In noat oer útspraak: de Bretonske c'h is de Fryske ch fan "berch"; IPA: [x]. Yvan Le Bolloc'h (Brest, 20 desimber 1961) is in Frânsk presintator en akteur fan Bretonsk etnysk komôf.

Libben en karriêre Karriêre Le Bolloc'h waard yn 1961 berne yn 'e stêd Brest, op 'e westlike útein fan it skiereilân Bretanje. Hy begûn syn karriêre as learaar en stie fjouwer jier foar de klasse op skoallen yn Bretanje.

Letter wurke Le Bolloc'h geregeldwei gear mei Bruno Solo. Sa diene se yn 'e earste helte fan 'e 1990-er jierren tegearre de presintaasje fan ferskate muzykprogramma's op 'e tillefyzjestjoerder Canal+, wêrûnder Le Top 50 en Le plein de super.

Yn 1999 makke Le Bolloc'h syn debút as akteur yn 'e film Cuisine chinoise fan Frédérique Feder. Datselde jiers wied er ek foar it earst op it toaniel te sjen yn it stik Un barrage contre le Pacifique fan Marguerite Dumas. Fan 2001 oant 2004 spile Le Bolloc'h yn 'e tillefyzjesearje Caméra Café, op 'e tillefyzjestjoerder M6, dêr't yn 2004 ek in film op basearre waard, ûnder de titel Espace détente. Dêrnjonken wied er ek koart te sjen yn 'e tillefyzjesearje Kaamelott, fan Alexandre Astier.

Fierders die Le Bolloc'h oan 'e ein fan 'e 2000-er jierren mei oan 'e realitytillefyzjeprogramma's On va pas s'gêner, presintearre troch Laurent Ruquier op Europe 1, en On a tout essayé, op France 2.

Priveelibben Le Bolloc'h is in oanhinger fan 'e Frânske Sosjalistyske Partij. Op 1 maaie 2007 fersoarge er de presintaasje by in gearkomste yn it Stadion fan Charlety om partijliedster Ségolène Royal te stypjen.

Hy is ek aktyf as muzikant en spilet al sûnt syn jonkheid gitaar. Hy is lid fan 'e sigeunermuzykgroep Ma Guitare s'Appelle Revient, dy't syn ynspiraasje ûntlient oan 'e Gipsy Kings.

Filmografy Films 1999 – Cuisine chinoise 2000 – On fait comme on a dit 2001 – Moulin à paroles 2001 – Le Mal dy pays 2001 – J'ai faim!!! 2003 – Les Clefs de bagnole 2004 – Espace détente 2007 – Le Bénévole 2009 – Le Séminaire 2017 – Caméra Café: Origins

Tillefyzje 1991-1993 – Le Top 50 1993 – Le plein de super 2001-2004 – Caméra Café 2005 – Kaamelott

Teäter 1999-2000 – Un barrage contre le Pacifique 2008 – Les deux canards

Keppelings om utens Offisjele webside fan Yvan Le Bolloc'h Folsleine filmografy fan Yvan Le Bolloc'h yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Frânsk ûnderwizer Kategory:Frânsk telefyzjepresintator Kategory:Frânsk radiopresintator Kategory:Frânsk toanielakteur Kategory:Frânsk telefyzje-akteur Kategory:Frânsk filmakteur Kategory:Bretonsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1961