De Regio Hannover (Dútsk: Region Hannover) is in Kommunalverband besonderer Art yn it Dútske bûnslân Nedersaksen. It distrikt hat in unike status yn it distriktenstelsel fan Nedersaksen. Underdiel fan de Regio Hannover foarmet de stêd Hannover, de haadstêd fan it bûnslân, dy't deselde foarrjochten hat as in stêd dy't gjin diel útmakket fan in lânkring. De Regio Hannover is wat ynwennertal oanbelanget folle grutter dan de oare lânkringen yn Nedersaksen. It bestjoer is it Regionsparlament, dat foarsitten wurdt troch de Regionspräsident. Alle fiif jier wurdt der in nij regioparlemint en in nije Regionspräsident keazen. De funksje fan in Regionspräsident is te fergelykjen mei in boargemaster yn in stêd of gemeente.Side fan de lânkring Hannover

De Regio Hannover ûnstie op 1 novimber 2001, doe't de Kreisfreie Stadt Hannover en de lânkring Hannover gearfoege waarden.

Geografy De Regio Hannover grinzget yn it westen oan de lânkringen Schaumburg en Nienburg, yn it noarden oan de lânkringen Heidekreis en Celle, yn it easten oan de lânkringen Gifhorn en Peine en oan Hildesheim en Hameln-Pyrmont yn it suden.

Neffens ynwennertal is Hannover de grutste stêd en wat oerflak oanbelanget is Neustadt am Rübenberge dat.

De Regio Hannover makket die út fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen.

De regio leit yn it oergongsgebiet tusken de Lüneburger Heide en middenberchtme. Yn it westen leit de Steinhuder Mar, de grutste mar fan Nedersaksen, yn it súdwesten it Calenberger Lân en de berchkaam Deister.

Stêden en gemeenten

Alle stêden en gemeenten yn de Regio Hannover binne saneamde ienheidsgemeenten. {| | width="300" valign="top" | Barsinghausen, stêd Burgdorf, stêd Burgwedel, stêd Garbsen, stêd Gehrden, stêd Hannover, haadstêd Hemmingen, stêd Isernhagen Laatzen, stêd Langenhagen, stêd | width="300" valign="top" | Lehrte, stêd Neustadt am Rübenberge, stêd Pattensen, stêd Ronnenberg, stêd Seelze, stêd Sehnde, stêd Springe, stêd Uetze Wedemark Wennigsen (Deister) Wunstorf, stêd | width="33%" valign="top" |

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001