'e D511 it buorskip Carel. Oant 1845 wie dat in selsstannige gemeente. Yn Carel stiet in 17e-iuwsk château mei in dowetoer út 'e 16e iuw.
Befolkingsûntwikkeling fan de eardere gemeente Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2007 2018Ynwennertal 3.356 3.765 4.274 4.506 3.993 3.977 3.636 3.373
Histoaryske monuminten Abdij fan Saint-Pierre-sur-Dives, 11e iuw oant earste helte fan 'e 18e iuw Oerdutsen merkhal, 15e iuw Manoir fan Thomas Dunot, 17e iuw Cour d'Elu, 16e iuw Château de Carel mei stiennen dowetille, 16e-18e iuw
Ofbylden
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Calvados