Genêts is in Frânske gemeente yn it departemint Manche yn 'e regio Normandje. Genêts makket diel út fan it arrondissemint Avranches.

Geografy Genêts leit oan 'e baai fan 'e Mont Saint-Michel en biedt in goed útsicht op 'e baai mei it fûgeleilân Tombelaine en de Mont Saint-Michel. Fanôf it noardlik fan it plak lizzende sânstrân is it mooglik mei te dwaan oan organisearre waadtochten lâns it fûgeleilân nei de Mont Saint-Michel.

Untwikkeling befolking Jier19621968197519821990199920102018Ynwenners532501524524481439417441

It besjen wurdich thumb|left|Waadrinners yn 'e baai. Genêts wie eartiids it lêste plak op 'e pylgerroute nei Mont Saint-Michel. Yn dy tiid stiene der mear kapellen en kristlike symboalen yn it plak. Dêrfan binne oerblean de parochytsjerke, in pear weikrusen en de Sint-Annakapel. De 12e-iuwske parochytsjerke fan Genêts is wijd oan Us-Leaffrou (Notre-Dame) en ek oan Sint-Sebastiaan. Tombelaine is in rots yn 'e see dat by Genêts heart. Eigner fan it ornitologysk reservaat is de Frânske steat. Le bec d'Andaine is it startpunt foar it oerstekken fan 'e baai nei it fûgeleilân Tombelaine of Mont Saint-Michel. Ek beafearten nei de abdij begjinne fan dit punt.

Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Manche Kategory:Gemeente yn Manche