Hendrik Antoon Pothast (Nijmegen, 13 augustus 1847 – Amsterdam, 1 oktober 1924) wie in Nederlânske skilder.RKD

Libben en wurk thumb|Amor mei pylk en bôge (1906) thumb|Amor mei hert (1906) Pothast wie in soan fan haadmaster Coenradus Pothast (1800-1877) en Elisabeth Hoogveld (1820-1853). Hy wie dekoraasjeskilder en portretskilder; hy skilderde teffens sjenrestikken. Pothast die ûnder mear mei oan in oantal tentoanstellingen fan Libbene Masters.Pieter A. Scheen (1969) Lexicon Nederlandse Beeldende Kunstenaars 1750-1950. De Haach: Kunsthandel Pieter A. Scheen N.V. Folume 2, s. 193.

Pothast boaske yn 1875 oan Catharina Anna Christina Verhaaren (1850-1903). De húshâlding Pothast-Verhaaren wenne yn Roermond, Halle (om 1878-1883), Amsterdam (1883-1902), De Haach (1902-1903) en fan 1903 ôf wer yn Amsterdam. Ut it houlik waarden ûnder oaren de lettere skilders Willem (1877-1916) en Bernard (1882-1966) en ûnderwizer Joseph Pothast (1890-1960) berne. Dy lêste troude mei ûnderwizeres en berneboekeskriuwster Christina Elizabeth Gimberg.

Pothast stoar yn de âldens fan 77 jier. Hy waard beïerdige op it roomsk-katolike begraafplak Buitenveldert.

In pear wurken Portret fan jonkhear Willem Philip Teding van Berkhout (1884), Hofke fan Noblet Portretten fan J.J.A.L. Beuns (1884), J.E. Basquin (1884) en J.H. Schmier (1896?), reginten fan it hûs Brentano's Steun des Ouderdoms Portret fan Gajac (1886), Museum Hilversum Portret fan J. Vernieuwe (1886), Museum Ons' Lieve Heer op Solder Portretten (pedanten) fan Douwe Jan Vincent van Sytzama (1886) en Adriana Janke Albarda, Frysk Museum Portret fan pastoar J.W. Brouwers (1889) yn Bovenkerk Portret fan Samuel Anne van Hoogstraten (1892) Portret fan Johannes Galenus van Sytzama (1893) Skilderingen fan Amor mei hert, Amor mei pylk en bôge en musisearjende putty (1906), Herengracht 582, Amsterdam.

Portretten

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1847 Kategory:Persoan stoarn yn 1924