American Pie 4: Reunion, ek bekend as American Pie: Reunion en American Reunion, is in Amerikaanske komeedzjefilm út 2012 ûnder rezjy fan Jon Hurwitz en Hayden Schlossberg, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Alyson Hannigan, Seann William Scott, Eugene Levy, Chris Klein, Thomas Ian Nicholas en Eddie Kaye Thomas. De film kin klassifisearre wurde as in gross-outkomeedzje, mei grappen dy't foar it meastepart geane oer seksualiteit, sjenante sitewaasjes en fize dingen. American Pie 4: Reunion is it fjirde diel fan 'e American Pie-filmsearje. It ferhaal folget de âlde haadpersoanen út 'e earste trije dielen as se trettjin jier letter weromkeare nei it plak dêr't se opgroeid binne foar in reüny fan 'e middelbere skoalle. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.

Plot Trettjin jier nei't se fan 'e middelbere skoalle kommen binne, liede Jim Levenstein, Oz Ostreicher, Kevin Myers, Paul Finch en Steve Stifler allegear har eigen libbens en hawwe se noch mar selden kontakt mei-inoar. Jim wennet yn Chicago en is noch altyd lokkich troud mei Michelle, mei wa't er in twa jier âlde soan hat dy't Evan hjit. Se binne o sa bliid mei it jonkje, mar it is wol in hannebinerke, en sadwaande hawwe Jim en Michelle al yn gjin moannen mei-inoar op bêd west. Eltse kear as se oerdeis wat wolle, wurde se ûnderbrutsen troch Evan, en jûns as se op bêd reitsje, binne se te wurch om noch wat oars te dwaan as fuortendaliks yn 'e sliep te fallen. De oplossing, sawol fan Jim as fan Michelle, is om werom te fallen op masturbaasje om oan har gerak te kommen, wat ek net altyd goed giet.

Oz wurket as sportferslachjouwer yn Los Angeles, dêr't er gearwennet mei syn freondinne Mia, dy't model is. Hja is tige kreas, mar ek frijwat wyld; suver wat té wyld foar Oz syn smaak. Kevin is arsjitekt wurden en hy is troud mei in Ellie. Om't hy fan hûs út wurket en sy net, is hy tige belutsen by it berêden fan 'e húshâlding, eat dêr't syn maten frijwat de gek mei hawwe. Kevin hâldt fan Ellie, mar hy is hiel sterk ta oan in wykeintsje út mei de jonges ûnderinoar. Finch hinget allegear wylde ferhalen op oer syn wrâldreizen en ûnwierskynlike aventoeren, mar hy hat noch altyd net de wiere fûn (as men Stiflers mem teminsten net meirekkenet). Stifler sels hat in fleksbaan by in ynvestearringsbedriuw, dêr't er oanhâldend it slachtoffer is fan fernederjend praat fan yn wurkjouwer, Prateek Duraiswamy.

De fiif mannen sjogge inoar wer as harren âlde klasgenoat John, de iene helte fan it âlde MILF-duo, in reüny fan 'e middelbere skoalle organisearret yn harren âlde wenplak East Great Falls yn 'e steat Michigan. Jim en Michelle geane mei de lytse Evan te útfanhûzjen by Jim syn heit Noah, dy't trije jier lyn de frou ferlern hat en widner wurden is. Dyselde sit noch altyd like fol mei sjenante advizen oer seks as foarhinne, en hy besiket Jim en Michelle út 'e swierrichheden yn harren relaasje te helpen troch te fertellen wat hy en Jim syn mem foarhinne útfûnen om seks te hawwen efter Jim syn rêch om (wat Jim hielendal net witte wol). As Jim de bagaazje út 'e auto hellet, moetet er Kara, it lytse buorfamke dêr't er as jonge wol op past hat. Hja is no net sa lyts mear, en de seksueel frustrearre Jim fielt fuortendaliks in grutte seksuele oantrekking ta it tsjeppe fanke. Kara sil moarn achttjin jier wurde, en nûget him út op har jierdeisfeest. Jim hâldt lykwols de boat ôf.

Yn 'e kroech dêr't Jim mei Oz, Kevin en Finch ôfsprutsen hat, blykt Selena, dy't mei Michelle op it muzykkorps fan 'e middelbere skoalle sitten hat, te wurkjen as barkeeper. Stifler, dy't net troch Jim-en-dy útnûge is, sjocht harren tafallich as er nei syn deprimearjende wurk yn 'e kroech komt om him te bedrinken. Jim makket him wiis dat se him wol útnûge hiene, mar dat se syn efternamme mei twa f-en stavere hiene en dat er dêrom it e-mailberjocht net ûntfongen hat. Stifler liket dy útlis te leauwen. Hy jout him foar it wykein by de oare fjouwer mannen. De oare deis giet de hiele groep nei it strân fan 'e Michiganmar, dêr't de mannen de eagen suver net ôfhâlde kinne fan Oz syn freondinne Mia yn bikiny. Oz sels hat lykwols mear belangstelling foar syn âlde flam fan 'e middelbere skoalle Heather, dy't ek op it strân is mei har freon, in ferfelende kardiolooch dy't graach "dokter Ron" neamd wurde wol. Underwilens moetet Kevin syn âlde flam Vicky.

As in pear klierige jonges de bikinytopkes fan in stikmannich sinnebaaiende froulju stelle, ûnder wa Mia, geane Jim, Oz, Kevin, Finch en Stifler derefteroan om kalm mei harren te praten. De trije jonges, mei as lieder A.J., it freontsje fan Kara, is lykwols net mei te redendielen. Se springe op harren jetskys en spuitsje de fiif mannen dweiltrochwiet mei wetter foar't se oer de mar ôfsette. Stifler, dy't foarhinne persiis sokke keunsten hie, wit lykwols krekt wêr't se hinne geane, en hy nimt de oare fjouwer mannen op sleeptou mei. Wylst de oaren út it strewelleguod wei tasjogge, makke Stifler temûk in tou fêst oan 'e jetskys, stelt in fleske bier út 'e kuolboks fan 'e jonges en lit dan de broek sakje en skyt de hiele kuolboks fol. As de jonges dat ûntdekke, hat Stifler ûnderwilens it tou oan 'e lûkheak fan 'e auto fêstmakke, en as hy en de oaren útnaaie, wurde de jetskys meisleept en dêrby finaal stikkenslein tsjin 'e beammen oan. Dat giet de oaren eins fierstente mâl; dit soarte nuvere opstigings wie no krekt wêrom't Jim-en-dy Stifler net útnûge hiene.

Dyselde jûns geane de mannen nei de wetterfal dêr't East Great Falls nei ferneamd is, dêr't in feest fan learlingen fan 'e middelbere skoalle oan 'e gong blykt te wêzen. It is Kara har jierdeisfeest, en se is alhiel yn 'e wolkens dat Jim dochs kommen is. Jim wol sa gau mooglik wer fuort, mar Stifler, dy't it wol sitten sjocht om it mei skoalfamkes oan te lizzen, twingt him om te bliuwen. As Kara dronken rekket, riidt Jim har yn har eigen auto nei hûs. Dan docht bliken wêrom't Kara sa bliid wie dat er op har jierdei kommen wie, want se bychtet op dat se al as bern smoarfereale op him wie. Se strûpt har jurkje út en smyt dat út 'e auto en besiket Jim dan topless te ferlieden. Jim wit har mar kwealk tsjin te kearen en tagelyk de auto op 'e dyk te hâlden. Hy skillet syn maten op om him te helpen it topless famke yn 'e hûs te bringen sûnder dat har âldelju it merke. Wylst Oz, Finch en Stifler de heit en mem fan Kara ôfliede, slagget it Jim úteinlik, nei witwat healwizichheden, om har temûk nei har keamer te bringen.

De oare deis wurdt Kevin, dy't net te finen wie doe't Jim om help belle, neaken wekker op bêd njonken Vicky. Hy nimt daliks oan dat er dronken rekke is en dat se seks hân hawwe. Mei't er lokkich troud is, fielt er him dêr wakker skuldich oer. Stifler ûntfangt in tillefoantsje fan syn baas Duraiswamy dat er dy sneins op kantoar komme moat foar in haastputsje. As Stifler útleit dat er dan net kin om't dy deis de reüny fan syn middelbere skoalle holden wurdt, seit Duraiswamy dat him dat gjin reet skele kin en dat Stifler der snein mar better wêze kin as er syn baan hâlde wol. Jim fynt dat syn heit nei trije jier widnerskip wer ris op in ôfspraakje moat, om't er net bêst de rest fan syn libben allinne bliuwe kin. Syn heit is skruten om wer oan soks te begjinnen. Jim helpt him om in profyl oan te meitsjen foar in datingsite op it ynternet.

Dy jûns is der in feest dat Stifler yn syn âldershûs organisearret. Jim en Michelle hawwe Evan by Michelle har beppe brocht, dat se nimme Jim syn heit mei op sleeptou. Op it feest wurdt Jim syn heit dronken fierd troch Stifler, wêrnei't er in keamer ynstrompelet dêr't Stiflers mem op 'e bank foar de tillefyzje sit. Hy rekket mei har oan 'e praat en se foarmje in bân troch it útwikseljen fan sjenante ferhalen oer de seksuele kaprioalen fan harren soannen. Underwilens lizze Finch en Selena it mei-inoar oan en begjinne te tútsjen. Kevin konfrontearret Vicky mei de nacht dy't se tegearre trochbrocht hawwe, mar sy fertelt him dat er smoardronken rekke en yn 'e poel by de wetterfal knoffele wie, en dat se him inkeld in sliepplak foar de nacht bean hat. Se is kwetst dat er tinkt dat sy misbrûk meitsje soe fan syn dronkenskip om seks mei him te hawwen, wylst se wit dat er lokkich troud is.

Mia nimt ecstasy yn, wylst dokter Ron Oz fernederet. Heather skammet har foar it hâlden en dragen fan har freon, en as se Oz treastget, bychtet dy op dat er noch gefoelens foar har hat en tutet er har. Jim en Michelle hawwe jierren lyn foar de earste kear seks hân op in oar feest fan Stifler, en Michelle hat it har yn 'e holle helle dat it in goed idee is om dat no ek wer te dwaan. Se bringt dêrom de kostúms fan in sekssaaf foar Jim en in dominatriks foar harsels mei, en lit Jim him yn in sliepkeamer omklaaie wylst sy earne oars itselde docht. Ear't Michelle weromkomme kin, dûkt Kara lykwols op, dy't noch altyd seks hawwe wol mei Jim en boppe-op him krûpt op it bêd. Wylst er har fan him ôf besiket te krijen, komt Michelle werom en sjocht harren tegearre. Michelle rint lulk fuort, mei Jim efter har oan en Kara efter Jim oan. Bûtendoar, yn it folle sicht fan alle feestfierders, rekket Jim slaande deilis mei Kara har freontsje A.J. en syn maten. Kevin, Oz, Finch en Stifler komme Jim te help en der ûntstiet in grutte fjochtpartij dy't duorret oant al hiel gau de plysje opdaagjen komt.

It docht lykwols bliken dat de plysje net kommen is om in ein oan 'e slaanderij te meitsjen, mar om Finch op te pakken foar it stellen fan 'syn' motorfyts. Underwilens besiket Jim oan Michelle út te lizzen dat der tusken him en Kara neat foarfallen is, wêrby't er ûnder mear útropt dat er neat om Kara jout. Dat makket dat Kara har yn triennen ôfjout. Michelle is bot teloarsteld yn Jim, net om't se him fan oerhoer fertinkt, mar om't er de hiele ynteraksje mei Kara foar har ferburgen besocht te hâlden. Se giet lulk fuort en seit dat se by har beppe útfanhûzje sil. As Finch yn hânboeiens troch de plysje ôffierd wurdt, fynt Stifler dat in moaie bak. Hy is fan miening dat er no einlings foldwaning kriget foar it feit dat Finch jierren lyn ferskate kearen seks hân hat mei syn mem. Lulk oer syn ûnfolwoeksenens en ûnrjochtlik ferlet fan wraak sizze Jim, Oz en Kevin him it mannewaar op. Stifler makket dúdlik dat er gjin momint it ferlechje oer it misstavere e-mailberjocht leaud hat en wiist derop dat sy ek freonen fan neat binne as se in maat stikke litte. Dêrop sizze de oaren dat Stifler mei syn kruë en ûnfolwoeksen hâlden en dragen de boel yn 'e bulten jaget; dat hat altyd sa west en dat is no noch sa, en it is de reden dat se him nea lije meien hawwe. Dat komt Stifler rou op it dak. Hy kriget goed de pest yn en beëiniget it feest.

Op 'e reüny is Stifler net oanwêzich. Finch, dy't wol opdaagjen komt, blykt troch syn mem op boarchtocht frijkocht te wêzen. Hy bychtet oan Jim, Kevin en Oz op dat al syn grutte ferhalen út 'e tomme sûgd wiene, en dat er eins winkelbetsjinde is yn in kantoarboekhannel. De motor hied er út lulkens fan syn baas stellen doe't in ûnthjitten opslach fan syn salaris net trochgie. De fjouwer mannen sykje Stifler op syn wurk op, dêr't se har mei him fermoedsoenje. Se konkludearje dat er "miskien in lul" is, mar dat er "harren lul" is. As Prateek Duraiswamy opdaagjen komt, trapet Stifler, dy't no wer hielendal de âlde is, him ferbaal hielendal de grûn yn, foar't er ûntslach nimt en de man hjit dat er better oan 'e gong gean kin, om't hy (Stifler) gjin idee hie wat er oan it dwaan wie mei it oerwurk, sadat it allegear op 'e nij barre moat. Werom op 'e reüny leit Kevin it by mei Vicky, wylst Finch oan Selena opbychtet dat alles wat er har ferteld hat ien grutte leagen wie. Foar har is lykwols it wichtichste dat Finch op 'e middelbere skoalle, doe't Selena noch in ûnsjoch pykje wie, har as ien fan 'e iennichste jonges net negearre hat.