De Herfoarme PKN-tsjerke yn Elim is in tsjerkegebou mei in opfallende toer yn it Drintske doarp Elim. Sûnt 1997 is de tsjerke in ryksmonumint.
Elim is in relatyf jong doarp, dat yn it lêste fearn fan 'e 19e iuw ûnstie. Yn 1915 waard de Herfoarme gemeente stifte, dy't mei help fan in skinking in eigen tsjerke bouwe litte koe.
De tsjerke is in sealtsjerke fan fiif traveeën en de portaalútbou foarmet it begjin fan in achtsidige toer, dy't nei boppe ta smeller en ôfsletten wurdt troch in spits.
It oargel fan 'e tsjerke waard yn 1932 boud troch Bakker & Timmenga út Ljouwert.
Keppeling om utens Orgels in Drenthe: ynformaasje oargel''.
Kategory:Tsjerkegebou yn Hoogeveen Kategory:Ryksmonumint yn Hoogeveen Kategory:Bouwurk út 1916 Kategory:Protestantsk tsjerkegebu yn Nederlân