Tessaloniki (Gryksk: Θεσσαλονίκη, Thessaloníki, útspr.: [θɛsaloˈniːki], likernôch: "zes-sa-lo-nii-ky, ), ek wol ferkoarte ta Saloniki en histoarysk ek bekend as Tessalonika (bibelsk) en Salonika, is de op ien nei grutste stêd fan Grikelân (nei Atene). It is de haadstêd fan 'e tradisjonele regio Gryksk-Masedoanje, de bestjoerlike regio Midden-Masedoanje en ek fan it Desintralisearre Bestjoer fan Masedoanje en Traasje.

Tessaloniki leit oan 'e Termayske Golf, in baai oan 'e noardlike kust fan 'e Egeyske See yn it Grykske diel fan it histoaryske Masedoanje, dêr't de rivier de Axios yn see útmûnet. De stêd waard yn 315 f.Kr. stifte en ferneamd nei Tessalonike fan Masedoanje, de suster fan Aleksander de Grutte. Yn 'e Romeinske Tiid wie it in wichtige stêd, dêr't al ier in kristlike gemeente stifte waard. Yn it Byzantynske Ryk wie it de op ien nei grutste en rykste stêd nei Konstantinopel, en ek yn it dêropfolgjende Osmaanske Ryk spile Tessaloniki in rol fan belang. Nei krapoan fiif iuwen ûnder Osmaansk bewâld west te hawwen, kaam de doe multy-etnyske stêd yn 1912 by Grikelân te hearren. Anno 2011 hie Tessaloniki as stêd in befolking fan 325.000 minsken, wylst yn 'e hiele stêdekloft mear as 1 miljoen lju wennen.

Geografy Tessaloniki leit yn it noarden fan Grikelân, oan 'e súdkust fan Gryksk-Masedoanje, dy't tagelyk de noardkust fan 'e Egeyske See is. Mear sekuer leit de stêd oan 'e eastkant fan 'e Termayske Golf, in baai dy't yn it noardwesten fan 'e Egeyske See yn it lân opsnijt. De stêd leit oan 'e noardeastkant fan it grutte Chalkidike-skiereilân, dat nei it suden ta yn 'e Egeyske See útstiket. As gemeente hat Tessaloniki in oerflak fan 19,3 km²; de hiele stêdekloft beslacht in gebiet fan 1.286 km². Yn it noardwesten wurdt de stêdekloft begrinzge troch de mûning fan 'e rivier de Axios (dy't fierder noardlik op 'e Balkan bekend stiet as de Vardar), en yn it súdeasten troch de berch de Chortiatis. De neite ta dy berch en oanbuorjende bergen en heuvels, dy't in geologyske brekline markearje, makket dat Tessaloniki bleat stiet oan ierdbevings.

Skiednis Aldheid Tessaloniki waard yn 315 f.Kr. stifte op of deunby it plak fan 'e eardere stêd Terma troch kening Kassander fan Masedoanje, ien fan 'e generaals en opfolgers fan Aleksander de Grutte. Hy ferneamde de nije stêd nei syn frou, Tessalonike fan Masedoanje, de dochter fan kening Filippus II, dy't de healsuster fan Aleksander wie. Yn 'e tiid fan it Keninkryk Masedoanje hie Tessaloniki selsbestjoer en woeks it út ta de wichtichste stêd fan it ryk.

Nei de fal fan it keninkryk yn 168 f.Kr. kaam Tessaloniki ta it Romeinske Ryk te hearren en waard it yn 148 f.Kr. de haadstêd fan 'e Romeinske provinsje Masedoanje. Under it regear fan Markus Antonius wie it yn 41 f.Kr. in frije stêd fan 'e Romeinske Republyk. Yn 'e Romeinske Tiid groeide Tessaloniki ek út ta in wichtich hannelsknooppunt troch syn posysje oan 'e Via Egnatia, dy't Dyrrachium oan 'e Adriatyske See ferbûn mei Byzantium oan 'e Bosporus. Dêrnjonken lei de stêd ek oan 'e hannelsrûte dy't fan noard nei súd oer de Balkan rûn, fia de dellingen fan 'e Morava en de Vardar.

Om likernôch it jier 50 hinne wie Tessaloniki ien fan 'e iere sintra fan it kristendom, dat dêr neffens it boek Hannelingen fan 'e Apostels, út it Nije Testamint fan 'e Bibel, brocht waard troch de apostel Paulus op syn twadde sindingsreis. Letter skreau Paulus twa brieven oan 'e kristlike gemeente yn 'e stêd, dy't as it Earste Brief oan 'e Tessalonikers en it Twadde Brief oan 'e Tessalonikers opnommen waarden yn 'e kanon fan it Nije Testamint. De patroanhillige fan Tessaloniki is de hillige Demetrius, dy't yn 306 as martelder foar it kristlik leauwe ombrocht waard yn opdracht fan keizer Galearius.

Yn 379, doe't de Prefektuer Illyrikum ferdield waard tusken it Eastromeinske en it Westromeinske Ryk, waard Tessaloniki de haadstêd fan it diel dat by it Eastromeinske Ryk kaam te hearren. It jiers dêrop waard troch it saneamde Edikt fan Tessaloniki it kristendom ta de steatsreligy fan it Romeinske Ryk makke. Yn 390 waard troch Goatyske soldaten ûnder keizer Teodoasius I it Bloedbad fan Tessaloniki oanrjochte ûnder de bewenners fan 'e stêd, mei't dyselden tsjin him yn opstân kommen wiene.

Yn it Byzantynske Ryk Tsjin 'e tiid fan 'e Fal fan it Westromeinske Ryk, yn 476, wie Tessaloniki mei sa'n 150.000 ynwenners útwoeksen ta de op ien nei grutste, rykste en wichtichste stêd fan it Eastromeinske Ryk. Dy posysje behold de stêd yn 'e iuwen dêrnei, doe't it Eastromeinske Ryk troch it ferlies fan 'e bân mei Rome bekend kaam te stean as it Byzantynske Ryk. Tessaloniki ferfolle yn dat ryk de funksje fan alternative of twadde haadstêd nei Konstantinopel (Byzantium). De stêd wurdt dêrom tsjintwurdich yn it Gryksk noch wol η Συμπρωτεύουσα (i Simprotévousa) neamd, letterlik "de Mei-Haadstêd".

Yn 'e sechsde en de sânde iuw krongen de Pannoanyske Avaren en de Slaven yn Masedoanje troch en belegeren ferskate kearen om 'e nocht Tessaloniki. Fral de Slaven setten har neitiid yn it efterlân fan Tessaloniki nei wenjen en ûntjoegen har dêr ta de hjoeddeistige Masedoanjers en Bulgaren. Yn 'e njoggende iuw skepen de Grykske sindelingen Syrillus en Metoadius, dy't allebeide út Tessaloniki kamen, de earste Slavyske skriuwtaal troch it Syrillysk skrift te ûntwikkeljen foar wat it Aldtsjerkeslavysk kaam te hjitten, mar dat nei alle gedachten gewoan it pleatslike Slavyske dialekt wie dat yn 'e neite fan harren wenplak sprutsen wie en dêr't se sadwaande bekend mei wiene.

Yn 904 waard Tessaloniki plondere troch Byzantynske bekearlingen ta de islaam, dy't fan see ôf de stêd oanfoelen. Yn 1204, doe't Konstantinopel ûnder de Fjirde Krústocht yn 'e hannen foel fan Westjeropeeske krúsfarders, waard Tessaloniki haadstêd en sintrum fan it Keninkryk Tessaloniki, in krúsfarderssteat dy't dêrnei de grutste en wichtichste fazalsteat wie fan it Latynske Ryk dat de krúsfarders yn Konstantinopel stifte hiene. Yn 1224 waard it Keninkryk Tessaloniki ûnder de foet rûn troch it Despotaat Epirus, in restant fan it Byzantynske Ryk ûnder Teodoarus Komnenos Doukas, dy't himsels dêrop ta keizer kroane fan it Keizerryk Tessaloniki. Nei Teodoarus syn nederlaach yn 'e Slach by Klokotnitsa, yn 1230, waard syn keizerryk in fazalsteat fan it Twadde Bulgaarske Ryk, oant it yn 1246 weromwûn waard troch de Byzantynske Griken fan it Nikeeske Ryk, dêr't neitiid it Byzantynske Ryk wer út opboud waard.

Yn 1342 foel Tessaloniki yn 'e hannen fan 'e saneamde seloaten fan Tessaloniki, in anty-aristokratyske partijskip, besteande út seelju en de earmen. Neitiid waard de stêd in republyk en wied er frijwol ûnôfhinklik fan 'e rest fan it Byzantynske Ryk, oant de seloaten yn 1350 ferslein waarden. Inkele jierren letter krigen de Osmaanske Turken mei de ferovering fan it Gallipoli-skiereilân yn 1354 foar it earste foet oan 'e grûn yn Jeropa. Neitiid setten se útein mei in stadige ferovering fan it Jeropeeske diel fan it Byzantynske Ryk. Tessaloniki foel nei in belis fan fjouwer jier yn 1387 yn Osmaanske hannen.

Nei't de Osmaanske Turken lykwols yn 1402 yn 'e Slach by Ankara in ferpletterjende nederlaach lit hiene tsjin 'e kriichshear Timoer Lenk, wêrby't sultan Bayezid I kriichsfinzen nommen waard, koene de Byzantinen fan in opfolgingsstriid mank Bayezid syn soannen gebrûk meitsje om by it Ferdrach fan Gallipoli Tessaloniki en it Chalkidike-skiereilân werom te krijen. Doe't der ûnder Mehmed I wer ienheid mank de Turken kaam, setten hja harren opmars op 'e Balkan fuort. Yn 1422 sloegen se op 'e nij belis foar Tessaloniki. Om Westerske help te krijen, stie de Byzantynske prins Androanikus Palaiologos, dy't as despoat oer de stêd regearre, Tessaloniki yn 1423 ôf oan 'e Republyk Feneesje. De Fenesianen ferdigenen de stêd oant dy op 29 maart 1430 kapitulearje moast foar de oermacht fan 'e Osmaanske sultan Moerad II. Nei de fal fan Tessaloniki soe, neffens doetiidske boarnen, likernôch in fyfdepart fan 'e befolking fan 'e stêd as slaaf fuortfierd wêze.

Yn it Osmaanske Ryk Under it Osmaanske Ryk behold Tessaloniki lykwols syn posysje as hannelsknooppunt en bestjoerssintrum. Oant 1826 wie it de haadstêd fan 'e Sandjak fan Selânik, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Eyalet Roemeelje (de Balkan). Neitiid wie it de haadstêd fan 'e Eyalet Selânik en fan 1867 oant 1912 fan 'e Vilayet Selânik.

By de Osmaanske ferovering fan Tessaloniki waard de stêd fierhinne troch etnyske Griken bewenne. Yn 'e folgjende iuwen feroare de gearstalling fan 'e befolking lykwols yngeand. Der setten har in protte etnyske Turken yn Tessaloniki nei wenjen en lytsere oantallen etnyske Bulgaren en Albanezen. Neffens de Osmaanske folkstelling fan 1478 hie Selânik, sa't de Turken Tessaloniki neamden, 6.094 Gryksk-otterdokse húshâldings (meast Griken, mar ek guon Bulgaren) en 4,320 islamityske húshâldings (meast Turken, mar ek guon Albanezen en ta de islaam bekearde Griken en Bulgaren). Der waarden doe gjin joaden yn 'e stêd teld, wat suggerearret dat de Joadske mienskip dy't Tessaloniki yn 'e Romeinske Tiid hân hie, tsjin dy tiid folslein ferdwûn wie.

Koarte tiid letter emigrearren der lykwols hast 20.000 Sefardyske Joaden fan it Ibearysk Skiereilân nei de Grykske dielen fan it Osmaanske Ryk, nei't dyselden yn 1492 troch it Alhambradekreet fan Isabella I fan Kastylje en Ferdinand II fan Aragon út 'e Spaanske Keninkriken ferballe wiene. In protte fan harren setten har nei wenjen yn Tessaloniki. Yn 1500 waarden der yn 'e stêd 7.986 Gryksk-otterdokse húshâldings teld, 8.575 islamitysken en 3.770 joadsken. Tsjin 1519 wiene der 15.715 joadske húshâldings yn Tessaloniki, en foarmen de Sefardyske Joaden de grutste etnyske groep yn 'e stêd. Tessaloniki wie sadwaande doedestiden sawol de grutste Joadske stêd fan 'e wrâld as de iennichste stêd yn 'e wrâld dêr't de Joaden de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Dêrtroch waarden noch wer mear Joaden oanlutsen út oare gebieten, dêr't se ûnderdrukt waarden.

Doe't yn 1821 de Grykske Unôfhinklikheidsoarloch útbriek, liet Yusuf Bey, de Osmaanske gûverneur fan Tessaloniki, fjouwerhûndert etnyske Griken út 'e stêd yn 'e hechten nimme as gizelders. Nei't der yn 'e doarpen op it Chalkidike-skiereilân rebûlje útbrutsen wie, liet Yusuf de helte fan dy gizelders ôfslachtsje. Dêrmei waard oan 'e Grykske mienskip yn Tessaloniki in slimmen slach tabrocht, dy't dy pas tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw te boppen komme soe.

Yn dyselde snuorje wie Tessaloniki in wichtich bolwurk fan 'e janitsaren, in ynfanterykorps fan it Osmaanske Leger dat fan âlds út ta de islaam bekearde en as soldaat oplate kristlike jonges bestie en beskôge waard as in karkloft. Tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw hiene de janitsaren har lykwols ûntjûn ta in soarte fan Pretoriaanske Garde, dy't de macht efter de troan foarme en nei eigen ynsjen sultans oanstelde en ôfsette. Dêr makke Mahmud II yn 1826 ûnder it saneamde Geunstich Ynsidint in ein oan, doe't er mei it korps ôfweefde en sa'n 6.000 janitsaren ombringe liet, wêrfan in diel yn Tessaloniki.