De Amstel Gold Race is de ienichste fytsklassiker fan Nederlân dy't opnommen is yn de protour fan it hurdfytsen.

It begjin De Amsterdammer Herman Krot, dy't al sûnt 1960 warber wie yn it organisearjen fan kriteriums, wie de oprjochter fan de Amstel Gold Race. Krott woe neist dizze kriteriums ek in hurdfytswedstryd dy't gie fan Amsterdam oant it heuveleftige gea fan Limboarch. De namme is ûntstien neidat bierbrouwer Amstel him oanmelde as sponsor. Krot woe graach dat de start plakfine soe fan Amsterdam ôf, mar spitigernôch wie dat net mooglik fanwege de ekstra drokte mei Keninginnedei. Uteinlik is der start út Breda wei.

De earste kear dat dizze wedstryd riden waard, wie op 30 april 1966. De rûte gie fan Breda oant Mearssen oer in parkoers mei in lingte fan 302 km. De Frânsman Jean Stablinski kaam doe as earste oer de finish, dêrnei de Belch Bernard van den Kerckhove en de Nederlanner Jan Hugens.

Feroaringen Letter is it parkoers ferskate kearen feroare. Sa is it startplak ferlein fan Breda nei Helmond (fan '67 oant '70) en doe nei Heerlen te ferpleatsen. Fan 1998 ôf is de start yn Maastricht. Ek de oankomstplakken binne yn ‘e rin fan tiid feskate kearen feroare, mar sûnt 2003 is de Kauberch yn Falkenboarch it plak fan oankomst. Njonken de Kauberch binne der in ferskate heuvels opnommen yn it parkoer. De meast ferneamde binne de Keutenberch, Eijserboskwei en de Krúsberch. Yn 2001 waard de earste Amstel Gold Race foar de froulju feriden mar nei trije edysjes ferdwûn de wedstriid foar froulju oant 2017 wer fan de kalinder. Fanôf 2017 stiet de wedstriid foar froulju fêst op de kalinder mar al mei minder heuvels en in koartere ôfstân as de Amstel Gold Race foar manlju.

Winners by de manlju 2025 - Mattias Skjelmose 2024 - Tom Pidcock 2023 - Tadej Pogačar 2022 - Michał Kwiatkowski 2021 - Wout van Aert 2019 - Mathieu van der Poel 2018 - Michael Valgren 2017 - Philippe Gilbert 2016 - Enrico Gasparotto 2015 - Michał Kwiatkowski 2014 - Philippe Gilbert 2013 - Roman Kreuziger 2012 - Enrico Gasparotto 2011 - Philippe Gilbert 2010 - Philippe Gilbert 2009 - Sergej Ivanov 2008 – Damiano Cunego 2007 – Stefan Schumacher 2006 – Frank Schleck 2005 – Danilo di Luca2004 – Davide Rebellin 2003 – Alexander Vinokoerov 2002 – Michele Bartoli 2001 – Erik Dekker 2000 – Erik Zabel 1999 – Michael Boogerd 1998 – Rolf Järmann 1997 – Bjarne Riis 1996 – Stefano Zanini 1995 – Mauro Gianetti 1994 – Johan Museeuw 1993 – Rolf Järmann 1992 – Olaf Ludwig 1991 – Frans Maassen 1990 – Adrie van der Poel 1989 – Eric Van Lancker 1988 – Jelle Nijdam 1987 – Joop Zoetemelk 1986 – Steven Rooks 1985 – Gerrie Knetemann1984 – Jacques Hanegraaf 1983 – Phil Anderson 1982 – Jan Raas 1981 – Bernard Hinault 1980 – Jan Raas 1979 – Jan Raas 1978 – Jan Raas 1977 – Jan Raas 1976 – Freddy Maertens 1975 – Eddy Merckx 1974 – Gerrie Knetemann 1973 – Eddy Merckx 1972 – Walter Planckaert 1971 – Frans Verbeeck 1970 – Georges Pintens 1969 – Guido Reybrouck 1968 – Harrie Stevens 1967 – Arie den Hartog 1966 – Jean Stablinski

Mearfâldige winners Jan Raas: 5 kear Philippe Gilbert: 4 kear Eddy Merckx: 2 kear Gerrie Kneteman: 2 kear Rolf Järman: 2 kear Michał Kwiatkowski: 2 kear Enrico Gasparotto: 2 kear

Winners by de froulju 2025 - Mischa Bredewold 2024 - Marianne Vos 2023 - Demi Vollering 2022 - Marta Cavalli 2021 - Marianne Vos 2019 - Katarzyna Niewiadoma2018 - Chantal Blaak 2017 - Anna van der Breggen 2003 - Nicole Cooke 2002 - Leontien Zijlaard-van Moorsel 2001 - Debby Mansveld

Keppeling om utens Webstee fan de Amstel-Gold Race. Het wielerjaarboek.

Kategory:Hurdfytsen Kategory:Kultuer yn Limburch (Nederlân) Kategory:Sportevenemint yn Nederlân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1966