thumb|Wapen fan Van Sytzama Van Sytzama is in laach út Arum dêr't leden fan sûnt 1814 ta de Nederlânske adel behearre.Y. Brouwers, 'Sytzama', yn: De Nederlandsche Leeuw 117 (2000), k. 89-113.Nederland's Adelsboek 94 (2009), s. 457-476.

Skiednis De stamrige begjint mei de eigenerfde Peer Sytzazin dy't yn Arum op it Sytzamagoed wenne en foar 14 july 1492 stoar. In ferfalske oarkonde moast útwize dat er in "echte" Sytzama wie, troch te stellen dat er in broer fan de ealman Jelmer Sytzama wie, wat net wier wie.Y. Brouwers, P.N. Noomen en O. Vries, "De âldste generaasjes Van Sytzama: nei oanlieding fan Oudfriese Oorkonden IV, 13 en 159", yn: Ferslach fan de 154e gearkomste fan de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy, 18 des. 1998. By Sûverein Beslút fan 28 augustus 1814 waarden twa neikommelingen fan him erkend as eallju fan Fryslân; yn 1822 waard de titel fan baron offisjeel talitten.

Telgen (in kar) Maurits Pico Diederik van Sytzama (1731-1795), bestjoerder Clara Feyoena van Raesfelt-van Sytzama (1729-1807), dichteresse Mr. Willem Hendrik baron fan Sytzama (1763-1848), jurist en lid fan de Twadde Keamer Johannes Galenus baron fan Sytzama (1767-1839), luitenant-generaal Maurits Pico Diederik baron fan Sytzama (1789-1848), lid en foarsitter fan de Twadde Keamer Douwe Jan Vincent baron van Sytzama (1816-1886), boargemaster Mr. Johannes Galenus Willem Hendrik baron van Sytzama (1830-1907), boargemaster

Kategory:Frysk aadlik laach Kategory:Arum