The Searchers is in Amerikaanske Technicolor-westernfilm út 1956 ûnder rezjy fan John Ford, mei yn 'e haadrollen John Wayne en Jeffrey Hunter. De titel betsjut "De Sikers". It ferhaal giet oer oarlochsfeteraan Ethan Edwards, dy't nei de moard troch in troep Yndianen op 'e húshâlding fan syn broer Aaron mei syn oannommen omkesizzer Martin ôfset op in jierrenlange siiktocht nei syn ûntfierde omkesizzer Debbie. De film krige yn 'e 1950-er jierren fan 'e filmkritisy oer it algemien ridlik positive resinsjes, en ek wied er kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Tsjintwurdich wurdt The Searchers rûnom sjoen as ien fan 'e bêste westernfilms aller tiden, of sels as ien fan 'e bêste films aller tiden. Yn 1989 waard de film as ien fan 'e earste fiifentweintich opnommen yn it National Film Registry fan 'e Library of Congress, omreden fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.
Plot Yn 1868 keart Ethan Edwards nei in ôfwêzigens fan acht jier werom nei it boerespultsje fan syn broer Aaron yn 'e wyldernis fan noardlik Teksas. Hy hat yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) fochten, en hoewol't er net praat oer wat er yn 'e trije jier sûnt de ein fan dat konflikt útfûn hat, wurdt dúdlik dat er yn Meksiko meifochten hat tsjin 'e Frânske besetting fan dat lân. Hy hat in grutte hoemannichte goudene munten yn syn besit en in medalje dy't er krigen hat fan it Meksikaanske regear, dy't er oan syn acht jier âlde omkesizzer Debbie jout.
Koarte tiid nei syn de weromkear fan Edwards wurdt by Lars Jorgensen, in feeboer dêr yn 'e omkriten, troch Yndianen fee stellen. De pleatslike predikant, Samuel Clayton, dy't tagelyk ek de regionale kaptein fan 'e Texas Rangers is, stalt dêrop in posse gear en wol Edwards tydlik ynswarre as Texas Ranger, mar dyselde jout him te kennen dat er trou sward hat oan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en dat er net twa masters tagelyk tsjinje kin. As de posse fjirtich myl fan hûs is, fine se de kij ôfslachte werom; it docht bliken dat de feedieverij net mear as in ôfliedingsmaneuver wie fan 'e Komantsjen om 'e mannen fuort te lokjen. As Edwards-en-dy by it spultsje fan Aaron Edwards weromkomme, stiet de blokhutte yn ljochte lôge. Aaron, syn frou Martha en harren jonge soan Ben binne dea, wylst Debbie en har âldere suster Lucy ûntfierd binne.
Nei in mei tûzen hasten holden begraffenis set de posse de efterfolging yn. Underweis ûntdekke se it grêf fan ien fan 'e krigers dy't by de oanfal op 'e pleats fan Aaron en Martha ferwûne rekke wie. Edwards iepenet it grêf en skeint it lyk. As se it kamp fan 'e Komantsjen ûntdekke, wol Edwards fuortendaliks in iepen oanfal útfiere, mar Clayton wol dêr neat fan hearre, om't soks de Yndianen de kâns jaan soe om 'e famkes te deadzjen. Dat ynstee beslûpe se it kamp, mar tsjin 'e tiid dat se der arrivearje, binne de Yndianen al fuort. As se it spoar fan 'e Komantsjen fierder folgje, ride se yn in mûklaach wêrby't se fan twa kanten ynsletten reitsje. Troch in rivier oer te stekken, witte se lykwols te ûntkommen.
Yn it gefjocht is ien fan 'e leden fan 'e posse slim ferwûne rekke, dat Clayton beslút mei him werom te kearen nei hûs. Neffens him hat er te min mannen om in iepen gefjocht mei de Komantsjen winne te kinnen, en tefolle om har temûk oer it mad te kommen. Edwards is it mei him iens, en hy is fan doel om allinnich fierder te gean, mar Martin Pawley, de oannommen broer fan 'e famkes, en Brad Jorgensen, Lucy har ferloofde, jouwe har by him. As Edward it spoar folget fan in stikmannich krigers dy't har fan 'e haadmacht ôfspjalten hawwe, ûntdekt er it stoflik omskot fan Lucy, dy't fermoarde en (sa wurdt suggerearre mar net sein) ferkrêfte is. Hy besiket dat geheim te hâlden foar de beide jongemannen, dy't ûnderwilens it spoar fan 'e haadmacht folge hawwe, mar lang om let komt it út. Dêrop wurdt Brad Jorgensen sa breinroer dat er fuortendaliks in frontale oanfal op it kamp fan 'e Komantsjen útfierd dat se krekt ûntdutsen hawwe, wêrby't er omkomt.
As it winter wurdt, reitsje Edwards en Martin Pawley it spoar kwyt en ride werom nei de ranch fan 'e Jorgensens. Se hawwe mear as in jier op 'en paad west en Martin wurdt entûsjast ferwolkomme troch Laurie Jorgensen, Brad syn suster, dy't fereale op him is. By de Jorgensens is in brief foar Edwards efterlitten fan in keapman dy't Futterman hjit. Dyselde beweart ynformaasje te hawwen oer Debbie. Edwards, dy't leaver de hannen frij hawwe wol, set ier de oare moarns wer ôf, wylst Martin noch sliept. Martin ornearret lykwols dat Edwards neat om 'e rêding fan Debbie jout, mar inkeld wraak nimme wol op 'e Komantsjen. Hy beskôget himsels dêrom as de iennichste beskermer dy't Debbie hat. Laurie is lulk en teloarsteld dat er daliks wer fuort wol, mar tsjin betterwitten yn jout se him har eigen hynder.
Mear as in jier letter heart Laurie foar it earst wer wat fan Martin, dy't har in brief stjoert oer de eksploaten fan him en Edwards dat se lûdop foarlêst. By de hannelspost fan Futterman komme Edwards en Martin oan 'e weet dat Debbie ûntfierd is troch in opperhaad dat Scar hjit. Hy is de lieder fan 'e Nawyecka-troep fan 'e Komantsjen. Edwards hie in hege beleanning útlove foar ynformaasje dy't liede soe ta de befrijing fan Debbie, en hy seit Futterman ta dy útbetelje te sillen sadree't syn ynformaasje fertuten dien hat. Hy jout him in stikmannich goudstikken as 'oanbetelling'. Dy nachts wurde Edwards en Martin yn harren kamp oerfallen troch Futterman en trije trewanten, dy't blykber net sa lang op it jild wachtsje wolle. Edwards is har lykwols te slim ôf; mei't er soks al ferwachte hie, hat er by it kampfjoer in pear sealen yn syn tekken bewuolle, wylst er sels mei it gewear yn 'e oanslach yn it tsjuster ôfwachtet. As de oanfal komt, sjit er Futterman-en-dy dea, en nimt er it jild dat er jûn hie werom.
Neitiid folgje Edwards en Martin it spoar fan 'e ynformaasje fan Futterman, dat harren nei it Yndiaansk Territoarium (it hjoeddeistige Oklahoma) liedt. Dêr dogge se har foar as in pear blanke keaplju dy't tekkens, huodden en klean oan 'e Yndianen ferkeapje wolle. Troch de taalbarriêre keapet Martin dêr op in kear by fersin in Komantsje-squaw om syn wiif te wurden, in ûntwikkeling dy't Edwards hilarysk fynt. De frou hjit Wylde Goes dy't yn 'e Nachtloft Fljocht, mar kriget troch in oar fersin de ropnamme 'Sjoch', om't Martin eltse sin dy't er tsjin har sprekt mei dat wurd begjint. As se úteinlik foar it ferstân kriget dat de mannen efter Scar oan sitte, naait se út, hoewol't se tekens efterlit dy't de mannen folgje kinne. It wurdt nea dúdlik oft se harren no yn in mûklaach besiket te lokjen of dat se harren helpe wol, want se fine har úteinlik dea werom by in diel fan 'e troep fan Scar dy't by in oanfal fan 'e Amerikaanske kavalery útmoarde is.
Mear as fiif jier nei't se mei harren syktocht úteinset binne, liedt it spoar Edwards en Martin nei Nij-Meksiko, dêr't se in âlde bekende treffe, Mose Harper, in man dy't ek diel útmakke fan 'e oarspronklike posse. Hy hat in Meksikaan fûn, in Emilio Gabriel Fernández y Figueroa, dy't wit wêr't Cicatriz, oftewol Scar, is. Sa fine se einlings dejinge dy't se sykje, en har op 'e nij foardwaand as keaplju geane se it kamp fan it opperhaad yn. Scar lit him lykwols net bedrage en wit fuortendaliks wa't er foar him hat. Yn it petear dat folget, komt te praat dat twa soannen fan Scar troch de blanken fermoarde binne, en dat er dêr gâns wraak foar nommen hat. Ien fan 'e froulju fan it opperhaad is de no fyftjinjierrige Debbie. Nei de moeting folget dy harren nei har kamp om har broer en omke te ferstean te jaan dat se no in Komantsje is en dat ek bliuwe wol. Edwards wol har leaver dea hawwe as dat se mei in Yndiaan omslacht en besiket har del te sjitten, mar Martin springt derfoar en beskermet har mei syn eigen lichem. Op dat stuit falle Scar en syn krigers oan en moatte de beide mannen sjen dat se fuort komme. By de oanfal rekket Edwards ferwûne, en hoewol't Martin him fersoarget, is er poerlulk op him om't er Debbie ombringe woe en winsket er him dea. Edwards is lykwols te taai om te stjerren en beide mannen keare werom nei hûs.
Underwilens hat Laurie Jorgensen nei mear as fiif jier de hoop opjûn dat Martin ea noch by har weromkomme sil. In oare jongeman, Charlie McCorry, hat nei har stike, en sy hat him tawurd jûn. De jûns dat Edwards en Martin thúskomme is ek de jûns dat de trouwerij fan Laurie en Charlie plakfine sil. Dat liedt ta slaanderij tusken Martin en de brêgeman, oant in senuweftige militêr, luitenant Greenhill, delkomt mei it nijs dat de troep fan Scar yn 'e omkriten sinjalearre is en oft de Texas Rangers ek helpe wolle by de ferdigening. It is dúdlik dat Scar-en-dy Edwards en Martin folge binne.
Clayton wachtet net op 'e kavalery, mar liedt syn mannen fuortendaliks dyselde jûns noch nei it kamp fan 'e Komantsjen ta. Edwards is op 'e nij foar in frontale oanfal en Clayton is it diskear mei him iens, mar hy stiet ta dat Martin foarôfgeande dêroan temûk it kamp ynglûpe sil om Debbie te sykjen. Martin wit har te finen, en as Scar harren oer it mad komt, sjit er dy dea. De skotten binne foar Clayton en de oaren it teken om it kamp binnen te fallen. Edwards ûntdekt dêr it lyk fan Scar en skalpearret dat. Dêrnei kriget er Debbie yn 'e rekken, dy't er op syn hynder efterneiset. Martin is bang dat er har op 'e nij besykje sil te deadzjen en draaft harren wanhopich efternei. As er har úteinlik byhelle hat, betinkt Edwards him lykwols; hy tilt har op, set har op syn hynder en seit: "Litte we nei hûs gean, Debbie." Se wurdt nei de ranch fan 'e Jorgensens brocht, dêr't Martin einlings weriene wurdt mei Laurie, no't sy en Charlie ôfsjoen hawwe fan harren foarnommen houlik.
De film einiget mei in ikoanyske sêne wêryn't Ethan Edwards de ranch ferlit sa't er oan it begjin fan 'e film arrivearre is: allinne. De doar giet stadich efter him ticht en de it byld wurdt swart.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Ethan Edwards John Wayne Martin Pawley Jeffrey Hunter
byrollen personaazje akteur/aktrise Laurie Jorgensen Vera Miles dûmny en kaptein Samuel Johnson Clayton Ward Bond Lars Jorgensen John Qualen frou Jorgensen Olive Carey Debbie Edwards (âlder) Natalie Wood opperhaad Cicatriz (Scar) Henry Brandon Charlie McCorry Ken Curtis Mose Harper Hank Worden Brad Jorgensen Harry Carey jr. Emilio Gabriel Fernández y Figueroa Antonio Moreno Wylde Goes dy't yn 'e Nachtloft Fljocht / 'Sjoch' Beulah Archuletta Aaron Edwards Walter Coy Martha Edwards Dorothy Jordan Lucy Edwards Pippa Scott Ben Edwards Robert Lyden Debbie Edwards (jonger) Lana Wood luitenant Greenhill Patrick Wayne
Produksje en distribúsje Produksje The Searchers waard regissearre troch John Ford nei in senario fan Frank S. Nugent op basis fan 'e roman The Searchers fan Alan Le May, út 1954. Ford wie ek as filmprodusint by it projekt belutsen foar de filmstudio C.V. Whitney Pictures. Der wie in budget fan $3.750.000 foar de film beskikber. Utfierend produsint wie Merian C. Cooper. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Winton C. Hoch en de filmmuzyk waard fersoarge troch Max Steiner.
Hoewol't The Searchers foar it meastepart spile op 'e Llano Estacado, in diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika dat it noardlike part fan Teksas beslacht, waard de film eins opnommen yn Monument Valley, op 'e grins fan Arizona en Utah. Behindiger stikjes waarden filme yn Mexican Hat (Utah) en yn Bronson Canyon by Los Angeles, wylst de sêne mei de keppel Amerikaanske bizons opnommen waard yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta.
Distribúsje De distribúsje fan The Searchers waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 16 maaie 1956 yn Chicago yn premiêre.
Histoaryske eftergrûn Ynspiraasjeboarnen