Paus Adeodatus II (berne yn Rome; ferstoarn yn Rome op 17 juni 676) wie fan 11 april 672 oant 17 juny 676 biskop fan Rome.
Libben Adeodatus II wie in soan fan in sekere Jovinianus en libbe as benediktynske muonts yn it Romeinske kleaster fan Sint-Erasmus op de Coelius. Op 11 april 672 folge hy Fitalianus op as paus. Syn ferkiezing waard in pear wike letter ratifisearre troch de eksarch fan Ravenna, lykas wenst yn de tiid fan it byzantynske pausdom. Yn dy tiid wie Adeodatus al in âld man.
Pontifikaat Oer it pontifikaat fan Adeodatus II is mar in hiel lyts bytsje bekend. It foel tegearre mei in weach fan omtinken foar paus Martinus I en Maksimus de Belider, dy't alle twa bekend stiene fanwegen harren wjerstân tsjin it monoteletisme. Yn it ljocht dêrfan fersmiet paus Adeodatus de synoadyske brieven dy't patriarch Konstantyn I fan Konstantinopel him stjoerd hie.
Paus Adeodatus II wijde syn regear oan de restauraasjes fan brekfallige tsjerken. Somtiden wurdt er hillich neamd en syn feestdei soe op 26 juny falle, mar dêr bestiet ferskil fan miening oer. Syn pontifikaat hie net in soad ynfloed op de wrâld. Hy ferstoar op 17 juny 676 en waard opfolge troch Donus.
Kategory:Paus Kategory:Italjaansk biskop Kategory:Benediktyn Kategory:Persoan berne yn de 7e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 676