Scherpenheuvel-Zichem (Frânsk: Montaigu-Zichem) is in gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. De gemeente ûntstie yn 1977 troch in fúzje fan de gemeenten Averbode, Kaggevinne, Messelbroek, Scherpenheuvel, Testelt en Zichem.
Gemeenteyndieling Sûnt de fúzje fan 1977 bestiet de gemeente Scherpenheuvel-Zichem út de dielgemeenten Averbode, Kaggevinne, Messelbroek, Scherpenheuvel, Testelt en Zichem. By de dielgemeente Scherpenheuvel heart ek it doarp Schoonderbuken en by Zichem de doarpen Keiberg en Okselaar.
Dielgemeenten # Namme Oerflak/km² Ynwennertal(2022) Ynwenners/km² 1 Averbode 9,19 3.463 377 2 Messelbroek 5,80 1.955 337 3 Scherpenheuvel 13,44 8.439 628 Scherpenheuvel (kern)5,596.0711.086Schoonderbuken1,291.4731.142Kaggevinne6,56895136 4 Testelt 6,76 3.115 461Testelt (kern)4,072.007493Ter hoeve2,691.108412 5 Zichem 15,95 6.544 410Zichem (kern)9,533.031318Keiberg4,052.343579Okselaar2,381.170491
It besjen wurdich De gemeente is fral bekend fanwegen de roomske beafearttsjerke Us-Leaffrouwebasilyk fan Scherpenheuvel. Oarspronklik wie Scherpenheuvel in útbuorren fan it oanbuorjende Zichem (foarhinne Sichem), mar nei't yn de 17e iuw de beafeart foar in grutte stream pylgers soarge, soe Scherpenheuvel Zichem oermânsk wurde. Scherpenheuvel waard om de yn de 17e iuw stifte en wijde barokke Us-Leaffrouwebasilyk boud. Yn 1922 ferliende de paus de tsjerke de earetitel basilica minor. De basilyk is it sintrum fan ien fan de drokst besochte beafeartsplakken yn it lân.
Oan de noardlike râne fan Averbode, in dielgemeente fan Scherpenheuvel-Zichem en sân kilometer noardlik fan Scherpenheuvel, leit de ferneamde premonstratinzerske abdij fan Averbode.
De Flaamske skriuwer Ernest Claes sette it plak Zichem mei in tige libbene omskriuwing op 'e kaart yn syn skelmeroman "De Witte". Yn Zichem stiet syn byld foar de Sint-Eustachiustsjerke mei op syn skouders de haadpersoan út syn roman.
De brede delte fan de Demer foarmet tusken Testelt, Zichem, Averbode en Diest it natoergebiet Demerbroeken.
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Flaanderen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977