It Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach (Ingelsk: Palm Beach International Film Festival), ôfkoarte ta PBIFF, is in filmfestival dat elts jier yn mids april holden wurdt yn 'e stêd Palm Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida.
It evenemint bestiet sûnt 1996, doe't it oprjochte waard troch sinefilen Burt Aaronson, Charlotte Pelton en J.K. Waters mei finansiering fan 'e pleatslike filantroop George Elmore. Tsjintwurdich wurdt it beävensearre troch in eigen stifting.
Elts jier wurde der goed 120 ûnderskate films fertoand fan oer de hiele wrâld. Dêrûnder binne sawol langspylfilms, koarte films as dokumintêres. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach komme trochinoar likernôch 20.000 belangstellenden ôf.
Yn 2003 waard it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach omfoarme ta in kompetysje foar de fertoande films. De sjuery rikt prizen út yn 'e folgjende kategoryen: bêste film bêste koarte film bêste dokumintêre bêste regisseur bêste akteur/aktrise Ek is der in publykspriis.
Keppelings om utens Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach
Palm Beach Kategory:Evenemint yn Floarida Kategory:Palm Beach (Floarida) Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1996