De Landkreis Rotenburg an der Wümme (ôfkoarte: Rotenburg (Wümme)) is in lânkring yn it noardeasten fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Haadstêd fan de lânkring is Rotenburg an der Wümme.
De lânkring ûntstie by in weryndieling yn 1977 troch de gearfoeging fan de lânkringen Bremervörde en Rotenburg (Wümme). De oarspronklike âlde lânkring Rotenburg (Wümme) hiet oant 1969 Rotenburg in Hannover, ôfkoart Rotenburg (Hann.).
De lânkring leit tusken Bremen, Bremerhaven en Hamburch. De lânkring grinzget yn it westen oan de lânkringen Verden, Osterholz en Cuxhaven, yn it noarden grinzget it oan de lânkring Stade, yn it easten oan Harburg en yn it easten en suden oan de Heidekreis.
Geografy De rivier de Wümme streamt fan east nei west troch de lânkring. It sompige gebiet oan de beide kanten fan de rivier wurdt de Wümmeniederung (Wümmedelte) neamt.
Bestjoerlike yndieling Yn 2005 waard yn Nedersaksen in herfoarming fan it bestjoer trochfierd. Dêrby ferfoel it ferskil tusken stêd en frije gemeenten, dy't tsjintwurdich ienheidsgemeenten neamd wurde. In ienheidsgemeente fiert alle gemeentlike taken selstannich út. In samtgemeinde dêrfoaroer is in gearwurkingsferbân en hat lidgemeenten. De samtgemeinde fiert foar dy lidgemeenten in tal mienskiplike taken út.
De lânkring Rotenburg an der Wümme bestiet út fiif ienheidsgemeenten en acht samtgemeinden. thumb|300px|left|Gemeentlike yndieling fan de lânkring Rotenburg
Ienheidsgemeenten: Bremervörde Gnarrenburg Rotenburg (Wümme) Scheeßel Visselhövede
Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten: 1. Samtgemeinde Bothel Bothel* Brockel Hemsbünde Hemslingen Kirchwalsede Westerwalsede
2. Samtgemeinde Fintel Fintel Helvesiek Lauenbrück* Stemmen Vahlde
3. Samtgemeinde Geestequelle Alfstedt Basdahl Ebersdorf Hipstedt Oerel* 4. Samtgemeinde Selsingen Anderlingen Deinstedt Farven Ostereistedt Rhade Sandbostel Seedorf Selsingen*
5. Samtgemeinde Sittensen Groß Meckelsen Hamersen Kalbe Klein Meckelsen Lengenbostel Sittensen* Tiste Vierden Wohnste 6. Samtgemeinde Sottrum Ahausen Bötersen Hassendorf Hellwege Horstedt Reeßum Sottrum*
7. Samtgemeinde Tarmstedt Breddorf Bülstedt Hepstedt Kirchtimke Tarmstedt* Vorwerk Westertimke Wilstedt
8. Samtgemeinde Zeven Elsdorf Gyhum Heeslingen Zeven*
* Bestjoerlike sit fan de samtgemeinde
Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977