Stettin (Poalsk: Szczecin; Dútsk en Sweedsk: Stettin) is de haadstêd fan West-Pommeren. Troch de stêd rint de rivier de Oder. Hoewol't de Eastsee 65 km noardliker leit, hat Szczecin tegearre mei Świnoujście de grutste seehaven fan Poalen. It is ek in universiteitsstêd.
Yn 1243 krige Stettin stedsrjochten en yn 1272 kaam de stêd oan de Hânze. Oant 1999 wie Stettin de haadstêd fan 'e provinsje Stettin; dat jier waard dy provinsje gearfoege mei twa oaren ta in nije provinsje West-Pommeren.
Ynwennertal 2014 - 408.176 2009 - 406.427 2004 - 411.900
Berne yn Stettin/Szczecin Katarina de Grutte (1729-1796), yn Stettin berne as Sophie Augusta Frederika von Anhalt-Zerbst-Domburg, letter tsarina fan Ruslân Alfred Döblin (1878-1957), Dútsktalich skriuwer Helga Deen (1925-1943), joadsk famke, slachtoffer fan de Holocaust
thumb|center|1000px|Stettin/Szczecin
Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip West-Pommeren Kategory:Plak stifte yn de 8e iuw