Middelsee is in nij te bouwen stedsdiel yn it suden fan de stêd Ljouwert. De namme komt fan de eardere see-earm, de Middelsee, dy't yn de Midsiuwen by Ljouwert del rûn, en waard yn 2018 fêststeldBesluten oangeande nammejouwings 2018.

Oan de eastkant stiet in pleats út 1908 dêr't it Frysk Lânboumuseum yn fêstige is.

Nijbou Yn it plan foar de nije wyk moatte 2.800 nije wenten boud wurdeD66: realisatie plan middelsee. De wyk wurdt begrinzge yn it noarden oan it Van Harinxmakanaal, yn it easten oan de Oeriselskeleane, yn it suden oan De Werp, dy't it gebiet wurdt om de nij te bouwen Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke wurdt, en yn it westen oan it spoar Ljouwert-Swol. Middelsee krijt, ta tsjinstelling fan de wyk De Súdlannen, dêr't de buerten fan in doarpsk karakter hawwe, in stedsk karakter.

Fase 1 fan it plan is it bouwen fan de twa buerten Havenstêd en Wetterstêd mei 750 wenten, dy't op de Fryske stêden lykje moatte. Havenstêd komt oan it Van Harinxmakanaal om in nij oan te lizzen haven te lizzen. De buert sil bestean út apparteminteblokken dy't op pakhuzen lykje moatte. Ek komt der njonken wenten ek romte foar hoareka, winkels en detailhannel. Yn Wetterstêd komme huzeblokken mei grêften en singels, en wurdt der romte makke foar wenskippen en oar wenjen oan it wetter. Ek komt dêr plak foar wuinkels en hoareka.

Fan ein 2020 ôf waard úteinset mei it bouwen fan de earste huzen.

Dêrnei wurdt it gebiet fierder ûntwikkele. Yntinsive bebouwing komt yn Havenstêd, Wetterstêd, by de Oeriselskeleane del en Werpsterhoeke. De rêst wurdt ynfold mei bebouwing, in soad griene romte en wurdt der ek omtinken jûn oan de argeologyske wearden yn it gebiet.

In moasje fan de PvdA om njonken keap- en frije merk-hierwenten ek sosjale wentebou te meitsjen hat it net helleDer moatte mear sosjale hierwenningen boud wurde yn Ljouwert, Omrop Fryslân.

Keppeling om utens Webstee fan de projektwyk Middelsee

Kategory:Wyk yn Ljouwert