De swarthalsdûker (Podiceps nigricollis) is in dûker út de famylje dûkerfûgels (Podicipedidae).

Foarkommen De fûgel wurdt 28–34 sintimeter lang, hat in spanwiidte fan 56–60 sintimeter en weaget 250–600 gram. Mantsjes en wyfkes binne yn 'e fearren itselde.

Yn it simmerkleed is de fûgel te werkennen troch de brúnkleurige, losse fearren oan 'e siden en op 'e efterkant fan it lichem, de swarte rêch, hals en kop, de giele earplommen en de reade iris. Yn it winterkleed is de rêch, de efterkant fan 'e hals en de krún donkergriis. De donkere tekening efter it each is dúdliker as by de toefdûker, dy't wite wangen hat. De siden fan it lichem, de efterkant, it boarst, de kiel en de kanten fan 'e kop binne ljocht griiswyt.

De jongen hawwe in donker, griisbrún fearrekleed, mei bleke, gielige streken oan 'e kanten fan 'e kop. De ûnderkant is ljochter as de rêch.

Ferskil simmerkleed swarthalsdûker (lofts) en toefdûker (rjochts)

Yn it simmerkleed hat de swarthalsdûker in swarte kop en hals mei opfallende giele earplommen. De túfdûker hat in swarte kop, in kastanjebrune hals, goudgiele earplommen. Ferskil winterkleed swarthalsdûker (rjochts) en toefdûker (lofts)

Yn it winterkleed binne beide soarten folle soberder fan kleur. Beide soarten ha mear griis en wyt, mar in opfallend ferskil is it grize wang fan 'e swarthalsdûker en it wite wang fan 'e toefdûker.

Fersprieding De swarthalsdûker komt foar yn Noard-Amearika, Jeropa en Aazje. De fûgels dêr binne trekfûgels. Yn Amearika oerwinterje de fûgels meast oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, yn Jeropa oerwinterje in protte fûgels oan 'e Middellânske See. De swarthalsdûker komt ek yn Súd-Afrika foar. Dêr is de fûgel in stânfûgel.

De soarte wurdt ornaris yn trije ûndersoarten ferdield:

P. n. nigricollis: Euraazje. P. n. gurneyi: Subsaharaansk Afrika. P. n. californicus: Noard-Amearika.

Nederlân Yn Nederlân wurdt it oantal briedpearen op likernôch 290-350 rûsd. Yn Fryslân briedt de fûgel yn in tige lyts oantal. By de migraasje en winterdeis komt de soarte yn gruttere oantallen yn Nederlân foar. Seelân is it bêste plak om de fûgel winterdeis te sjen.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaien fan 'e swarthalsdûker. De soarte briedt yn lytse, ûndjippe wetters mei in rike begroeiïng en genôch iten, benammen ynsekten en harren larven. Dêrnjonken biede reidiggen feilige, beskutte plakken om te brieden. As briedfûgel kin de swarthalsdûker sterke skommelingen yn it tal briedpearen sjen litte, dy't gearhingje mei feroarings yn 'e wetterstân. Yn drûge omstannichheden bliuwe briedgebieten faak sûnder swarthalsdûkers, of briede der mar lytse oantallen. Winterdeis hâldt de swarthalsdûker him op grutte marren en yn sâlt wetter op, lykas yn ûndjippe kustgebieten en estuaria.

De swarthalsdûker briedt fan heal april oant heal july en bout in driuwend nêst yn ûndjip wetter ferburgen tusken reid. Hy docht dit lykwols faak yn lytse koloanjes, oant sa'n hûndert nêsten ta, mar ek solitêr of mei mar in pear briedpearen. It wyfke leit meast trije oant fjouwer aaien, dy't nei sa'n trije wiken brieden útkomme. De piken komme net allegear tagelyk út it aai en wurde op 'e rêch waarm holden. Se bliuwe nei it útkommen fjouwer oant seis wiken by de âlden foardat se harsels rêde kinne. De swarthalsdûkers bringe faak twa nêsten mei jongen grut yn in jier.

It iten bestiet foaral út ynsekten en harren larven. Ofhinklik fan it plak en de tiid fan it jier wurde ek weakdieren en kreefteftigen, amfibyen en lytse fisken iten. It iten wurdt fan it wetteroerflak helle of by it dûken opdien. Ek fleanende ynsekten wurde fongen.

Status Op wrâldnivo hat de swarthalsdûker in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, al is de ûntwikkeling fan it oantal fûgels net dúdlik. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming (IUCN) beskôget de soarte net as bedrige en pleatst him dêrom yn de kategory net bedrige (Least Concern).

De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 3,9 oant 4,2 miljoen yndividuen. Dêrfan briede neffens rûzing yn Europa 46.400 oant 77.500 pearkes.

Sjoch ek List fan fûgels

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûker Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsee Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk