thumb|Detail fan de wandbeklaaiïng yn de Iepenbiere Bibleteek Amsterdam Claudy Jongstra (Roermond, 6 febrewaris 1963) is in Nederlânske keunstneresse-tekstylûntwerper, harderinne, boerinne en aktiviste.
Wurkpaad Claudy Jongstra hat moadefoarmjouwing studearre oan de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert (1982-1989). In skaaimerk fan har wurk is it brûken fan wol dy't op ambachtlike wize ferfilte wurdt. Hja hat it hiele produksjeproses al sûnt de jierren '90 yn eigen hân en hat it sa ticht mooglik by hûs hâlde wold. De kymkrêft fan de boaiem foarmet de ynspiraasje en kearn fan har wurk. Har duorsume lytsskalige produksjeproses stiet foarop, se wol sa min mooglik ekologyske fuotprinten efterlitte, mei respekt foar de natoer en op basis fan lokale produkten en tradisjonele ambachten. Jongstra hat ynteresse yn ambachtlike produksjemetoades, yn griene materialen en duorsume wurkwizen en omtinken foar leefberheid, bioferskaat en lytse mienskippen. Troch werom te gean nei de oarsprong fan wol, weevjen en kleur, lit Jongstra har publyk neitinke oer de wikselwurking tusken minsk en natoer. Sa komt de wol fan in eigen keppel fan 200 Drintske heideskiep yn het Fryske Spannum, en foar de plantaardige kleurstoffen is in hiemtún opsetten. Troch it ferkeapjen fan har eigenbakte bôle krijt se in bân mei de Spannumers. Foar projekten as de produksje fan eigen parfum of fan spikerbroeken freget se de boeren om de rânen fan de ikkers yn te siedzjen mei sinneblommen.
In grutte opdracht oan it begjin fan har karriêre wiene de stoffen foar de Jedi yn de Star Wars Episoade I. Jongstra hat dêrneist stoffen makke foar Alexander van Slobbe, Maarten Baas, Hella Jongerius, John Galliano, moadeûntwerper Christian Lacroix en Donna Karan. Letter hat Jongstra har talein op wandfoljende autonome keunstwurken foar de oanklaaiïng fan gebouwen, lykas it Frysk Museum, it Provinsjehûs yn Ljouwert, de Iepenbiere Bibleteek Amsterdam en yn de neiste takomst it Museum of Modern Arts yn San Francisco.
It wurk fan Claudy Jongstra is opnomd yn ferskate kolleksjes, ûnder oare it Steedlik Museum Amsterdam, it Ryksmuseum Amsterdam, it Victoria & Albert Museum yn Londen en it Museum of Modern Art yn New York.
Claudy Jongstra waard keazen ta Keunstner fan it Jier 2019. Kunstenaar van het jaar 2019
Autonome wurken (kar-út) 2013: Skulptuer Frysk Lânskip, yntreehal Frysk Museum 2012: Mother of Pearl, haadgebou en restaurant Barnes Museum Philadelphia 2010: Keunstynstallaasje North Wall Atrium, Lincoln Center New York 2007: Wandbespanning, yntree Iepenbiere Bibleteek Amsterdam 2005: Wandbespanning, restaurant Keunsthal Rotterdam 2004: Wandtapyt, Nederlânske ambassade yn Berlyn 2003: Mother of Pearl en Blue silver, damessalon en ytkeamer fan it Catshûs yn De Haach
Tentoanstellings 2011: Tentoanstelling haadkertier Feriene Naasjes New York 2007: Dielnimming Arsjitektuer Biënnale Sao Paulo 2006: Jubileumeksposysje, Tekstylmuseum Tilburg
Prizen 2018: Keunstner fan it Jier 2019 2008: Prins Bernhard Kultuerfûns, Priis foar Byldzjende Keunst 2005: Vredeman de Vries-priis 2005: Amsterdampriis foar de Keunst
Kategory:Frysk ûntwerper Kategory:Frysk tekstylkeunstner Kategory:Nederlânsk ûntwerper Kategory:Nederlânsk tekstylkeunstner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1963