thumb|Prinsesse Ariane op Keningsdei yn Emmen (2024) Ariane fan de Nederlannen (De Haach, 10 april 2007), folút Ariane Wilhelmina Máxima Ines fan Oranje-Nassau, is de tredde dochter fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima.

Berte Prinsesse Ariana waard tiisdei 10 april 2007 om 21.56 oere berne yn it sikehûs Bronovo yn De Haach. Freed 13 april, yn it âlde stêdhûs fan De Haach, joech har heit har berte oan by de boargerlike stân, yn de persoan fan lokoboargemaster Jetta Klijnsma.

Nammen Prinsesse Ariane is op de neikommende wize ferneamd: Ariane, om't heit en mem wer in namme mei in A woenen; Wilhelmina nei har oeroarrebeppe keninginne Wilhelmina; Máxima nei har oeroarrebeppe Máxima, oarrebeppe fan har mem Máxima; Ines/Inez nei har muoike Ines, jongste suster fan har mem Máxima.

Titel Har persoanlike titel is Prinsesse. Nei har susters Prinsesse Amalia en Prinsesse Alexia is Prinsesse Ariane de tredde yn de oarder fan troanopfolging.

Skoalle Ariane gie op 11 april 2011 nei de basisskoalle op de iepenbiere Bloemcampskoalle yn Wassenaar. Prinses Ariane naar de basisschool, Het Parool (11 april 2011) Fan it skoaljier 2019/2020 ôf waard se learling fan it Kristlik Gymnasium Sorghvliet yn De Haach. Prinses Ariane naar het Christelijk Gymnasium Sorghvliet in Den Haag, Koninklijk Huis (4 april 2019)

Fan it skoaljier 2023/2024 ôf oan gie se fierder mei har oplieding oan it United World College of the Adriatic, in kostskoalle yn Italië. Har heit en âldere suster Alexia foltôgen ek oan in UWC, mar dan yn Wales, harren middelbereskoalleoplieding. Op 6 july 2025 behelle Ariane der har Internationaal Baccalaureaat diploma. Prinses Ariane behaalt Internationaal Baccalaureaat diploma, Koninklijk Huis (6 july 2025)

Nei de simmer fan 2026 begjint Ariane mei de stúdzje Loft- en Romtefearttechnyk oan de TU Delft.

Underskiedingen By gelegenheid fan har achttjinde jierdei beneamde har heit Ariane ta ridder-grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Ek waard se beneamd ta ridder yn de Huisorde van den Gouden Leeuw fan Nassau. Keninklikhûs

Kategory:Lid fan it Nederlânske keningshûs Kategory:Nederlânsk persoan fan Argentynsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Baskysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Portegeesk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Hûs Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 2007