The Hobbit: An Unexpected Journey is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2012 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Martin Freeman, sir Ian McKellen en Richard Armitage. De film is basearre op it foarste part fan 'e roman The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien út 1937, oanfolle mei ynformaasje út 'e taheakken by syn lettere wurk The Lord of the Rings en eleminten dy't de filmmakkers sels optocht hawwe. De titel betsjut "De Hobbit: In Unferwachte Reis". It is it earste diel fan 'e filmtrilogy The Hobbit, dy't in prequel foarmet fan Jackson syn eardere filmtrilogy The Lord of the Rings. It ferhaal folget de aventoeren fan 'e hobbit Bilbo Baggins, dy't ûnferwachts troch de tsjoender Gandalf behelle wurdt yn 'e kweeste fan in trettjintal dwergen û.l.f. Thorin Ikeskyld om it âlde dwerchske keninkryk fan 'e Ienlike Berch te befrijen fan 'e draak Smaug. The Hobbit: An Unexpected Journey krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in ûnbidich kommersjeel súkses. De film wûn ien Oscar en waard nominearre foar noch trije oaren. It ferfolch, The Hobbit: The Desolation of Smaug, kaam út yn 2013.
Plot Prolooch As syn 111de jierdei neieroan komt, begjint Bilbo Baggins, in hobbit op jierren út Hobbitum yn it Goa, foar syn omkesizzer Frodo einlings en te'n lêsten de wiere tadracht op te tekenjen fan syn grutte aventoer fan mear as sechstich jier lyn. It ferhaal begûn iuwen earder, doe't it regear fan kening Thrór oer Erebor, de Ienlike Berch, yn it útstrutsen Rhovanion (it Wyldlân) in perioade fan nea earder foarkommen wolfeart ynlette. De Ienlike Berch wie it lêste fan 'e grutte riken fan 'e dwergen yn Midierde, en Thrór wie de Kening ûnder de Berch, ûnder waans lieding nije goudieren ûntdutsen en ealstiennen opdold waarden. Troch hannel groeide it minsklike keninkryk Dol, besteande út in stêdsteat dy't foar de poarten fan 'e Ienlike Berch ûntstie, út ta grutte rykdom en in krúspunt fan 'e wrâld. Mar de kening fan Dol brocht hulde oan Thrór en dat die ek Thranduil, de kening fan 'e elven fan it Noardlik Brimsterwâld.
Op in stuit waard yn 'e minen ûnder de Ienlike Berch lykwols in reuseftige ealstien opdold, de Erkenstien, dy't de dwergen it 'Hert fan 'e Berch' neamden. Thrór beskôge dat as it bewiis dat er mei godlike folmacht regearre. Mar neitiid waard syn hert fertsjustere troch in syklike gjirrigens dy't erchtinkendheid en paranoia feroarsake tsjin frijwol eltsenien. Neffens Bilbo wie dat it wat Smaug oanloek, in fleanende, fjoerspijende draak út it Noarder Unlân, mei't draken deselde gefoelens foar harren skatten koesterje. Persiis 248 jier lyn arrivearre Smaug by de Ienlike Berch, dêr't er de stêd Dol ferwoastge en in grut diel fan 'e bewenners deade. De oerlibbenen sloegen op 'e flecht en stiften letter Esgaroth-oan-de-Langmar. Mar it wie Smaug hielendal net om Dol te dwaan. Hy kaam foar de Ienlike Berch, dêr't er de poarten iepenbriek en nei binnen krong en talleaze dwergen ombrocht en harren skatten stiel, de Erkenstien ynbegrepen.
De dwergen fan 'e Ienlike Berch, ynsafier't se de oanfal fan Smaug oerlibben, moasten harren keninkryk ûntflechtsje, wêrby't prins Thorin syn alhiel tebûke pake Thrór fuortlate. Op harren flecht seach Thorin op in hichte kening Thranduil en syn elven tasjen, mar op syn kriten om help kearde Thranduil him ôf en gie syn leger foar nei hûs. Thorin soe dat ferrie nea ferjitte en waard neitiid fertarre troch in haat foar alle elven. De dwergen fan Erebor rekken fersille oer de lannen, mar tweintich jier letter sammele Thrór mank harren in leger om it oerâlde, ferlern giene dwergekeninkryk Moarje yn 'e Diisbergen wer yn te nimmen. It die lykwols bliken dat Moarje beset wie fan 'e oarken, de boasaardige aartsfijannen fan 'e dwergen. Foar de poarten fan Moarje fochten de dwergen in grutte fjildslach út tsjin 'e oarken, wêrby't de oarken harren lykwols oermânsk waarden en harren oanfierder Azog de Besmoarger kening Thrór de holle ôfsloech. De moed ûntsonk de dwergen en alles liek ferlern oant Thorin Azog de earm ôfsloech en sa it tij kearde. De dwergen wisten de slach te winnen, mar se hiene safolle deaden te betreurjen, dat se neitiid nea wer de sterkte hiene om in eigen ryk te bemachtigjen.
In Unferwachte Reis As de ferdriuwing fan 'e dwergen út 'e Ienlike Berch 171 jier lyn is, bejout de snoade tsjoender Gandalf de Grize him nei it Goa, it lân fan 'e hobbits, mei yn syn sok trettjin dwergen: Thorin, dy't sûnt er him mei in iketûke tsjin Azog ferdigene de bynamme Ikeskyld hat, en fierders Balin, Dwalin, Fíli, Kíli, Dori, Nori, Ori, Óin, Glóin, Bifur, Bofur en Bombur. Gandalf en de dwergen hawwe in domdryst plan betocht om 'e Ienlike Berch te weroverjen. Want hoewol't Smaug de poarten fersegele hat, wit Gandalf fan it bestean fan in ferburgen sydpoarte, wêrfan't er de kaai en in plattegrûn krigen hat fan Thráin II, de heit fan Thorin. It doel fan syn besyk oan it Goa is om 'e fyftichjierrige Bilbo Baggins te rekrutearjen as ynbrekker, dy't de Erkenstien fan Smaug stelle moat. Mei't de hearskers oer de oare dwergeriken trou swart hawwe oan 'e besitter fan 'e Erkenstien, sil soks Thorin by steat stelle om 'e legers fan 'e dwergen gear te bringen om Smaug te ferslaan.
Bilbo liket dat it earst wol nei fleanen, mar úteinlik lit er him beprate en jout er him by it selskip. Hja sette dat út nei it easten ta oer de Grutte Eastwei. De earste dagen geane sûnder folle bysûnders foarby, mar as se de rivier de Hoarwelle oerstutsen binne, wurde Bilbo en de dwergen op in nacht finzennommen troch trije trollen, dy't harren opite wolle. De slûchslimme Bilbo besiket tiid te winnen, ek al wurkje de dwergen him dêrby earst tsjin. As de dage oan 'e loft komt, stelt Gandalf de trollen bleat oan sinneljocht, mei as gefolch dat se yn stien feroarje. Yn 'e grot fan 'e trollen treffe de leden fan it selskip in goudskat en twa elfske swurden oan: Orcrist, dy't Gandalf oan Thorin jout, en Glamdring, dy't er foar himsels hâldt. In elfske dagge jout er oan Bilbo, foar wa't it in swurd allyk is.
Fuort neitiid wurde de leden fan it selskip fûn troch Radagast de Brune, in oare tsjoender, dy't Gandalf warskôget dat it âlde bolwurk Dol Guldur, yn it súdlike Brimsterwâld, wer it sintrum fan it kwea wurden is. Hy hat dêr ûndersyk dien, en is oanfallen troch in nekromantikus, in tsjoender dy't de deaden opwekje kin en dy't it Brimsterwâld korrumpearret mei swarte magy. As it selskip koarte tiid letter oerfallen wurdt troch oarken dy't op reuseftige wearwolven ride, liedt Radagast dy by harren wei. Underwilens ûntkomme Gandalf, Bilbo en de dwergen oer de flakte oant se besingele reitsje. Krekt op 'e tiid fine se lykwols in geheime yngong ta Rivendell, it Lêste Hieme Hûs beëasten de see dêr't Elrond de Healelf regearret.
Elrond bringt in geheime ynskripsje op 'e plattegrûn fan Thorin oan it ljocht, dy't inkeld te lêzen is by it ljocht fan 'e moanne, en ynformaasje jout oer de lokaasje fan 'e ferburgen sydpoarte fan 'e Ienlike Berch. Dêr stiet ek by dat it kaaisgat fan 'e sydpoarte inkeld te finen wêze sil trochdat it "beskynd wurdt troch it lêste ljocht fan 'e Dei fan Dúrin". Gandalf oerleit letter efter sletten doarren mei de Wite Ried, besteande út Elrond, Galadriel, de keninginne fan 'e elfen fan Lothlórien, en Saruman de Wite, de lieder fan 'e oarder fan tsjoenders. Gandalf leit harren it wapen foar dêr't Radagast yn Dol Guldur mei oanfallen is, dat de oaren weromkenne as it swurd fan 'e heksekening fan Angmar, waans grêftombe hermetysk ôfsletten heart te wêzen. Gandalf is fan betinken dat dit derop wiist dat de nekromantikus fan Dol Guldur te krijen hat mei Sauron, in manifestaasje fan it uterste kwea dy't 2.941 jier lyn troch elven en minsken ferslein is en foargoed wei waand waard. Saruman leaut dêr neat fan en wol it near lizze op 'e kweeste fan Gandalf en de dwergen nei de Ienlike Berch, mar Gandalf, dy't dat foarseach, hat de dwergen en Bildo sûnder him al fierder op 'en paad stjoerd.
De dwergen en Bildo tsjogge de Diisbergen yn, dy't se oerstekke moatte om Rhovanion te berikken. Heech yn 'e bergen reitsje se suver dea as se by swierwaar yn in gefjocht tusken in stikmannich stienreuzen fersyld reitsje. Bilbo falt op in hier nei tepletter yn in ravyn en moat rêden wurde troch Thorin. Dyselde foeteret him neitiid út en freget wêrom't er eins meikommen is as er net foar himsels soargje kin. It selskip siket beskûl yn in grot, dêr't Bilbo midden yn 'e nacht beslút om stilwei út te piken en werom te gean nei Hobbitum. Ear't er dat dwaan kin, klapt de flier fan 'e grot omleech. It blykt in fâle te wêzen, en it hiele selskip rûgelet yn 'e djipte, dêr't se finzennommen wurde troch de oarken. Dy hawwe yn 'e grotten fan 'e bergen in reuseftige stêd bout, regearre troch in reuseftige oark dy't de Grutte Eardske neamd wurdt.
It slagget Bilbo om oan 'e oarken te ûntkommen troch gjin snoadere aksje as gewoan stadich te rinnen. Hy besiket de oarken te folgjen dy't de dwergen meifiere, om syn reismaten te rêden, mar nei't er oanfallen wurdt troch in ienlike oark, rûgelje se tegearre yn in djippe kleau. In ûnbeskate tiid letter komt Bilbo op 'e boaiem fan 'e kleau wer by bewustwêzen. In walchlik en dúdlik sljochtsinnich wêzen dat himsels Gollum neamt, bringt de oark om en sleept dy mei nei syn nêst om him op te iten, sûnder him bewust te wêzen fan Bilbo syn oanwêzigens. Yn 'e wrakseling mei de ferwûne oark lit Gollum in gouden ring falle, dy't Bilbo letter opkriget en yn 'e bûse docht. As er Gollum folget, kriget dy him op in stuit yn 'e rekken. Bilbo hâldt him op in ôfstân mei syn dagge. Hy wol dat Gollum him nei de útgong fan 'e grimelgrammel fan grotten liedt, mar Gollum wol him leaver fersline. Uteinlik beslute se in riedspultsje te spyljen: as Bilbo wint, moat Gollum him de útgong sjen litte, mar as Gollum wint, mei er Bilbo opite.
Nei't se allebeide ferskate kearen goed ret hawwe, kin Bilbo mar min in nij riedsel betinke. As er de hannen yn 'e bûsen docht, en de ring fielt, freget er wat er yn syn bûsen hat. Hoewol't dat strikt nommen gjin riedsel is mar in fraach, akseptearret Gollum it as in riedsel troch nei it andert te rieden. Dat slagget net en Bilbo wint it spultsje. Foar't Gollum him nei de útgong liede kin, mist er ynienen de ring, syn "leafling", en beseft er wat Bilbo yn syn bûse hawwe moat. Hy ljept op Bilbo ôf, dy't it hazzepaad kiest. As er op in stuit stroffelet en falt, fljocht him de ring út 'e bûse en lânet persiis om syn finger. Gollum ferskynt in momint letter om 'e hoeke mar sjocht him net, wylst it sicht fan Bilbo nuveraardige griis en op in distânsje rekke is. Hy beseft dat de ring him ûnsichtber makket. Gollum hastiget him fierder, nei de útgong, om Bilbo te efterheljen, en Bilbo folget him. As er lykwols de kâns hat it ellindige wêzen te deadzjen, kiest er der út begrutsjen foar syn libben te sparjen. Hy springt oer Gollum hinne en ûntkomt nei bûten ta, wylst it wêzen it útskreaut fan haat en wanhoop.
Underwilens binne Thorin en de oare dwergen foar de Grutte Eardske brocht, dy't Thorin weromken en him fertelt dat de deawaande Azog, de oarkelieder dy't syn pake Thrór deade hat en dy't hysels in earm ôfslein hat, noch libbet. De Grutte Eardske is fan doel en leverje Thorin út oan Azog, mar ear't dat syn beslach krije kin, kringt Gandalf, dy't it spoar fan 'e dwergen folge hat, de grotten binnen en befrijt de dwergen. Fjirtjinresom fjochtsje se harrensels in paad nei bûten ta, wêrby't Gandalf de Grutte Eardske deadet. Bûtendoar jout Bilbo him wer by harren, mar de ring dy't er fûn hat, en it fermogen dat dy him jout, hâldt er foar himsels.