Theresia fan Lisieux (berne as Marie-Françoise Thérèse Martin; kleasternamme: Theresia fan it Bern Jezus en it Hillich Antlit; berne op 2 jannewaris 1873 yn Alençon, ferstoarn 30 septimber 1897 yn Lisieux) is in hillige fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

Sint-Theresia is ien fan 'e populêrste hilligen fan 'e 20e iuw. Yn in soad roomske tsjerken is har byld te sjen en in lytse 2.000 tsjerken oer de hiele wrâld binne oan har wijd. De ta eare fan Theresia boude basilyk yn Lisieux heart ta de drokst besochte beafeartsplakken fan Frankryk en wurdt alle jierren besocht troch mear as 600.000 minsken.

Rûsd wurdt dat fan har boek "Histoare d'une âme" oer de hiele wrâld yn fjirtich ferskillende talen sa'n 500 miljoen eksimplaren binne ferkocht. Paus Jehannes Paulus II beneamde Theresia yn 1997 ta tsjerkelearaar.

Bernetiid Alençon thumb|left|Us Leaffrou fan Alençon, de tsjerke dêr't Theresia doopt waard. Theresia waard oan rue Saint-Blais (nû 36) yn it Frânske Alençon berne as ien fan 'e njoggen dochters fan Louis Martin en Marie-Azélie Guérin. Hja waard op 4 jannewaris 1873 doopt yn 'e Notre-Dame fan Alençon. Fan 'e dochters ferstoaren fjouwer op jonge leeftyd, wylst de oare fiif allegear it kleaster yngyngen. Hja waard grutbrocht yn in húshâlding dy't alle moarntiden om 05:30 de Hillige Misse bywenne en it fêstjen tige krekt opfolge. Ek de plicht fan neisteleafde waard sekuer neikommen en hja hiene regelmjittich in omrinder oan tafel en brochten besites oan sike en âlde minsken. Oarspronklik wie de heit fan Theresia in horloazjemakker, mar syn frou hie in bedriuwke dat útgroeide ta in bedriuw mei 20 wurknimmers en om't dêr help nedich wie joech er syn âlde berop op. thumb|left|Heit en mem fan Theresia. Sûnt 1865 krige har mem, Zélie Martin, lêst fan pine yn 't boarst. Yn desimber 1876 die bliken dat de oarsaak fan 'e klachten boarstkanker wie, dêr't medysk neat mear oan te dwaan wie. Zélie gyng yn 1877 noch op beafeart nei Lourdes yn 'e hope dêr better te wurden, mar in wûnder bleau út. Hja ferstoar op 28 augustus 1877, noch mar 45 jier âld. Theresia is dan goed 4 jier en hja kiest har suster Pauline út as ferfanger fan har mem.

Lisieux thumb|260px|Lisieux, Les Buissonnets. Yn novimber 1877 ferhûze Louis mei syn fiif dochters nei Lisieux om tichter by Isidore Guérin te wenjen, de broer fan syn frou Zélie, dy't dêr apteker wie. Ynearsten hie Louis dêr net in soad nocht oan, mar Isidore en syn frou wisten him te oertsjûgjen dat it sa better foar de bern wie. It bedriuw yn Alençon waard ferkocht en hja fûnen in hûs yn in griene omjouwing, Les Buissonnets. Louis, dy't no libbe fan 'e opbringst fan 'e ferkeap fan 'e saak, hold him dwaande mei syn dochters, en dan fral Theresia. It húshâlden draait op syn dochter Marie, dy't help krige fan in húshâldster. De sechstjinjierrige Pauline soarge foar de twa bern. It wie foar de Martins in hiele oare wrâld: op 'e drokte fan 'e saak yn Alençon, dy't ôflieding joech en fol wie mei klanten en wurknimmers, folge de stilte en iensumens fan Les Buissonnets dêr't fierder net in soad oanrin wie. It hie ek syn wjerslach op Theresia: har libbene en ekspansive karakter feroare yn in sêft en skruten karakter. En ek al diene har heit en har suster Pauline noch sa bot harren bêst, dat twadde tiidrek yn har bestean wie it meast pynlike skoft fan 'e trije fazen dy't har koarte libben telde.

Theresia gyng yn 'e âldens fan sân jier, yn 1880, foar it earst te bychten. Op 13 maaie 1880 waard de earste kommuny fiert fan har suster Céline en dy dei omskreau Theresia as ien fan 'e moaiste dagen fan har libben. Theresia woe ek stomme graach de kommuny hawwe en naam it beslút om de trije jier dy't hja noch wachtsje moast te brûken om har goed op dy dei ta te rieden.

Op in simmermiddei yn 1879 of 1880 makke Theresia wat mei dat har bekrûpte. Ut it raam seach hja yn 'e tún in man yn 'e klean fan har heit rinnen. Hy hie ek deselde lingte en deselde wize fan rinnen, mar dan folle mear foaroerbôge. Syn holle wie oerdutsen mei in doek, sadat hja it gesicht net sjen koe, mar ek de hoed like op dy fan har heit. Tige stadich seach hja him tichteby kommen. Hja krige fuort in gefoel fan boppenatuerlike eangst. Har susters besochten har del te bêdzjen, hja ûnderfregen har en sochten yn 'e tún nei de man, mar om 'e nocht. Fyftjin jier letter krigen hja de betsjutting fan it fisjoen, doe't har heit harsensferlamming krige.

Op 3 oktober 1881, doe't hja acht jier wie, gyng Theresia nei it benediktynske ynternaat yn Lisieux. Om't it ynternaat tichteby har hûs stie, bleau hja de nachten net en gyng hja op jûntiid werom nei hûs. De goede lessen fan har suster Pauline en Marie diene no fertuten en Theresia hearde by de bêsten fan 'e klas. Yn 'e simmer fan 1882 hearde Theresia tafallich dat Pauline nei de Karmel gean soe. Theresia skreau dêr oer dat it wie as waard har in swurd yn it hert stutsen. Pauline wie de twadde mem fan Theresia en har te missen dreau Theresia bytiden ta wanhoop. Pauline beskreau foar Theresia hoe it der by de karmelitessen om en ta gyng. Ek Theresia krige langstme om nei de Karmel te gean: "Ik fielde dat mei sa'n krêft, dat der gjin twifel oerbleau. Yn myn hert wist ik dat ik my net troch in bernedream meislepe liet, mar it wie de wissichheid fan in godlike rop; ik woe nei de Karmel, net foar Pauline mar allinne foar Jezus". Op in snein, by in besite oan 'e Karmel fan Lisieux, slagge hja der yn om allinne te praten mei de oerste fan it kleaster, Mem Marie de Gonzague. It wol de kleastermem wol oan dat Theresia har ropping fielt, mar hja mei gjin postulanten ûnder de sechtjin talitte. Theresia wol noch wol efkes wachtsje, hja wit no dat hja de wei fûn hat. Op moandei 2 oktober 1882 giet ek Pauline yn 'e Karmel, dêr hja de kleasternamme "suster Agnès fan Jezus" oannaam. Ek skoalle begjin wer foar Theresia, hja mei in klas oerslaan en kin har dêr tariede foar de earste kommuny. Godstsjinst is ien fan 'e wichtige fakken en dêr blinkt hja yn út. In grutte teloarstelling wachtet har lykwols, want it bisdom hat krekt in nije feroardening oannommen en besletten om de leeftyd fan 'e kommunikanten te ferheegjen. Dat betsjut foar Theresia dat hja langer wachtsje moat. Har omke Isidorus reizget nei Bayeux om dispensaasje by de biskop oan te freegjen, mar komt mei lege hannen thús. thumb|Genêzing fan Theresia. Dan kriget Theresia yn desimber 1882 pine yn 'e holle en side. Hja yt net goed, kin de sliep net krije en der ferskine opsette plakken. Ek har karakter feroaret, hja wurdt boazich en op 't lêst bellet har omke de dokter, dy't fêststeld dat Theresia hat te lijen fan in sykte, dêr't allinne folwoeksenen lêst fan ha. Har heit, dy't dan yn Parys is, wurdt mei in telegram warskôge dat er nei hûs komme moat. Alle dagen hat hja lest fan senuwtrillings, hallusinaasjes en panykoanfallen. Hja kin net mear allinne litten wurde, mar op 'e dei dat Pauline it habyt kriget, is hja ynienen wer efkes de âlde en kin hja mei de famylje nei de Karmel om it barren by te wenjen. De hiele dei giet it goed en Theresia is like fleurich, mar de oare deis is wer alles mis: it like der op dat Theresia hielendal op gyng yn dwylsin en it ferstân kwyt wie. De dokter siet goed yn noed en koe de oarsaak fan 'e sykte mar net fine. De hiele famylje bid foar Theresia, in noveen fan missen wurdt opdroegen yn 'e Notre-Dame des Victoires fan Parys en in Marijebyld wurdt yn har keamerke set. Op Pinkstersnein, 13 maaie 1883, bidde har susters by it byld fan Marije ôm genêzing. Ek de jonge Theresia rjochtet har dan op har "Mem yn 'e himel". Op dat stuit ûntspant de pasjinte. Har susters sjogge ferheard op en de oare deis binne al spoaren fan 'e sykte ferdwûn. Theresia bliuwt swak, mar hja soe op in pear lytse weromfallen nei yn 'e takomst frijbliuwe fan nije komplikaasjes.

Kommuny en foarmsel thumb|left|Theresia yn 'e âldens fan 13 jier. Nei't hja yn 'e simmerfekânsje yn Alençon in besite oan bekenden brocht, plakken fan har jongerein en it grêf fan har mem yn Alençon, sette yn oktober 1883 it nije skoallejier útein mei útsjoch op 'e Earste Kommuny. Op 8 maaie 1884 is it safier: Theresia is by de Hillige Misse tige emosjoneel en beskriuwt har earste mystike ûnderfining: ... It wie in leafdestút, ik fielde my dierber, en ik sei ek: ik hâld fan jo en draach my foar altiten oan jo op. It wie gjin fraach, gjin striid, gjin opoffering; foar in hiele skoft hiene Jezus en de earme lytse Theresia inoar oansjoen en begrepen"... Troch it krijen fan 'e hosty fielde hja har ek foar altiten ferbûn mei har mem yn 'e himel. Njonken de spirituele djipgong koe de kommunikant it feest en de kado's ek wol wurdearje. Op 14 juny 1884 kriget hja fan 'e biskop it foarmsel, it sakramint wêrmei't immen de krêft fan 'e Hillige Geast kriget om it leauwe stânfêstich de beliden.

Yn oktober 1886 gyng ek har âldere suster Marie nei de Karmel fan Lisieux, hja waard suster "Marie fan it Hillich Hert", wylst Léonie har yntrede die by de Klarissen. De ferhearde Louis Martin wie no noch allinne mei syn twa jongere dochters yn Les Buissonnets. Foar Theresia betsjutte it wer in tiid fan depresje en hja hie regelmjittich lêst fan gûlbuien.

Bekearing Yn 1886 wennen Louis Martin mei de dochter de Krystnachtmisse by yn 'e katedraal. Werom yn Les Buissonets sette Theresia lykas de tradysje woe har skoech foar de hurd op, dêr't de kado's delset wurde koene. Louis Martin wie warch en sei tsjin Céline: "aldergelokst is it dit jier foar it lêst". Theresia begûn doe te gûlen, mar pakte har fuortendaliks wer op en optein pakte hja de kado's út. Letter lei hja út dat hja op dat stuit befrijd waard fan 'e lekken en brekken fan har bernetiid. Ynienen fielde hja de neisteleafde yn har hert kommen, it langjen om harsels te ferjitten. Dy genede die har groeien en makke har folwoeksen. Hja neamde dat letter de nacht fan har bekearing en it begjin fan it tredde diel fan har libben, it moaiste diel.

Hja giet fiif kear yn 'e wike ta kommuny, lêst in soad en leart "It Neifolgjen fan Kristus" út de holle. De famylje fynt it prachtich, en de Guerings litte Theresia graach hiele stikken resitearje as hja op besite is. Ek begjint hja fûleindich te bidden foar de bekearing fan sûnders. De kranten skriuwe yn dy tiid in soad oer de foar in trijefâldige moard feroardiele Henri Pranzini, dy't yn de parse beskreaun wurdt as in meunster om't er hielendal gjin spyt liket te hawwen fan syn misdieden. De eksekúsje troch de guillotine sil yn 'e simmer fan 1887 plakfine en fol fjoer bidt Theresia foar syn bekearing. Fan God freget hja in om in ienfâldich teken fan bekearing, sadat hja wit dat it net om 'e nocht is. Doe't it safier wie en Pranzini eksekutearre wurde soe, wegere er in preester te sjen. Mar op it alderlêste stuit draaide er him om en tute er it krús, ear't er ferstoar. As hja dêroer lêst is dat foar har de befêstiging fan har ropping: hja moat non wurde om foar alle sûnders te bidden.

Ek nei de eksekúsje bidt hja troch foar Pranzini en hja freget oft der missen opdroegen wurde kinne foar de misdiediger. Hja is der wis fan dat God Pranzini ferjout. Har ideeën wiene yn dy tiid namste radikaler, om't de publike opiny en de kranten doe net it minste begrutsjen foar feroardielde kriminelen toanden.

Karmel thumb|left|Karmel fan Lisieux.