De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e Westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat. Dy omfettet inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.

Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.

De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.

Namme It wurd en de namme "bibel" komme fan it Aldgrykske τὰ βιβλία (tà biblía), wat "de boeken" betsjut. Dat wurd is it meartal fan biblion, wat oarspronklik brûkt waard as oantsjutting foar "papier", "geskrift", "boek(rôle)", al wie de oarspronklike betsjutting "lytse Byblos" of "lyts papyrus", mooglik ferneamd nei de stêd Byblos, dy't foar Grikelân de papyrusbast levere. Yn dy strekking fan "de boekrôlen", waard it wurd al foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling troch hellenistyske joaden brûkt.

De Joadske Bibel De namme foar de joadske Bibel is "Tenach". De yndieling dêrfan is sa: de Torah (תּוֹרָה; "Leare" of "Wet") Ḇerešiṯ (בראשית; Genesis) Šemot (שמות; Eksodus) Vayikra (ויקרא; Leviticus) Ḇamidḇar (במדבר; Numeri) Deḇarim (דברים; Deuteronomium) de Neḇi'im (נְבִיאִים; "Profeten") de Neḇi'im Rišonim (נביאים ראשונים; "Eardere Profeten") Yehošua (יהושע; Jozua) Šofṭim (שופטים; Rjochters) Šmu'el (שמואל; Samuël) Melaḵim (מלכים; Keningen) de Neḇi'im Aḥaronim (נביאים אחרונים; "Lettere Profeten") Yešayahu (ישעיהו; Jesaja) Yirmiyahu (ירמיהו; Jeremia) Yeḥezq'el (יחזקאל; Ezechiël) Ṯrei Asar (תרי עשר; De Tolve (lytse profeten)) (gearboske yn ien boek) Hošea (הושע; Hoséa) Yoel (יואל; Joël) Amos (עמוס; Amos) Oḇadyah (עבדיה; Obadja) Yonah (יונה; Jona) Miḵah (מיכה; Micha) Naḥum (נחום; Nahum) Ḥaḇakuk (חבקוק; Habakuk) Ẓefanyah (צפניה; Sefanja) Ḥagay (חגי; Haggai) Zeḵaryah (זכריה; Sacharia) Malaḵi (מלאכי; Maleächy) Ḵeṯuḇim (כְּתוּבִים; Geskriften) Ruṯ (רוּת; Ruth) Ṯehillim (תְהִלִּים; Psalmen) Iyyoḇ (אִיּוֹב; Job) Mišlei (מִשְלֵי; Spreuken) Qoheleṯ (קהלת; Preker) Šir HaŠirim (שִׁיר הַשׁשִׁירִים; Heechliet) Eiḵah (איכה; Kleilieten) Dani’el (דָּנִיֵּאל; Danjel) Esṯer (אֶסְתֵר; Ester) ͑Ezra (עזרא; Ezra) (Nehemia ynbegrepen) Diḇrei ha-Yamim (דברי הימים; Kroniken)

De Kristlike Bibel thumb|left|200px|De Bibel fan Kristiaan III fan Denemark, de earste Deenske bibeloersetting. Printe yn Kopenhagen yn 1550. De kristlike Bibel bestiet út twa dielen: it Alde en it Nije Testamint, beiden ûnderferdield yn in rige aparte boeken en geskriften dy't ûnderling tige ferskille kwa lingte en styl, en dy't net skreaun binne as parten fan 'e Bibel, mar neitiid gearstald binne ta de Bibel. Dêrby is in kar makke hokfoar boeken oft kanonyk binne, en dus al ta de Bibel hearre, en hokker oft apokryf binne en net ta de Bibel hearre. De mienings oangeande dy yndieling binne ferdield, en der besteane dan ek grutte ferskillen tusken de gearstalling fan 'e Bibels fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de ûnderskate protestantske, eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse denominaasjes. De measte bibelboeken binne skreaun yn proazafoarm, mar guon, lykas de Psalmen en it Heechliet, komme ûnder it kopke poëzij. De boeken fan 'e kristlike Bibel binne fierders ûnderferdield yn haadstikken (troch de trettjinde-iuwske aartsbiskop fan Canterbury Stephen Langton) en dy haadstikken wer yn fersen (troch de sechstjinde-iuwske Frânske printer Robert Estienne). Hjoed de dei wurde bibelsitaten oanhelle mei boek, haadstik en fers (bgl. Genesis 1:1-10).

It Alde Testamint It Alde Testamint komt rûchwei oerien mei de joadske Tenach, al hat it in oare yndieling. It fertelt efterinoar oer it oanbegjin en de skepping fan 'e wrâld en de minske troch God, de sûndfloed, de aartsfaars, de Ballingskip yn Egypte, de weromkear fan 'e âlde Hebreeërs nei it Unthjitten Lân, de skiednis fan it keninkryk Israel en letter teffens fan it keninkryk Juda ûnder de rjochters en dêrnei de keningen, de ferrinnewearring fan dy beide keninkriken troch de Babyloaniërs en de Alde Assyriërs, de Babyloanyske Ballingskip en de weromkear fan 'e joaden út Babyloanje, en einiget mei de profesijen fan in hiele rige profeten.

Mei't ferskate streamings binnen it kristendom harren eigen ideeën hawwe oer hokker boeken al of net ta de Bibel rekkene wurde moatte, besteane der ferskillen tusken de Bibels dy't brûkt wurde troch de ûnderskate kristlike tsjerken. Dy ferskillen konsintrearje har yn it Alde Testamint. Yn guon protestantske streamings wurde sadwaande de boeken dy't dêr net ta de kanon rekkene wurde (de saneamde apokrife of deuterokanonike boeken) oan 'e ein fan it Alde Testamint opnommen as in nuttige taheakke, mar yn oare, strangere, denominaasjes wurdt dat wer beslist net dien.

Boeken fan it Alde Testamint Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Alde Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978. (De tradisjonele ûnderferdieling yn Wet, Skiednis, Poëzij en Wiisheid, Grutte Profeten en Lytse Profeten is ûnoffisjeel en net yn hokfoar bibel ek werom te finen.) De Kanonike Boeken Wet Genesis Eksodus Leviticus Numeri Deuteronomium Skiednis Jozua Rjochters [Ruth 1 Samuël 2 Samuël 1 Keningen 2 Keningen 1 Kroniken 2 Kroniken Ezra Nehemia Ester Poëzij en Wiisheid Job Psalmen Spreuken Preker Heechliet Grutte Profeten Jesaja Jeremia Kleilieten Ezechiël Danjel Lytse Profeten Hoséa Joël Amos Obadja Jona Micha Nahum Habakuk Sefanja Haggai Sacharja Maleächy De Deuterokanonike of Apokrife Boeken Judit de Wysheid fan Salomo Tobit Jezus Sirach Barûch it Brief fan Jeremia (Barûch 6) 1 Makkabeeërs 2 Makkabeeërs Ester (Gryksk) de Taheakken op it Boek Daniël Azarja Suzanne (Daniël 13) Bel en de Draak (Daniël 14)

Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke folgje de boeken Tobit en Judit fuort nei Nehemia, wylst Ester (Gryksk) oan Ester tafoege is. Nei Ester komme 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs en nei it Heechliet folgje de Wysheid fan Salomo en Jezus Sirach. Barûch (it Brief fan Jeremia ynbegrepen) stiet tusken Kleilieten en Ezechiël yn; Azarja (of It Liet fan Azarja) foarmet in passaazje fan it boek Daniël (nei Daniël 3:23); en Suzanne en Bel en de Draak binne oan Daniël tafoege as de beide lêste haadstikken.

De Anglikaanske Tsjerke makket yn 'e liturgy gebrûk fan 'e deuterokanonike boeken. Sadwaande befetsje anglikaanske Bibels in taheakke oan it Alde Testamint mei dêryn alle apokrife boeken dy't ek yn 'e Fryske bibeloersetting steane, en dêropta noch 1 Esdras, 2 Esdras en it Gebed fan Manasse.

De Gryksk-Otterdokse Tsjerke en de Russysk-Otterdokse Tsjerke erkenne alle boeken fan 'e protestantske kanon en de boppeneamde roomske tafoegings, en dêropta ek noch 3 Makkabeeërs, 1 Esdras, it Gebed fan Manasse en Psalm 151. Mei de Georgysk-Otterdokse Tsjerke erkent de Russysk-Otterdokse Tsjerke fierders teffens 2 Esdras. It boek 4 Makkabeeërs wurdt inkeld as kanonyk erkend troch de Georgysk-Otterdokse Tsjerke, al wurdt it yn 'e Gryksk-otterdokse Bibel wol as apokrife taheakke ôfdrukt.

Ta de kanon fan 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke hearre Psalm 151, de Psalmen 152-155, de Iepenbiering fan Barûch en 2 Barûch (ek wol bekend as it Brief fan Barûch). De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke erkent û.m. de boeken Jubileeën, Henoch en 1, 2 en 3 Meqabyan (net te betiizjen mei 1, 2 en 3 Makkabeeërs).

It Nije Testamint It Nije Testamint is in lettere kristlike tafoeging oan 'e Bibel, besteande út 'e fjouwer kanonike evangeeljes, dy't fertelle oer it libben en hanneljen fan 'e kristlike ferlosser Jezus Kristus; de Hannelingen fan 'e Apostels, wêryn't de skiednis fan 'e iere kristenen fêstlein is; 21 brieven (14 fan Paulus, 3 fan Jehannes, 2 fan Petrus en 1 elkmis fan Jakobus en Judas); en de Iepenbiering, dy't de ein fan 'e tiden foarseit.

Boeken fan it Nije Testamint Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Nije Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978. de Evangeeljes de Synoptyske Evangeeljes it Evangeelje fan Mattéus it Evangeelje fan Markus it Evangeelje fan Lukas it Evangeelje fan Jehannes Skiednis fan de Iere Kristenen de Hannelingen fan de Apostels de Brieven de Brieven fan Paulus of Paulinyske Brieven it Brief oan de Romeinen (Romeinen) it Earste Brief oan de Korintiërs (1 Korintiërs) it Twadde Brief oan de Korintiërs (2 Korintiërs) it Brief oan de Galatiërs (Galatiërs) it Brief oan de Efeziërs (Efeziërs) it Brief oan de Filippiërs (Filippiërs) it Brief oan de Kolossers (Kolossers) it Earste Brief oan de Tessalonikers (1 Tessalonikers) it Twadde Brief oan de Tessalonikers (2 Tessalonikers) de Pastorale Brieven it Earste Brief oan Timóteüs (1 Timóteüs) it Twadde Brief oan Timóteüs (2 Timóteüs) it Brief oan Titus (Titus) it Brief oan Filémon (Filémon) it Brief oan de Hebreeërs (Hebreeërs) de Algemiene Seinbrieven it Brief fan Jakobus (Jakobus) it Earste Brief fan Petrus (1 Petrus) it Twadde Brief fan Petrus (2 Petrus) it Earste Brief fan Jehannes (1 Jehannes) it Twadde Brief fan Jehannes (2 Jehannes) it Tredde Brief fan Jehannes (3 Jehannes) it Brief fan Judas (Judas) Foarsizzing fan 'e Ein fan 'e Tiden de Iepenbiering fan Jehannes

Dêrûnder binne fjouwer boeken dy't troch Marten Luther net as kanonyk beskôge waarden. Dat binne it Brief oan de Hebreeërs, it Brief fan Jakobus, it Brief fan Judas en de Iepenbiering fan Jehannes. Dy bibelboeken, dy't neffens de lutherske tsjerken dus apokryf binne, wurde ornaris wol opnommen yn 'e lutherske Bibel, mar dêr steane se byinoar yn in taheakke efter alle oare boeken fan it Nije Testamint.

De protestantske tsjerken, de Roomsk-Katolike Tsjerke, de eastersk-otterdokse tradysje en ferskate oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Syrysk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke) hâlde allegearre harren eigen oardering fan 'e boeken fan it Nije Testamint oan.

Yn it Nije Testamint binne net opnommen û.m. de folgjende boeken: de Apokrife Evangeeljes it Evangeelje fan Petrus de Gnostyske Evangeeljes it Evangeelje fan Filippus it Evangeelje fan Judas it Evangeelje fan Marsion (it Evangeelje fan de Heare) it Evangeelje fan Marije Magdalena it Evangeelje fan Tomas it Evangeelje fan de Wierheid it Gryksk Evangeelje fan de Egyptners it Koptysk Evangeelje fan de Egyptners de Joadsk-Kristlike Evangeeljes