Avranches is in stêd yn it Frânske departemint Manche yn 'e regio Normandje. Avranches is it haadplak fan it arrondissemint Avranches. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard it oanbuorjende Saint-Martin-des-Champs by Avranches yndield. Sûnt is Avranches in commune nouvelle (nije gemeente).
Biskopsstêd thumb|left|De yn it begjin fan 'e 19e iuw ferneatige katedraal fan Avranches'' Sûnt it begjin fan 'e 6e iuw wie de stêd in biskopsstêd. Yn 'e Frânske Revolúsje waard it bisdom opheft en de oan Andréas wijde katedraal waard degradearre ta in gewoane parochytsjerke. Nei't it doksaal yn 1794 ôfbrutsen waard, stoarte it koer fan 'e Andréaskatedraal yn. In restauraasje fan 'e katedraal bleau yn it revolúsje-tiidrek út en stadichoan rekke ek it skip slim yn ferfal. Ut soarch foar de feiligens naam de gemeenteried it beslút om de rest fan 'e muorren mei de klokketoer ôf te brekken. De twa romaanske tuorren stiene noch yn 1810 en de boargemaster woe de tuorren graach mei help fan it regear restaurearje, mar yn 1812 naam de gemeenteried it beslút om ek de romaanske tuorren ôf te brekken.
It wie by de yngong fan 'e Andréaskatedraal dat de Ingelske kening Hindrik II op 'e knibbels boete die foar de moard op Thomas Becket. De lokaasje is tsjintwurich it iepen gersfjild La Plate-Forme mei útsicht op 'e baai en noch in pear oerbliuwsels fan it ferneatige gebou.
Twadde Wrâldkriich Op 6 juny 1944 waard Avranches yn it ramt fan 'e befrijing fan West-Europa troch de alliearde striidkrêften swier bombardearre. Njonken in soad slachtoffers waard in grut part fan 'e stêd ferneatige. Sân wiken letter, op 31 july 1944, slagge it generaal George Patton in trochbraak te forsearjen en waard Avranches befrijd. Patton wurdt yn Avranches betocht mei in monumint, dat op ierde út 'e Feriene Steaten stiet.
Geografy Avranches leit yn it Avranchin (súdlik fan it skiereilân Cotentin) oan 'e E40, dy't Caen mei Bretanje ferbynt, dêr't Sint-Aubertus, biskop fan Avranches, yn 'e 8e iuw in earste kapel bouwe liet. Fanút Avranches is de Mont Saint-Michel tichteby. Dêr mûnet de rivier de Sée út yn 'e bocht fan Mont-Saint-Michel.
Befolkingsûntwikkeling Ynwennertal 2018 is ynklusyf Saint-Martin-des-Champs. Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2018Ynwennertal 8.854 9.775 10.136 9.468 8.638 8.500 8.179 10.246 Boarnen: Cassini en INSEE
It besjen wurdich thumb|left|Notre-Dame des Champs. thumb|left|Jardins de Plantes. De Notre-Dame-des-Champs wie oarspronklik mar in lytse tsjerke. It hjoeddeiske gebou is 19e-iuwsk en waard boud nei't it katolisisme nei de Revolúsje wer opgong makke en in tannimmend tal ynwenners in grutte tsjerke needsaaklik makke. De earste stien waard yn 1863 lein, de wijing folge yn 1892. Yn 'e Twadde Wrâldkriich ûnstie by bombardeminten op 'e stêd brân yn it gebou. It ferwulft stoarte yn, mar nei de kriich fûn de weropbou plak. Alhoewol't de tsjerke it oansjen fan in katedraal hat, is it in gewoane parochytsjerke.
In lytserse tsjerke is de basilyk Saint-Gervais. De tsjerke bewarret de skedel fan Sint-Aubertus, kompleet mei it gat dat neffens de oerlevering de finger fan 'e aartsingel Michael trochboarre hat (nei alle gedachten is it in prehistoaryske skedel mei trepanaasje)
De neogoatyske Église Saint-Saturnin oan 'e Rue du Dr Gilbert waard boud yn 'e 19e iuw troch de arsjitekt François Cheftel, dy't him fral talei op 'e weropbou fan tsjerken op plakken dêr't se earder fernield wiene.
De Us-Leaffrouwe-karmel fan Avranches (Rue de Bremesnil) hat in neogoatyske kapel. It 19e-iuwske kleaster is ferboud ta in wenkompleks foar senioaren. Yn in aparte fleugel fan it kompleks wenje noch tige âlde nonnen.
De Jardins de Plantes binne botanyske tunen, dy't tsjin 'e ein fan 'e 18e iuw oanlein binne op 'e grûn fan in earder Fransiskaansk kleaster. Fergrutte en oanfolle mei eksoatyske soarten yn 'e 19e iuw foarmet de lokaasje mei sicht op 'e baai en de Mont Saint-Michel in toeristyske trekpleister fan Avranches.
Musea Musée d’Art et d’Histoire d’Avranches Scriptorial d'Avranches (museum mei manuskripten fan 'e abdij Mont Saint-Michel)
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Manche Kategory:Gemeente yn Manche