De Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini) is in fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels.

Foarkommen thumb|left|Foerazjearjende Afrikaanske swarte strânljip. Oars as de Euraziatyske bûnte strânljip sit de Afrikaanske swarte strânljip hielendal yn 'e swarte fearren. De snaffel is read en hat in oranjegiele punt. De poaten binne fleiskleurich.

Fersprieding De Afrikaanske swarte strânljip is in stânfûgel en briedt oan 'e kusten fan Angoala oant de Súd-Afrikaanske provinsje East-Kaap. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, wat betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is. De hjoed-de-dei útstoarne Kanaryske swarte strânljip waard earder as ûndersoarte fan 'e Afrikaanske swarte strânljip behannele.

Hâlden en dragen De Afrikaanske swarte strânljip libbet benammen fan skulpdieren lykas moksels en komskelpen, mar yt ek boarstelwjirms, ynsekten, en mooglik sels fisk. De fûgel briedt yn in kûle yn sân of stiennen, sa'n 30 meter boppe de wetterline. It wyfke leit twa en bytiden ien of trije aaien, dy't troch beide âlden yn 27 oant 39 dagen útbret wurde. Lykas by oare waadfûgels kinne de jongen it nêst fuort nei it útkommen ferlitte, mar se kinne pas nei 38 dagen fleane. It briedsukses is grutter op eilannen dy't fierder út de kust lizze, dêr't minder rôfdieren binne en minder fersteuring plakhat.

Nêst en piken.

Status Wylst de soarte earder as gefoelich (Near Threatened) kategorisearre waard, beoardielet de IUCN de populaasje sûnt 2017 as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje is relatyf lyts en wurdt neffens in rûzing út 2014 op 6.670 fûgels rûsd (itjinge oerienkomst mei 4.450 folwoeksen fûgels). Troch natuerbeskermingsmaatregels liket de populaasje lykwols ta te nimmen. De grutste bedrigings foar de soarte binne oanfallen troch hûnen, fersteuring troch terreinweinen en it opiten fan jongen en aaien troch de kelpmiuw (Larus dominicanus).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika