thumb|Freddy as Eamel de Hûnekop thumb|Eamel de Hûnekop as seksy Eamel de Hûnekop thumb|Eamel de Hûnekop as Eamel de Hûnekop thumb|Pisje Stjer is in Fryske film út 2021 fan Emiel Stoffers, sjonger fan de Fryske band De Hûnekop.
Yn de aksjekomeedzje fan oardel oere sit in soad humor en muzyk fan Stoffers en De Hûnekopgitarist Jeroen Seinstra. Yn de film folgje slapstick humor, situaasjes, fisuele grappen en wurdgrappen elkoar yn heech tempo op. De film is net botte subtyl, der komme in tal hurde en klisjees foarby. De bedoeling fan de film is dan ek om minsken gewoan wer efkes laitsje te litten.
Oanlieding Meidat it Hûnekopfestival troch de koronapandemy net trochgie, en de optredens stilleine, hie Stoffers net folle omhannen. Hûnekopfestival giet net troch, mar De Hûnekop is wol drok mei Stjer, Omrop Fryslân, 17 oktober 2020
Begjin 2020 waard hy ynspirearre troch de film Dolemite is my name, in film oer in man dy’t sels in film makke, mei in lyts budzjet. Stjer - it skitterjend filmdebút fan Emiel Stoffers, De Westereender, 9 novimber 2020 Yn de tiid fan de earste korona-lockdown, op 1 april 2020, lansearre De Hûnekop in eigenmakke treler op syn webside, mei in link nei tagongskaartsjes. Dejingen dy’t op de link klikten, krigen fuort te sjen dat it om in grap gie. Stoffers krige lykwols in soad e-mailtsjes fan teloarstelde minsken.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nieuws/988542-emiel-stoffers-maakt-friese-actiefilm-hier-kan-hollywood-nog-wat-van-leren Emiel Stoffers maakt Friese actiefilm: ‘Hier kan Hollywood nog wat van leren'''], Omrop Fryslân, 31 augustus 2020</ref> Emiel Stoffers socht help by Janko Krist, dy ’t wurke by Omrop Fryslân en programma’s as Man Bijt Hond.
Skript Emiel Stoffers fan De Hûnekop skreau it skript tegearre mei regisseur Janko Krist. Krist waard bekend as regisseur fan televyzjeprogramma's as Hea! fan Omrop Fryslân, Buorkje foar begjinners en it Nederlânske Man bijt hond. De makers lieten har ynspirearje troch films as Flodder, New Kids, Naked Gun en Bassie & Adriaan. It lûdgedielte fan de film waard fersoarge troch gitarist Jeroen Seinstra fan De Hûnekop.
Ferhaal Yn de film wurdt Hûnekopsjonger Emiel Stoffers folge. Hy hat yn de haadrol as Hûnekopsjonger stjerallueres krigen. Troch alle súksessen fan De Hûnekop is er feroare yn in 'arrogante, egotrippende, narsistyske, frou-ûnfreonlike, kokainesnuvende mispunt'.
Wyls stjerre ûnder fertochte omstannichheden, hieltyd mear bekende Fryske stjerartysten. Guon artysten helje de ein fan de film net. Sa wurde Griet Wiersma en Anneke Douma opblaasd. Geandewei docht bliken dat it om in searjemoardner giet dy 't it op Fryske sjongers foarsjoen hat. Resjersjeur Goaitske fan Goaitsen, spile troch Bertrie Wierenga, ûndersiket de saak en warskôget Emiel foar it gefaar. Emiel falt as in blok foar har. Yn de film hat Stoffers it dreech as sjonger en hy beslút om de Amsterdamske swalker ‘Freddy’ yn te wurkjen om syn plak as sjonger fan De Hûnekop yn te nimmen. Emiel sels wurdt de manager fan Freddy. Mar Freddy ferstiet gjin Frysk en wit dus ek net wat der krekt te rêden is. It bedroch fan Emiel Stoffers kin fansels net lang goed gean.
Spilers In grut oantal artysten en bekende Friezen spilet mei yn de film, lykas Johannes Rypma, Twarres, Gewoon Bram, Femke en Elske DeWall, Oele Plop en Frerik de Swetser, mar ek Iris Kroes, Boer Frans, Teake van der Meer en De Doelleazen. Yn de film sit ek in roltsje foar de tolvejierrige Hûnekop-fan DonnyDonny (12) speelt in een nieuwe Friese actiefilm, NOS Jeugdjournaal, 28 septimber 2020 De resersjeursrol wurdt spile troch de Ljouwerter aktrise Bertrie Wierenga, bekend fan de soap Goede Tijden, Slechte Tijden. In grutte rol is der yn de film foar Harm Bakker en in protte Fryske stjerren, mar dy stjerre ek hast allegear.
Publyk Yn 'e bioskoop waard Stjer'' sjoen troch 15.000 besikers., Friese misdaadfilm 'Lulk' op Prime Video, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2026, s. 48.
Kategory:Nederlânske aksjekomeedzje Kategory:Fryske aksjekomeedzje Kategory:Frysktalige film Kategory:Film út 2021 Kategory:Film fan Janko Krist Kategory:Film oer in bekend persoan Kategory:Film oer muzyk en muzikanten Kategory:Film oer rockmuzyk