James Bond is in ferneamde fiktive Britske geheim agint (mei koadenûmer 007, útspr.: double oh-seven) yn 'e tsjinst by de bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6, dy't yn 1953 skepen waard troch auteur Ian Fleming. Syn romansearje oer James Bond, dy't úteinlik tolve romans en twa bondels mei koarte ferhalen omfieme, genoat yn 'e 1950-er jierren in beskate populariteit. Yn 1962 waard de earste filmadaptaasje fan syn wurk makke, dy't útsûnderlike súksesfol wie. Oant en mei 2021 soene der yn 'e James Bond-filmsearje yn totaal 28 films ferskine, wêryn't de rol fan Bond fertolke waard troch sokke ikoanyske akteurs as Sean Connery en Roger Moore. Nau mei Bond ferbûn binne de Bond girls, de tsjeppe jonge froulju dêr't de geheim agint yn elts fan syn aventoeren mei omgiet en net selden ek mei omslacht.
Namme Ian Fleming bewearde dat er de namme 'James Bond' ûntliend hawwe soe oan in wiere James Bond (1900-1989), in Amerikaanske ornitolooch. Dyselde wie de skriuwer fan it non-fiksjeboek Birds of the West Indies, dat Fleming yn 'e boekekast stean hie doe't er nei in gaadlike namme foar syn geheim agint socht. Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat Fleming eins de namme skoan ûntliend hawwe kin oan in Welske geheim agint mei wa't er sels ûnder de Twadde Wrâldoarloch tsjinne hie, in James C. Bond.
Persoanlikheid Syn geastlike heit, auteur Ian Fleming, stalde James Bond gear út 'e fysike skaaimerken en karaktertrekken fan in stikmannich kommando's mei wa't er ûnder de Twadde Wrâldoarloch sels tsjinne hie by de Ynljochtingedifyzje fan 'e Britske Keninklike Marine. Dêr foege er syn eigen styl en smaak oan ta.
De James Bond dy't op dy wize ûntstie, is in Ingelsman dy't as geheim agint foar de Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6 wurket. Hy is de soan fan Andrew Bond en Monique Delacroix, in Switserse. Hy wennet yn Londen, mar is ynternasjonaal aktyf. Hy is lang fan stal, mei in atletysk lichem en in knap uterlik. Syn leeftyd is ûnbeskaat, mar kin earne yn 'e tritich of fjirtich rûsd wurde, hoewol't er yn Fleming syn romans nea âlder wurdt.
Hy hâldt fan drinken, smoken, gokken, flugge auto's en seks mei tsjeppe froulju. Syn favorite drankje is oer it algemien in martini, dy't skodde wurde moat en net omret (shaken, not stirred). Syn foarleafde foar smoken is troch de feroarjende hâlding sûnt de 1980-er jierren yn 'e films sterk op 'e eftergrûn rekke sa net alhiel útbant, mar de oarspronklike Bond fan Fleming smookte 60 oant 70 sigaretten deis. De auto dy't it meast mei Bond assosjearre wurdt, is de Aston Martin.
Bond is in útsûnderlik skerpskutter en in tige feardich fjochter yn man-tsjin-mangefjochten. Ek is er in ekspêr yn skyen, swimmen en it spyljen fan poker en golf. As Bond immen deadet docht er dat sûnder te wifeljen of der letter emosjoneel mei om te pakken. Soks komt meastal foar as er syn oarders útfiert of as er himsels ferdigenet, mar soms hannelet er ek út wraak.
Ferskinings Romansearje
Wurken fan Fleming
1953 – Casino Royale 1954 – Live and Let Die 1955 – Moonraker 1956 – Diamonds Are Forever 1957 – From Russia, with Love 1958 – Dr. No 1959 – Goldfinger 1960 – For Your Eyes Only (ferhalebondel) From a View to a Kill For Your Eyes Only Quantum of Solace Risico The Hildebrand Rarity 1961 – Thunderball 1962 – The Spy Who Loved Me 1963 – On Her Majesty's Secret Service 1964 – You Only Live Twice 1965 – The Man with the Golden Gun 1966 – Octopussy and The Living Daylights (ferhalebondel) Octopussy The Living Daylights The Property of a Lady (net yn 'e oarspronklike edysje, mar tafoege oan lettere edysjes) 007 in New York (net yn 'e oarspronklike edysje, mar tafoege oan lettere edysjes)
Wurken fan oare skriuwers troch Kingsley Amis (ûnder it pseudonym Robert Markham) 1968 – Colonel Sun (roman) troch Christopher Wood (senarioskriuwer) 1977 – James Bond, The Spy Who Loved Me (ferboeking) 1979 – James Bond and Moonraker (ferboeking) troch John Gardner 1981 – Licence Renewed (roman) 1982 – For Special Services (roman) 1983 – Icebreaker (roman) 1984 – Role of Honour (roman) 1986 – Nobody Lives for Ever (roman) 1987 – No Deals, Mr. Bond (roman) 1988 – Scorpius (roman) 1989 – Win, Lose or Die (roman) 1989 – Licence to Kill (ferboeking) 1990 – Brokenclaw (roman) 1991 – The Man from Barbarossa (roman) 1992 – Death is Forever (roman) 1993 – Never Send Flowers (roman) 1994 – SeaFire (roman) 1995 – GoldenEye (ferboeking) 1996 – Cold (roman) troch Raymond Benson 1997 – Blast from the Past (koart ferhaal) 1997 – Zero Minus Ten (roman) 1997 – Tomorrow Never Dies (ferboeking) 1998 – The Facts of Death (roman) 1999 – Midsummer Night's Doom (koart ferhaal) 1999 – Live at Five (koart ferhaal) 1999 – The World Is Not Enough (ferboeking) 1999 – High Time to Kill (roman) 2000 – DoubleShot (roman) 2001 – Never Dream of Dying (roman) 2002 – The Man with the Red Tattoo (roman) 2002 – Die Another Day (ferboeking) troch Sebastian Faulks 2008 – Devil May Care (roman) troch Jeffery Deaver 2011 – Carte Blanche (roman) troch William Boyd 2013 – Solo (roman) troch Anthony Horowitz 2015 – Trigger Mortis (roman) 2018 – Forever and a Day (roman)
Spin-off-searjes Young Bond troch Charlie Higson 2005 – SilverFin (roman) 2006 – Blood Fever (roman) 2007 – Double or Die (roman) 2007 – Hurricane Gold (roman) 2008 – By Royal Command (roman) 2009 – A Hard Man to Kill (koart ferhaal) troch Steve Cole 2014 – Shoot to Kill (roman) 2016 – Heads, You Die (roman) 2016 – Strike Lightning (roman) 2017 – Red Nemesis (roman) The Moneypenny Diaries troch Samantha Weinberg (ûnder it pseudonym Kate Westbrook) 2005 – The Moneypenny Diaries: Guardian Angel (roman) 2006 – The Moneypenny Diaries: Secret Servant (roman) 2008 – The Moneypenny Diaries: Final Fling (roman)
Filmsearje
Films fan Eon Productions 1962 – Dr. No 1963 – From Russia with Love 1964 – Goldfinger 1965 – Thunderball 1967 – You Only Live Twice 1969 – On Her Majesty's Secret Service 1971 – Diamonds Are Forever 1973 – Live and Let Die 1974 – The Man with the Golden Gun 1977 – The Spy Who Loved Me 1979 – Moonraker 1981 – For Your Eyes Only 1983 – Octopussy 1985 – A View to a Kill 1987 – The Living Daylights 1989 – Licence to Kill 1995 – GoldenEye 1997 – Tomorrow Never Dies 1999 – The World Is Not Enough 2002 – Die Another Day 2006 – Casino Royale 2008 – Quantum of Solace 2012 – Skyfall 2015 – Spectre 2021 – No Time to Die
Oare films 1954 – Casino Royale 1967 – Casino Royale 1983 – Never Say Never Again
Bond-fertolkers Barry Nelson Sean Connery David Niven George Lazenby Roger Moore Timothy Dalton Pierce Brosnan Daniel Craig
Besibbe personaazjes Oare bekende personaazjes út 'e boeken en films oer James Bond binne M, de sjef fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 (en Bond syn baas), syn (of har) sekretaresse Miss Moneypenny, dy't smoarfereale is op Bond, en Q, in geniale útfiner yn 'e tsjinst fan MI6 dy't ferantwurdlik is foar alle technyske snufkes dêr't Bond gebrûk fan makket om syn aventoeren te oerlibjen. Fierders komt ek de mei Bond befreone Amerikaanske CIA-agint Felix Leiter yn ferskate boeken en films foar.
De manlike smjunten tsjin wa't Bond it opnimme moat, binne faak ekstreme psychopaten, mei trewanten mei bysûndere fermogens, hoewol't er ek geregeldwei kreaze froulike tsjinstanners op syn paad fynt, dy't him ornaris besykje te ferlieden. Dêrnjonken wurket Bond faak gear mei in like kreaze froulike meistanner, wylst der ek net selden froulike personaazjes yn 'e films foarkomme dy't harren moeting mei Bond letter troch omstannichheden mei de dea bekeapje moatte. Sokke kreaze froulike personaazjes om James Bond hinne wurde oantsjut as Bond girls. Yn iere James Bond-films hiene se faak dûbelsinnige nammen, lykas Honey Ryder, Pussy Galore, Plenty O'Toole, Xenia Onatopp of Holly Goodhead. Foar de aktrises dy't sa'n rol spylje, betsjut it faak it begjin fan in grutte opgong yn 'e filmwrâld.
Foarbylden fan Bond girls binne: Ursula Andress Maud Adams Grace Jones Maryam d'Abo Famke Janssen Michelle Yeoh Denise Richards Halle Berry Rosamund Pike Eva Green Olga Kurylenko
Bond, James Bond, James Kategory:Spionaazjefilm Bond, James Bond, James Bond, James Bond, James