Sudden Impact is in Amerikaanske plysjefilm en aksjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen himsels en syn doetiidske freondinne Sondra Locke. De titel betsjut "Hommelse Ynslach". It ferhaal folget de bikkelhurde plysje-ynspekteur Dirty Harry Callahan as er in searjemoardner op it spoar komt. It giet om in keunstneresse dy't systematysk de dieders út 'e wei rommet dy't har en har jongere suster tsien jier lyn ûnderwurpen hawwe oan in groepsferkrêfting. Callahan rekket lykwols sûnder dat er it wit behelle yn in romantyske relaasje mei de moardneresse. Sudden Impact wie it fjirde en foarlêste diel út 'e Dirty Harry-filmsearje. De film krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Sudden Impact is ferneamd fanwegen it sitaat fan Dirty Harry "Go ahead, make my day" ("Toe mar, meitsje myn dei mar goed") tsjin in oerfaller by in wapene ympasse.

Plot In studinte keunstskiednis, Jennifer Spencer, en har jongere suster Beth, dy't noch op 'e middelbere skoalle sit, wurde troch Ray Parkins, in froulike kollega fan Jennifer yn it túnsintrum dêr't se in bybaantsje hat, op in jûn nei in "feestje" ûnder de pier fan San Paulo ta lokke. Dêr docht bliken dat it 'feestje' derút bestiet dat de beide famkes in groepsferkrêfting ûndergeane troch in stikmannich jongemannen. De brute ferkrêfting makket Jennifer har suster geastlik stikken, en neitiid bedarret se yn in katatoanyske steat dêr't se nea wer útkomt. De dieders ûntrinne op ûnbegryplike wize harren straf trochdat it rjochtssysteem net goed funksjonearret.

Tsien jier letter komt Jennifer yn San Francisco by tafal George Wilburn, ien fan 'e ferkrêfters, tsjin. Se folget him nei hûs, skaft in revolver oan en folget him de oare deis nei in kroech dêr't se harsels troch him fersiere lit. Hy ken har net werom en nimt har mei nei in ôfhandich plak om yn syn auto seks mei har te hawwen. Sy sjit him yn 'e skamstreek en dêrnei yn 'e holle. Nei de moard beslút se troch te gean mei foar eigen rjochter te spyljen troch yn San Paulo de oare ferkrêfters op te sykjen en te fermoardzjen. Se hiert dêr in hûs en fynt wurk yn 'e foarm fan 'e restauraasje fan 'e histoaryske draaimole op 'e pier dêr't de groepsferkrêfting by plakfûn.

Underwilens rekket ynspekteur Dirty Harry Callahan fan it San Francisco Police Department hieltyd slimmer frustrearre trochdat kriminelen omreden fan foarmflaters of ûnrjochtlike trochsikings fan harren auto's frijsprutsen wurde, hoewol't se dúdlik skuldich binne. Troch ûnderkommissaris Briggs wurdt er beskrobbe om't er sels de saken tsjin sokken torpedearret mei syn ûnwetlik optreden. By in oerfal op syn favorite kafetaria sjit Callahan letter dy deis trije oerfallers dea en rjochtet dan syn reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver op 'e lêste oerfaller, dy't er útdaget mei de wurden: "Toe mar, meitsje myn dei mar goed." De man docht dat lykwols net, en kiest der ynstee foar om himsels oer te jaan.

Nei in nije beskrobbing troch Briggs foar it brûken fan bûtenspoarich geweld bejout Callahan him dy jûns nei de brulloft fan in pakesizzer fan maffiabaas Threlkis, dy't er ferantwurdlik hâldt foar de marteling fan en moard op in prostituee yn ien fan syn saken. It ûndersyk sit lykwols folslein op 't slot, dat Callahan liicht Threlkis foar dat it slachtoffer foartiid alles wat se wist oer har rike, âlde, kriminele klant opskreaun hie en dat hy dat relaas yn 'e hannen krigen hat. Hy ferget dêrmei Threlkis sa, dat dyselde in hertoanfal kriget en der dea hinnefalt. Op 'e nij moat Callahan neitiid syn dieden ferantwurdzje foar Briggs oer, dy't him ynprintet dat er mei syn optreden it langrinnende ûndersyk nei Threlkis, dat tsientûzenen dollars belestingjild koste hat, folslein fuortsmiten hat. Yn oerlis mei de kommissaris en mei Callahan syn direkte superieur, haadynspekteur Donnelly, wurdt besletten Callahan mei ferlof te stjoeren.

Callahan bringt syn twongen fakânsje troch mei sportsjitten mei syn .44 AutoMag, in pistoal ter grutte fan in kanon, dêr't er it mei opnimt tsjin syn swarte kollega Horace King. De fakânsje duorret net lang as fjouwer trewanten fan Threlkis Harry jûns let oer it mad komme en him út 'e wei besykje te romjen. De konfrontaasje einiget lykwols mei trije fan 'e mannen dea en Callahan noch springlibben. In dei letter besykje de fertochten út in oare saak fan Callahan, dy't troch de rjochter omreden fan it ûnrjochtmjittich trochsykjen fan harren auto frijsprutsen binne, Callahan te fermoardzjen troch twa molotovcocktails by him yn 'e auto te smiten. Ien fan 'e flessen bliuwt lykwols hiel, en Callahan smyt it ding werom, wat resultearret yn 'e dea fan 'e trije jongemannen. Om't dit sa net trochgean kin, lûkt haadynspekteur Donnelly it twongen ferlof fan Callahan yn, mar ynstee dat er yn San Francisco wer oan it wurk mei, stjoert er him nei San Paulo, om ûndersyk nei de eftergrûn te dwaan fan moardslachtoffer George Wilburn, dy't dêr wei kaam.

As er noch mar krekt arrivearret yn it sliepperige stedsje San Paulo sjocht Callahan hoe't in bankberôver in jonge plysjeman delsjit en útnaait. Hy giet de man geandefoets efternei troch it winkeldistrikt. As de oerfaller in trijetsjilsmotorfyts stelt, foarderet Callahan in autobus fan in âldereintehûs, dy't fol sit mei lju op jierren, en set dêrmei in domdryste efterfolging yn. Hy wit de oerfaller úteinlik te pakken te krijen, mar makket mei syn ûnferantwurdlik hâlden en dragen gjin bêste earste yndruk op 'e pleatslike plysjekommissaris Lester Jannings.

Yn syn hotelkeamer treft Callahan neitiid in grouwe Ingelske buldoch oan, in (sarkastysk) kado fan syn kollega Horace King. As er de oare deis út te hurddraven is mei de hûn, dy't er Meathead neamd hat, komt it ûnnoazele bist by fersin yn botsing mei in fytsende Jennifer Spencer. Callahan freget him ôf oft de hûn wol earne goed foar is, mar werom yn syn hotel hat Meathead ynienen in fertocht grutte belangstelling foar de doar fan 'e hotelkeamer njonken dy fan Callahan. Mei't er warskôge is, slagget it de fjirde trewant fan Threlkis, dy't ynienen de doar iepenskuort en it fjoer iepenet, net om Callahan te deadzjen; ynstee sjit Callahan him dea.

Underwilens folget Jennifer in twaddenien fan 'e ferkêfters, Kruger, nei it strân, dêr't er oan it seefiskjen giet. Dêr sjit se him yn it krús en de holle, krekt sa't se by Wilburn dien hat. Callahan wurdt oer de moard ynljochte troch in tankbere Bennett, de plysje dy't troch de bankberôver delsketten waard en mooglik deamakke wie as Callahan der net west hie. Hy ken daliks de modus operandi fan deselde moardner wer, mar kommissaris Jannings jout him yn net mis te fersteane bewurdings te kennen dat er yn San Paulo gjin rjochtsfoech hat en dat er him net mei de saak bemuoie moat.

Mei't er fan sokke dwerseiderij erchtinkend wurdt, siket Callahan nei in reden foar de kommissaris om gjin gleskegnuvers by de nije moardsaak hawwe te wollen. Op in foto fan in groep minsken oan 'e wand yn it kantoar fan Jannings ken Callahan Wilburn en Kruger werom en ek de lûdroftige en asosjale Ray Parkins, mei wa't er de foargeande jûns yn in pleatslike kroech op ûnoangename wize yn 'e kunde kommen is. Bennett fertelt him dat it in foto is fan Alby, de soan fan Jannings, en dy syn maten. Callahan negearret it befel fan Jannings om him net mei de saak te bemuoien en befreget de frou fan Kruger. Fan har wurdt er net folle gewaar, en boppedat rekket er ek noch slaande deilis mei har beide bruorren, Eddie en Carl, dy't er lykwols sûnder swierrichheden oer kin.

Underwilens hat Ray Parkins twa en twa opteld en is ta de konklúzje kommen dat immen de dieders fan 'e groepsferkrêfting fan tsien jier lyn oan it fermoardzjen is. Se warskôget twa fan 'e oare ferkrêfters, de pleatslike winkelman Tyrone en de psychopatyske rûchhouwer Mick. Op it terraske fan in kafee moetet Callahan Jennifer op 'e nij, mei wa't er diskear oan 'e praat rekket. Hy begjint har sympatyk te finen as bliken docht dat se it mei him iens is dat by it opspoaren fan kriminelen it resultaat útsoarte wichtiger is as de metoade. Jennifer beseft dat se har op tin iis bejout as se foar it ferstân kriget dat Callahan in plysjeman út San Francisco is dy't ûndersyk docht nei de moard op Wilburn. Oan 'e oare kant biedt omgong mei him har ek yn ynkykje yn it plysje-ûndersyk

Nei't Callahan fan Bennett ynformaasje krigen hat oer de lju op 'e foto yn it kantoar fan Jannings, giet er op besite by Tyrone, dy't er dea oantreft yn syn garaazje, mei kûgels yn it krús en de holle. Underwilens is Mick by Parkins kommen te útfanhûzjen. Dy beiden hawwe harren bewapene en binne fan doel om rêstich de komst fan Jennifer ôf te wachtsjen, sadat se har fermoardzje kinne. As Jennifer har lykwols nei it hûs fan Parkins bejout, moat se yn 'e tún fuortdûke as Callahan ferskynt. Dyselde wol Parkins en Mick ûnderfreegje, mar Mick wol dêr neat fan witte en falt him oan, wêrnei't Callahan him arrestearret en ôffiert. Parkins bliuwt allinne efter en wurdt neitiid deasketten troch Jennifer.

Letter dy jûns moetsje Callahan en Jennifer inoar by de pier, dêr't se allebeide hinne kuiere binne. Callahan stiet derop om har thús te bringen, en ienris by har wente oankommen, nûget se him deryn. Se sliepe dy nachts mei-inoar, mar ier de oare moarns, as Jennifer noch sliept (tinkt er), ferlit Callahan súntsjes it hûs. Bûtendoar merkt er in auto op mei itselde kenteken as er de foargeande jûns by Ray Parkins foar de doar stean sjoen hat. As er weromgiet nei it hûs fan Parkins, treft er dyselde dêr dea oan. Underwilens is Mick op boarchtocht frijkommen trochdat Eddie en Carl, de sweagers fan Kruger, jild foar him ynlein hawwe. De trije mannen binne nei de hotelkeamer fan Callahan gien om him dêr op te wachtsjen, mar dejinge dy't dêr lang om let opdaagjen komt, is Callahan syn kollega Horace King, dy't syn maat opsykje woe.

Ier de oare moarns komme Mick en syn beide trewanten Callahan by de pier oer it mad. De ynspekteur ferliest syn Smith & Wesson Model 29, wurdt swier yninoar slein en bewusteleas fan 'e pier yn see smiten. Jennifer, dy't wachte hat oant Callahan ôfsette, bejout har op 'e iere moarn nei it hûs fan kommissaris Jannings, dêr't se syn soan Alby deasjitte wol. Se fynt him lykwols yn fegetative steat yn in rolstoel. De kommissaris, dy't har opwachtet en ûntwapenet, fertelt har dat Alby de iennichste fan 'e ferkrêfters wie dy't net libje koe mei wat er har en har suster oandien hie. Hy hope lange tiid dat Jennifer komme soe om him te fermoardzjen, en doe't dat net barde, besocht er selsmoard te dwaan troch mei de auto op in muorre yn te riden. Hy oerlibbe it, mar befynt him sûnt yn in katatoanyske steat, krekt as Jennifer har suster Beth.

Jannings bychtet op dat hysels dejinge is dy't makke hat dat der neat fan 'e strafferfolging fan 'e ferkrêfters op 'e hispel kaam, om't er syn ienlingssoan beskermje woe. No sjocht er yn dat er dêr mis mei west hat en dat er folle better it rjocht op syn beloop litte kinnen hie. Jennifer sjocht ôf fan har foarnommen moard op Alby, mar seit dat der "noch ien oer" is (Mick). Jannings seit ta dat er him dêr wol mei rêde sil en hjit har om fuort te gean. Foar't dat syn beslach krije kin, kringt Mick mei Eddie en Carl it hûs fan Jannings binnen en nimme de trije mannen har finzen. Mick pakt de revolver fan Jennifer op, en as Jannings harren besiket tsjin te hâlden, sjit er de kommissaris mei dat wapen yn 'e skamstreek en de holle, sadat it lykje sil as is er fermoarde troch Jennifer. De trije mannen sette ôf mei Jennifer, dy't se fan doel binne te ferkrêftsjen foar't se har fermoardzje.