De lânkring Diepholz is in distrikt dat sintraal yn it Dútske bûnslân Nedersaksen leit. De lânkring rint sa'n 70 kilometer súdlik fan Bremen oant de grins fan it bûnslân Noardryn-Westfalen noardeastlik fan Osnabrück.

Geografy De lânkring Diepholz ferbynt Dútslân's lytste en Dútslâns meast befolke lân meiïnoar, nammentlik Bremen en Noardryn-Westfalen. Dêrmei is Diepholz in typyske saneamde Sektoralkreis, in kring dy't fan in grutte stêd oant djip yn it efterlân rint. De lânkring Diepholz grinzget mei de klok mei en begjinnend oan de stêd Bremen oan de lânkringen Verden, Nienburg/Weser (beide yn Nedersaksen), oan de kring Minden-Lübbecke (yn Noardryn-Westfalen), oan de lânkringen Osnabrück, Vechta en Aldenburch en de kringfrije stêd Delmenhorst (allegear yn Nedersaksen).

Njonken de fjouwer fûgelreservaten "Diepholzer Moorniederung", "Dümmer", "Kuppendorfer Böhrde" en "Oppenweher Moor" lizze der yn de lânkring noch 49 oare beskerme natoergebieten. It grutste dêrfan is it "Nördliche Wietingsmoor" mei 1.599 hektare, it lytste is de "Lachmöwenkolonie Stelle" fan 2 hektare.

Skiednis By de weryndielings fan de jierren 1970 fusearren de lânkring Grafschaft Diepholz mei dielen fan de lânkring Grafschaft Hoya mei yngong fan 1 augustus 1977 ta de lânkring Diepholz.

Stêden en gemeenten thumb|300px|left|''Stêden en gemeenten yn de lânkring Diepholz StêdenSamtgemeindenBassum Diepholz Sulingen Syke Twistringen

Frije gemeenten Stuhr Wagenfeld Weyhe1. Altes Amt Lemförde Brockum Hüde Lembruch Lemförde 1 Marl Quernheim Stemshorn 2. Barnstorf Barnstorf 1 Drebber Drentwede Eydelstedt 3. Bruchhausen-Vilsen Asendorf Bruchhausen-Vilsen 1 Martfeld Schwarme Süstedt 4. Kirchdorf Bahrenborstel Barenburg Freistatt Kirchdorf 1 Varrel Wehrbleck 5. Rehden Barver Dickel Hemsloh Rehden 1 Wetschen 6. Schwaförden Affinghausen Ehrenburg Neuenkirchen Scholen Schwaförden 1 Sudwalde 7. Siedenburg Borstel Maasen Mellinghausen Siedenburg 1 Staffhorst 1 sit fan de Samtgemeinde Keppeling om utens

Kategory:Distrikt yn Nedersaksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1977