Dirty Harry is in Amerikaanske plysjefilm út 1971 ûnder rezjy fan Don Siegel, mei Clint Eastwood yn 'e titelrol as de bikkelhurde resjersjeur Dirty Harry Callahan. De titel betsjut letterlik "Smoarge Harry". It ferhaal folget Callahan as er in psychopatyske searjemoardner op it spoar komt. Hy is wisberet om 'e befolking fan San Francisco fan it gefaar dat de man ynhâldt te frijwarjen, ek as er dêr sels de wet foar oertrêdzje moat. Hoewol't de film ta frijwat kontroverse late, wiene de filmkritisy oer it algemien goed oer Dirty Harry te sprekken. Yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Sadwaande waarden der neitiid mear films oer it personaazje fan Dirty Harry makke en ûntstie de úteinlik fiifdielige filmsearje mei deselde namme. Tsjintwurdich wurdt Dirty Harry sjoen as in wiere filmklassiker en it personaazje fan Dirty Harry hat sûnt de 1970-er jierren in ûnbidich grutte ynfloed hân op 'e Westerske filmyndustry. Yn 2012 waard Dirty Harry troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje yn it National Film Registry.
Plot In mysterieuze moardner brûkt in spesjalisearre slûpskuttersgewear om fan it dak fan in wolkekliuwer yn San Francisco in jonge frou dea te sjitten dy't yn in swimbad op it justjes legere dak fan in deunby hotel oan it swimmen is. It ûndersyk nei it misdriuw wurdt laat troch ynspekteur Harry Callahan fan it San Francisco Police Department, dy't bekend stiet ûnder syn bynamme Dirty Harry ("Smoarge Harry"). Dyselde ûntdekt al rillegau it plak dêr't de moardner syn skot wei lost hat, dêr't er in lege patroanhúl en in bryfke oantreft. Yn 'e tekst fan it bryfke besiket de moardner, dy't himsels identifisearret as 'Scorpio' (de Ingelske oantsjutting foar it stjerrebyld Skorpioen), it stedsbestjoer fan San Francisco ôf te parsjen. Hy easket $100.000, oars sil er eltse dei in oare ynwenner fan 'e stêd deasjitte, te begjinnen mei in roomske preester of in "nikker".
De boargemaster is tige begien mei it lot fan 'e ynwenners fan syn stêd, en soe it jild wol betelje wolle as er mar wist wêr't er it besette moast, want it gemeentebestjoer hat net samar earne $100.000 lizzen. Callahan fynt dat in dwersferkearde ynstelling, om't dan eltse healwizeling itselde besykje sil. Yn oerlis mei Callahan syn direkte oerhearrige, haadynspekteur Al Bressler, en de kommissaris fan 'e plysje beslút de boargemaster om tiid te winnen. De moardner woe dat se him fia in kontaktadvertinsje witte litte soene oft se akkoart giene; de boargemaster lit dêrom op dy wize witte dat der mear tiid nedich is om it jild gear te skraabjen. As Callahan it kantoar fan 'e boargemaster ferlitte wol, warskôget dy him dat se net wer itselde gedoch fan lêsten hawwe wolle, doe't er in fertochte deasketten hat. Soks kin net, dat is belied. Callahan antwurdet dat as er in keardel efter in frommes oansitten sjocht mei as doel om har te ferkrêftsjen, hy de keardel delsjit. Dat is sýn belied. Op 'e fraach fan 'e boargemaster hoe't er wist dat it om in ferkêfter gie, antwurdet er dat de man in hakmês yn 'e iene hân en syn ereksje yn 'e oare hie. Doe't Callahan dat seach, tocht er net dat it om in kollektant foar it Reade Krús gie. Dêr moat de boargemaster him dan wer gelyk oan jaan.
Tusken de middei giet Callahan nei in kafetaria om te iten, as der skean foaroer dy gelegenheid in bank oerfallen wurdt. Callahan lûkt syn reuseftige Smith & Wesson Model 29 .44 Magnum-revolver, it krêftichste pistoal fan 'e wrâld, en sjit twa fan bankberôvers dea en ferwûnet de trêde. As de trêde oerfaller nei syn fjoerwapen rikt, dat deunby him op it trottoir leit, rjochtet Callahan syn revolver op syn holle en seit de ikoanyske wurden "Ik wit watst tinkst: 'Hat er seis kear sketten of net mear as fiif?' No, om dy de wierheid te sizzen, yn alle opwining bin ik sels eins ek de tel kwytrekke. […] [D]o moatst dysels ien fraach stelle: 'Is dit myn geloksdei?' No, wat tinkst, ellindeling?" Nei't de oefaller him oerjûn hat, seit er tsjin Callahan dat er beslist it antwurd op 'e fraach witte moat. Dêrop rjochtet Callahan de revolver wer op syn holle en hellet, ta ûntsteltenis fan 'e oerfaller, de trekker oer; it wapen blykt leech te wêzen.
Callahan is by de bankberôving licht ferwûne rekke troch in kerl hagel út it ôfseage jachtgewear fan ien fan 'e oerfallers dy't er deasketten hat, dat hy moat koart nei it sikehûs om him behannelje te litten. Fuort neitiid giet er lykwols troch mei syn ûndersyk nei de saak-Scorpio. Mei't syn partner Fred Dietrich noch yn it sikehûs leit mei in skotwûne dy't er oprûn hat by it ûndersyk nei in eardere saak, wiist Bressler Callahan in nije tydlike partner ta, de Latino Chico González. Callahan is dêr net bliid mei, om't er González sjocht as in grientsje sûnder ûnderfining.
Underwilens wol Scorpio it gemeentebesjoer dúdlik meitsje dat er net akkoart giet mei fertragingstaktiken, dat hy siket fan it dak fan in flatgebou ôf in nij slachtoffer út: in swarte homo yn in park. Ear't er de man deasjitte kin, wurdt er lykwols opmurken en ferjage troch in helikopter fan 'e plysje. Callahan en González hastigje har nei dat diel fan 'e stêd ta, dêr't se by fallen fan it tsjuster in man miene te sjen dy't oan 'e beskriuwing fan Scorpio foldocht. Se folgje him te foet troch in stikmannich steechjes oant er in wente yngiet. As Callahan op in jiskefet stean giet om troch it rút te sjen, is er tsjûge fan in seksuele moeting tusken in wielderige frou en har frijer, dy't dúdlik net Scorpio is. Hy wurdt trappearre troch guon buorlju fan 'e frou, dy't miene dat se fan dwaan hawwe mei in strúnjeier en Callahan besykje yninoar te slaan oant se tsjinkeard wurde troch González.
De oare deis sjit Scorpio in tsienjierrich swart jonkje dea. Op basis fan 'e tekst fan it bryfke fan Scorpio giet de plysje derfan út dat er no besykje sil in roomske preester om hals te bringen. Mei't se nei oanlieding fan syn eardere bewegings in fermoeden hawwe wêr't er taslaan sil, wachtsje Callahan en González him dêr op it dak fan in oanbuorjend gebou op. As Scorpio dêr yndie arrivearret, folget der in sjitpartij wêrby't in plysjeman omkomt en Scorpio op 'e nij wit te ûntkommen.
De moardner lit neitiid in twadde bryfke by de plysje besoargje, dêr't yn stiet dat er it fjirtjinjierrige famke Ann Mary Deacon ûntfierd en libben begroeven hat mei genôch lucht foar in oantal oeren. Yn ruil foar har lokaasje easket er no $200.000, dy't ôflevere wurde moat yn in jachthaven. Callahan nimt dat smoarge putsje op him (sok wurk docht er altyd, dêrfandinne syn bynamme), en bejout him mei in tas fol jild nei de jachthaven. Fia tillefoanen yn tillefoansellen jout Scorpio him opdracht om efterinoar nei ferskate lokaasjes yn 'e stêd te gean, om der wis fan te wêzen dat Callahan allinnich is. Wat er net wit, is dat Callahan (tsjin 'e eksplisite opdracht fan syn superieuren yn) in stjoerderke draacht en dat González alle tillefoanpetearen hearre en dêrtroch Callahan folgje kin. Uteinlik fynt de moeting mei Scorpio yn in park plak. De moardner twingt Callahan om mei de rêch nei him ta stean te gean en slacht him dan fan efteren del. As Callahan op 'e grûn leit, mishannelet er him noch wat en wol him dan deasjitte. Ear't dat barre kin, dûkt González op. Der folget in sjitpartij wêrby't González delsketten wurdt en Scorpio sûnder it jild, mar mei Callahan syn stiletto yn 'e skonk útnaaie moat. González moat opnommen wurde yn it sikehûs, mar oerlibbet syn ferwûnings
Letter kriget de plysje in melding fan in klinyk dat dêr in man mei in stekwûne oan syn skonk behannele is. De behoarlik tatakele Callahan giet der op ôf mei in oare resjersjeur, DiGiorgio. De dokter dy't Scorpio behannele hat, koe him werom fan it Kezar Stadium, in deunby lein sportstadion, dêr't de moardner as konsjerzje wurket en in keammerke ûnder de tribune bewennet. Callahan en DiGiorgio geane dêrhinne, mar om binnen te kommen, moatte se oer in heech stek hinne klimme, wat de obese DiGiorgio net oprêde kin. Callahan giet sadwaande lykme-allinne fierder. Scorpio sjocht him oankommen en besiket út te naaien, mar Callahan sjit him yn deselde skonk as dêr't er him earder yn stutsen hat, en as Scorpio him op syn rjochten as arrestant beropt en om in abbekaat freget, giet Callahan op syn ferwûne skonk stean oant er fertelt wêr't er it ûntfierde famke brocht hat. It docht lykwols bliken dat Scorpio it fanke fuort nei har ûntfiering ferkrêfte en fermoarde hat, en dat it hiele ferhaal oer har libbene begraving in leagen wie.
De oare deis wurdt Callahan by ofsier fan justysje William T. Rothko roppen, dy't him goed it mannewaar opseit. Trochdat Callahan de wente fan Scorpio trochsocht hat sûnder hûssikingsbefel, is alles dat dêr oantroffen is ûnjildich om as bewiis yn in rjochtsaak te tsjinjen. Ek de bekentenis oangeande de ûntfiering fan Ann Mary Deacon kin net brûkt wurde omreden fan 'e manear dy't Callahan brûkt hat om Scorpio ta dy bekentenis te bringen. Dat betsjut dat de plysje gjin rjochtsjildige reden oanfiere kin om 'e moardner fêst te hâlden, en dat Scorpio wer frij omrinne sil sadree't er út it sikehûs ûntslein wurdt. Callahan is bot ferûntweardige oer dy gong fan saken, en set yn syn frije tiid útein mei it hinderlik folgjen fan Scorpio. Dy reägearret dêrop troch in man $200 te beteljen om himsels flink yninoar te slaan, wêrnei't er de media fertelt dat it Callahan is dy't him sa tatakele hat en dat er it slachtoffer fan plysjegeweld is. Callahan wurdt wer op it matsje roppen by syn superieuren, en nettsjinsteande it feit dat dy him leauwe as er seit dat hy Scorpio net oanrekke hat ("om't er der dan folle minder útsjen soe"), kriget er in beskrobbing foar it folgjen fan 'e moardner. Underwilens beslút González, dy't in graad yn sosjology hat, dat er miskien dochs better geskikt is foar it ûnderwiis, en jout er dêrom syn baan by de plysje deroan.
Scorpio hat lykwols syn ôfparsingspraktiken net opjûn. Hy oerfalt in drankwinkel om oan jild en it fjoerwapen fan 'e eigner te kommen (want de plysje hat syn yn beslach nommen slûpskuttersgewear net weromjûn). Dêrop kaapt er in skoalbus en nimt de bussjauffeur (in âldere frou) en in stik as seis skoalbern yn gizeling. Hy nimt op 'e nij kontakt op mei de plysje en easket losjild en in fleantúch dat him nei in lân bringe kin dêr't er net mear troch de plysje lestichfallen wurde sil. De boargemaster besiket út 'e swierrichheden te kommen troch op 'e nij in jildoerdracht te beävensearjen. Callahan wurdt eksplisyt hjitten dat er him derbûten hâlde moat. Dat docht er lykwols net, en as de bus ûnder in fiadukt troch riidt op 'e rûte nei it fleanfjild, springt hy op it dak.
Scorpio besiket him earst fan it dak te krijen troch dertrochhinne te sjitten en letter troch it terrein fan in stiengat op te riden en de bus in skerpe bocht meitsje te litten. Dêrtroch rûgelet Callahan yndie fan it dak ôf, mar as Scorpio útstapt om him te liif, jaget er de moardner it stiengat yn. Nei in lange efterfolging gizelet Scorpio in jonkje dat op in stalt by in poel yn 'e neite fan it stiengat sit te angelfiskjen, mar Callahan lit him dêrtroch net tsjinhâlde en sjit de moardner roerdelings by it jonkje lâns yn it skouder. It jonkje naait út. Scorpio leit op 'e knibbels op it stalt mei de hân rikkend nei syn pistoal, dat er falle litten hat. Callahan hâldt dan op 'e nij deselde monolooch oer hoe't er de tel kwytrekke is fan hoefolle kûgels der noch yn syn revolver sitte, en oft Scorpio mient dat it syn geloksdei is. Oars as de bankberôver mient Scorpio dat blykber àl, want hy grypt nei syn pistoal. Mar as Callahan de trekker oerhellet, blykt der diskear noch al in kûgel yn syn .44 Magnum te sitten, dy't Scorpio midden yn syn boarst rekket en him efteroer smyt fan it stalt yn 'e poel, dêr't syn lyk stadichoan nei de boaiem sakket. Dêrop hellet Callahan syn plysje-ynsynje foar 't ljocht en smyt him dat efternei.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise resjersjeur "Dirty" Harry Callahan Clint Eastwood
byrollen