De Sint-Piterkatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre) is de 12e-iuwske katedraal fan 'e Frânske stêd Lisieux.

Foargongers De hjoeddeiske katedraal is net de earste tsjerke op it plak. Yn 538 waard de earste biskop fan Lisieux neamd, Theudobaudis. Dat der in biskop west hat bestjut ek dat der in katedraal wie, mar dêr is fierder neat mear fan bekend. Mooglik waard de katedraal ferneatige by de ynfallen fan 'e Wytsings. Pas yn 'e 11e iuw wie der wer sprake fan in katedraal, doe't de biskoppen Herbert (1026-1049) en syn opfolger Hugh Eu 1049-1077) fierder wurken oan 'e weropbou fan 'e katedraal. Foar it fergrutsjen fan 'e katedraal moast in diel fan 'e stedsmuorre ôfbrutsen wurde. Mooglik waarden doe ek de reliken fan 'e ferskillende hilligen ûntdutsen, dy't earder in it koer fereare waarden (Sint-Urinsum, Sint-Patricius en Sint-Berthevin). De katedraal waard yn 1136 troch brân troffen.

Goatyske katedraal thumb|left|Ynterieur. De katedraal fan Lisieux is ien fan 'e âldste goatyske monuminten fan Normandje. Tusken 1160 en 1170 waard útein set mei de bou fanôf it tsjerkeskip. De styl dy't tapast waard soarget foar in frij swier en donker skip. It earste diel waard flak foar 1183 foltôge, sa't bliken die út dendrogronologysk ûndersyk fan stikken hout. De rest fan 'e tsjerke sil nei alle gedachten yn it earste fear fan 'e 13e iuw folslein foltôge wêze. It liket der op dat de brân fan 1223 de katedraal net oantaaste hat. It dwersskip en de twa earste traveeën fan it koer binne noch yn 'e selde styl as it skip. De rest fan it koer lit lykwols in omslach yn 'e styl sjen; de goatyske styl is dêr fierder foardere en slanker. Nei't it wurk dêr klear wie ferhûze de bou-aktiviteit fral nei de gevel mei de trije portalen en de twa tuorren.

Pierre Cauchon (1432-1442), de eardere biskop fan Beauvais liet, doe't er biskop fan Lisieux wie, hielendal oan 'e eastlike ein fan 'e katedraal de Chapelle de la Vierge bouwe. De biskop, dy't mear yn Rouen en Parys wie as yn Lisieux en in grutte rol spil yn it proses tsjin Jeanne d'Arc, fûn syn ivige rêstplak yn 'e kapel. De yn flamboyante styl boude kapel falt op troch de lingte (17,20 meter) en de njoggen grutte finsters. De gotyk berikt dêr yn 'e katedraal syn hichtepunt.

De Sint-Piter hat gjin funksje mear as katedraal.

Eksterieur De tsjerke hat trije tuorren: lykas wenst by grutte Normandyske tsjerken in lantearnetoer en twa geveltuorren. De noardlike toer datearret út 'e 13e iuw. De buorman waard nei it ynstoarten wer opboud tusken 1579 en 1600. Dy toer hat in slanke spits en is 72 meter heech. De styl fan 'e toer is lestich te definiearjen: der binne flamboyante foarmen mar ek in pear renêssânse foarmen.

Lykas by in soad Normandyske tsjerke is de dekoraasje oan 'e bûtenkant fan 'e katedraal fan Lisieux relatyf ienfâldich. Bylden op 'e gevels fan 'e portalen ûntbrekke en de dekoraasjes besteane út geometryske patroanen, bledwurk, bôgen en lyste pylderkes. In útsûndering foarmje de lytse byldhoude gesichten.

Oargels thumb|left|Haadoargel. It haadoargel is krekt lykas de tsjerke in histoarysk monumint. De oargel op 'e kreake waard yn 1871 troch Aristide Cavaillé-Coll boud. De âld-boargemaster fan Lisieux, Jean-Lambert Fournet, makke de bou mooglik. Yn 1874 waard it ynstrumint troch biskop Hugonin fan Bayeux en Lisieux ynwijd en troch de ferneamde Frânske komponist Alexandre Guilmant yn gebrûk nommen .

It oargel waard yn 1898 ferboud troch Charles Mutin (1898), troch Joseph Beuchet (1932) en troch Edmond Alexandre Roethinger (1963). It ynstrumint waard yn 1988 troch Philippe Hartmann restaurearre en yn 'e oarspronklike steat werom brocht.

It oargel besit 48 registers op trije manualen en pedaal.

Yn it koer stiet in twadde oargel fan Aristide Cavaillé-Coll. It waard yn 'e jierren 1870 boud en skonken troch in parochiaan.

Theresia fan Lisieux thumb|260px|Theresiakapel. De midiuwske katedraal fan Lisieux moat net betiizge wurde mei de Basilyk fan Sint-Theresia, dy't yn 'e 20e iuw boud waard. Oars as de katedraal hat Sint-Theresia dy tsjerke nea kend. Theresia wenne mei har mei har heit en susters yn 'e katedraal de misse by en yn 'e kapel by it koer is in stânbyld fan 'e hillige delset mei in ynskripsje, dêr't ferwiisd wurdt nei it plak wêr't de famylje krekt siet.

It heechalter is troch Louis Martin, de heit fan Sint-Theresia, skonken.

Sûnt de 20e iuw is Sint-Theresia nei Petrus (Piter) en Paulus de tredde patroanhillige fan 'e katedraal. Hja stiet op ien fan 'e brânskildere ramen oan 'e efterkant fan it koer.

Kategory:Lisieux Kategory:Katedraal yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1170 Kategory:Bouwurk út 1230 Kategory:Bouwurk yn Normandje