De Westerse Molen is in poldermûne westlik fan it Grinslânske doarp Nieuw-Scheemda. Eigner fan 'e mûne is de 'Mûnestifting Midden en East-Grinslân'.

De mûne waard yn 1862 boud nei't de foargonger út 1798 ôfbaarnde. Oant yn 'e jierren 1960 bleau de mûne yn bedriuw om it gebiet 'Rode Til' te bemeallen. Dêrnei wie de mûne in reservegemaal. De mûnderswente by de mûne waard yn dy tiid ôfbrutsen.

Eartiids hie de mûne selsswichting, mar sûnt de restauraasje fan 1994 hat de mûne Ald-Hollânsk hekwurk. De roeden hawwe in flecht fan 21,60 meter. In frijwillige mûnder lit de mûne regelmjittich wurkje.

Alhoewol't op it burd fan 'e mûne de namme 'Zeldenrust' stiet, wurdt de mûne oer it generaal oantsjut as de 'Westerse Molen'.

Keppeling om utens Mûnedatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne) Allemolens.nl (ôfbylden)

Kategory:Mole yn Grinslân Kategory:Ryksmonumint yn Midden-Grinslân Kategory:Bouwurk yn Midden-Grinslân Kategory:Bouwurk út 1862 Kategory:Poldermole