De Landkreis Hameln-Pyrmont is in lânkring yn it suden fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. De lânkring ûntstie yn 1922 troch in fúzje fan de distrikten Hamelen en Pyrmont. Yn de lânkring wenje likernôch 150.000 minsken. De lânkring is de ferdielen yn 8 gemeenten en de haadstêd is Hamelen.

Geografy De lânkring leit yn it Weserberchlân oan de Boppe-Weser yn it suden fan Nedersaksen. It hiele gebiet wurdt troch middelgeberchtmes trochsnien. Yn it noarden leit it Süntel- en Weserberchtme, yn it easten de berchkaam Deister, it berchtme Osterwald, de Ith en de Thüster Berch. Yn it suden en it westen foarmet it Lipper Berchlân de grins mei de dielsteat Noardryn-Westfalen. De heechste punten fan de lânkring binne de Kanstein (441 meter) by Salzhemmendorf en de Hohe Egge (440 meter boppe seenivo) by Pötzen. De Weser rint fan noard nei súd troch Hamelen, dêr't de Hamel yn de Weser mûnet. Yn de gemeente Emmerthal yn it suden fan de lânkring streamt de Emmer út it distrikt Höxter yn de Weser.

De lânkring grinzget mei de klok mei begjinnend yn it noardwesten oan de lânkring Schaumburg, de regio Hannover en de lankringen Hildesheim en Holzminden (allegear yn Nedersaksen) en de lânkring Lippe (yn Noardryn-Westfalen).

Gemeenten thumb|left|Gemeenten yn Hamelen-Pyrmont Ienheidsgemeenten Aerzen, flekke Bad Münder am Deister, stêd Bad Pyrmont, stêd, (selsstannige gemeente) Coppenbrügge, flekke Emmerthal (Sit: Kirchohsen) Hamelen, haadstêd, (grutte selstannige stêd) Hessisch Oldendorf, stêd Salzhemmendorf, flekke Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1922