Star Trek: First Contact is in Amerikaanske science fiction-film út 1996 ûnder rezjy fan Jonathan Frakes, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Frakes sels en Brent Spiner. It wie de achtste film út 'e Star Trek-filmsearje, en de twadde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Earste Kontakt". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se werom yn 'e tiid reizgje om 'e ferovering fan 'e Ierde troch de grizelige, sybernetyske, bûtenierdske ras fan 'e Borg tsjin te kearen. Star Trek: First Contact krige positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste Star Trek-films dy't ea makke is. Yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Star Trek: First Contact wûn trije Saturn Awards en waard nominearre foar de Oscar foar bêste fisazjy.

Plot Yn in nachtmerje werbelibbet kaptein Jean-Luc Picard syn assimilaasje, seis jier earder, troch de Borg, in bûtenierdsk ras fan sybernetyske wêzens dy't biologyske en masinale skaaimerken kombinearje. (Dy assimilaasje wie te sjen yn 'e ôflevering The Best of Both Worlds fan Star Trek: The Next Generation.) Hy wurdt wekker yn syn kapteinshut oan board fan it romteskip de USS Enterprise-E. Koarte tiid letter siket admiraal Hayes út it haadkertier wei fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten kontakt mei him. De admiraal fertelt Picard dat de langferwachte oanfal fan 'e Borg op 'e Federaasje einlings kommen is: ien reuseftige Borg-kubus is it domein fan 'e Federaasje binnenkrongen, hat in koloanje ferwoastge en leit no op koers nei de Ierde. De Stjerrefloat lûkt dêr in grutte float gear om 'e Borg tsjin te kearen. Picard kriget lykwols befel om mei de Enterprise by de Neutrale Sône lâns te patrûljearjen, foar it gefal dat de Romulanen fan 'e omstannichheden gebrûk meitsje om in wraam op 'e Federaasje te dwaan. De lieding fan 'e Stjerrefloat is nammentlik fan betinken dat it belûken fan Picard by it konflikt mei de Borg, syn eardere ûnderfinings mei dy soarte yn acht nommen, "it yntrodusearjen fan in ynstabyl elemint yn in kritike sitewaasje" wêze soe.

Fan fierrens fangt de USS Enterprise de audiokommunikaasjes fan 'e float op, en as de striid yn it foardiel fan 'e Borg liket út te pakken, negearret Picard syn oarders en lit syn skip koers sette nei de Ierde. Dêr arrivearret er krekt op 'e tiid om 'e bemanning fan 'e slim skansearre USS Defiant te rêden troch harren oerstriele te litten nei de Enterprise. De befelfierend ofsier fan 'e Defiant is luitenant 1e klasse Worf, in Klingon dy't by de Stjerrefloat tsjinnet en in âld-bemanningslid fan 'e USS Enterprise. As it flaggeskip fan admiraal Hayes troch de Borg-kubus fuort dêrnei ferneatige wurdt, nimt Picard de lieding oer de float oer. Mei't er de ûnderlinge kommunikaasje fan 'e Borg yn syn holle hearre kin (nei't men oannimme mei in restearjend effekt fan syn eardere assimilaasje), befellet er de hiele float om it fjoer te iepenjen op in skynber ûnbelangryk diel fan 'e kubus, dy't dêrtroch ûntploft.

Op it lêste stuit foar de eksploazje ûntkomt lykwols in relatyf lyts, bolfoarmich Borg-skip út 'e grutte kubus yn 'e rjochting fan 'e Ierde. De Enterprise set de efterfolging yn. De Borg-bol wekket in tiidtwirre op en wurdt dêryn wei. De Enterprise wurdt yn it sok fan 'e bol yn deselde twirre beskerme tsjin 'e ynfloed fan 'e feroarings yn it ferline, en sjocht dêrtroch sûnder sels te feroarjen hoe't it oansjen fan 'e Ierde ynienen oars is: no wurdt de wrâld folslein befolke troch Borg en bestiet de minskheid net mear. Picard beseft dat de Borg-bol nei it ferline reizge is en dêr dingen útheeft hawwe moat dy't de rin fan 'e skiednis oanpast hawwe, sadat de Ierde yn it ferline al troch de Borg assimilearre is. Hy jout befel om 'e USS Enterprise de ynstoartende twirre yn te farren, om 'e Borg nei it ferline te efterfolgjen en tsjin te kearen wat se dêr fan doel binne te dwaan.

As de Enterprise út 'e twirre komt, wurdt oan 'e hân fan 'e stân fan 'e stjerren en de planeten fêststeld dat it 4 april 2063 is: de deis foar't it útfiner Zefram Cochrane yn 'e opbouperioade nei de Trêde Wrâldoarloch as earste minske slagge om in lyts stikje flugger-as-ljocht te reizgjen. Dat loek de oandacht fan in passearjend bûtenierdsk romteskip en late noch dyselde deis ta it earste kontakt fan 'e minskheid mei in bûtenierdske beskaving. De Borg-bol besjit de lokaasje yn Montana dêr't Cochrane syn histoaryske romteskip de Phoenix boude, en Picard jout opdracht om it fjoer te iepenjen. De Borg-bol wurdt sûnder swierrichheden ferneatige. It is no dúdlik dat de Borg besochten om it earste kontakt foar te kommen, dat der is Picard alles oan gelegen om derfoar te soargjen dat dat trochgiet.

Yn mids ienentweintichste-iuwske momkape bejouwe hy, de androïde luitenant Data en adviseur Deanna Troi harren nei it ierdoerflak yn Montana, dêr't se yn it raketkompleks net Cochrane oantreffe, mar wol syn assistinte, de swarte frou Lily Sloane. De Phoenix sels is by de besjitting skansearre rekke en lekt radio-aktive strieling, dêr't Lily har sûnens troch oantaast is. Skipsdokter Beverly Crusher evakuëarret har foar in yngeande behanneling nei de sikeboech 'e USS Enterprise. In team fan technisy ûnder lieding fan kaptein-luitenant William T. Riker, de earste ofsier fan 'e Enterprise, en luitenant Geordi La Forge, de masinist, wurdt nei de Ierde roppen om 'e skea oan 'e Phoenix op te nimmen en reparaasjes te meitsjen.

Underwilens begjint de temperatuer oan board fan 'e Enterprise om ûnferklearbere redens op te rinnen, wylst ferskate bemanningsleden ferdwine. Nei't er Borg-stimmen yn syn holle heart, draacht Picard de lieding op it ierdoerflak oer oan Riker en keart dêrnei mei Data halje-trawalje nei syn skip werom. Luitenant Worf, dy't it befel oer it skip fierde yn ôfwêzigens fan Picard en Riker, rapportearret mear ûntrêstgjende nuverichheden, dêr't Picard út konkludearret dat de bemanning fan 'e Borg-bol himsels op 'e iene of oare wize ûngemurken oerstriele hawwe moat nei de Enterprise. De Borg binne úteinset mei de assimilaasje fan it skip en syn bemanning. Wannear't se de Enterprise ienris yn 'e hannen hawwe, sille se it skip sûnder mis brûke om 'e Ierde te feroverjen. Underwilens binne de Borg al opkrongen oant de sikeboech, dêr't dokter Crusher en ferpleechkundige Alyssa Ogawa mei harren pasjinten, ûnder wa Lily Sloane, troch in lûk en in ûnderhâldstunnel útnaaie moatte, wylst de holografyske needdokter de earste Borg-wurkers ôfliedt.

Yn Montana hat Deanna Troi ûnderwilens de grutte Zefram Cochrane opspoard. Ynstee dat er him nei de besjitting nei syn raketbunker ta hastige hie om 'e skea oan 'e Phoenix op te nimmen, wied er persiis de oare kant út draafd. It docht bliken dat Cochrane, dy't troch Riker, La Forge en harren manskippen as in legindaryske held sjoen wurdt, eins in leffe, egoïstyske sûplap is. Se kinne inkeld syn meiwurking krije troch him de wierheid te fertellen: dat se lju binne dy't út 'e takomst werom yn 'e tiid reizge binne om him te helpen syn plannen yn 'e praktyk te bringen, om't syn dwaan en litten fan krúsjaal belang is foar de ûntwikkeling fan net allinne de minskheid, mar it hiele bekende hielal. En dat de besjittings it wurk wiene fan in ras fan heal-biologyske cyborgs dy't krektlyk werom yn 'e tiid reizge binne om him tsjin te hâlden. Cochrane leaut dêr fansels neat fan, oant Riker him troch syn eigen tilleskoop de Enterprise yn in baan om 'e Ierde sjen lit.

Oan board fan 'e Enterprise ûntdekt Picard dat de Borg de kontrôle oer it kommunikaasjesysteem fan it skip oernommen hawwe, sadat er Riker-en-dy net fan harren nuodlike sitewaasje op 'e hichte stelle kin. As de Borg ek de oare skipssystemen oernimme wolle, lit er Data fluch-fluch safolle mooglik fan 'e skipskompjûter op 't slot sette efter in ûnbrekbere befeiligingskoade. It docht bliken dat de Borg harren basis fêstige hawwe yn 'e masinekeamers, dat Picard fettet it plan op om dêr binnen te kringen en ien fan 'e kuolplasmatanks stikken te slaan. It korrosive kuolplasma sil dan alle organyske stoffen fuortfrette, en al hoe'n grut part fan 'e Borg ek út masinale ûnderdielen bestean mei, sûnder har biologyske parten kinne se net trochlibje. De misje ûnder lieding fan Picard, Data en Worf draait lykwols út op in fiasko as blykt dat se de masinekeamers net binnenkomme kinne, wylst Data troch de Borg finzennommen wurdt. Hy wurdt fêstset yn 'e masinekeamer, dêr't er in wêzen moetet dat úthâldt de keninginne fan 'e Borg te wêzen. As Data dêrnei trochfreget, seit se dat se net de liedster fan it Borg-kollektyf is, mar dat se it Borg-kollektyf sels is.

Underweis werom nei de brêge wurdt Picard yn 'e krochten fan it skip oer it mad kommen troch de bange Lily Sloane, dy't op 'e flecht út 'e sikeboech by Crusher-en-dy wei útnaaid wie. Sy bedriget him mei syn eigen laserwapen (dat ûnbrûkber is tsjin 'e Borg), mar hy wit har fertrouwen te winnen troch har sjen te litten dat se har oan board fan in romteskip yn in baan om 'e Ierde befynt. Tegearre ûntkomme se út in troch de Borg oernommen part fan it skip troch op it holodek yn in holografyske neibearing fan in misdieroman oer de 1920-er jierren de feilichheidsprotokollen út te skeakeljen, sadat sels holografyske kûgels deadlik wurde. Picard brûkt dêrnei in Tommygun om in pear Borg-wurkers mei kûgels te trochsingeljen, wêrnei't er ien fan harren syn automatisearre ûnthâld ôfnimt. Sa komt er oan 'e weet dat de Borg fan doel binne om 'e deflektorskûtel fan 'e Enterprise om te bouwen ta in reuseftich beaken dêr't se kontakt mei sykje sille mei de Borg dy't yn dizze tiid libje. Ek al befine dy harren noch yn it fiere Delta Kwadrant, dochs sille se sûnder mis fersterkings stjoere sadree't se har fan 'e sitewaasje bewust wurde.

Op 'e Ierde hat Cochrane ûnderwilens sa syn nocht fan 'e ferearing troch it Stjerrefloatpersoniel, de ferhalen oer syn heldestatus, de skoallen dy't nei him ferneamd binne en it reuseftige stânbyld dat op dit plak foar him boud wurde sil, dat er besiket út te naaien. Riker en La Forge ferspylje kostbere tiid mei in klopjacht troch de wyldernis fan Montana. Uteinlik hat Riker gjin oare kar as om 'e útfiner mei syn laserwapen te ferdôvjen.

Oan board fan 'e Enterprise geane Picard, Worf en luitenant Hawk, de roerman fan it skip, yn romtepakken op in romtekuier oer de bûtenkant fan it skip. Se bejouwe harren nei de deflektorskûtel, dêr't de Borg dwaande binne mei de bou fan harren beaken boppe-op de dieltsjesgenerator yn it sintrum fan 'e skûtel. Picard-en-dy beslute de dieltsjesgenerator simpelwei los te keppeljen fan 'e rest fan 'e skûtel. By dy operaasje wurdt Hawk assimilearre troch de Borg. As er neitiid Picard oanfalt, wurdt er delsketten troch Worf. De dieltsjesgenerator wurdt loskeppele en driuwt de romte yn, mei de Borg-wurkers dy't mei it beaken dwaande binne der noch op. As it ding fier genôch fan 'e Enterprise ôf is, ferneatiget Worf it mei in inkeld skot út syn lasergewear.