Folkert de Roos (Ljouwert, 3 septimber 1920 – 12 july 2000) wie in Nederlânske ekonoom en heechlearaar ekonomy oan Frije Universiteit yn Amsterdam.M.M.G. Fase, Levensbericht F. de Roos, yn: Levensberichten en herdenkingen, 2002, Amsterdam, s. 95-100

Libben en wurk De Roos waard berne yn in herfoarme húshâlding yn Ljouwert dêr't syn heit bakker wie,Documentatiedienst ten behoeve van de Anti-revolutionaire Partij, Volume 6 (1961). s. 172 De Roos sette útein mei in stúdzje ekonomy oan de Nederlandsche Economische Hoogeschool yn de lette jierren tritich. Dêr helle er syn MA yn 1942 en letter yn 1949 syn doktoraal eksamen (cum laude) mei in proefskrift mei de titel "De algemene banken in Nederland". Dat wurk soe útgroeie ta in wichtich, paadsljochtsjend wurk foar generaasjes Nederlânske studinten.

Yn 1943 gie De Roos oan't wurk by de bank Mees & Zn yn Rotterdam, dêr't er rillegau haad fan it Ekonomysk Buro waard. Ne't er yn 1949 ôfstudearre wie waard er beneamd ta heechlearaar oan de nije ôfdieling ekonomy fan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Syn promovendi wienen Dirk Cornelis Renooij (1951), Willem Hessel (1962), Jac Koolschijn (1970), Pieter Van Veen (1970)Gert J. Peelen, Jelle Zijlstra (1988) Kenne & kunnen: ontwikkelingen in het economisch denken en doen, 1948-1988 : in gesprek met Dr. J. Zijlstra, Prof. Dr. J. Tinbergen, Prof. Dr. B. Goudzwaard en Drs. R.F.M. Lubbers. Samsom. p. 2030, Wouter Roes (1973), Gerrit Faber (1981), Paul Hilbers (1986) e.a..

De Roos waard algemiener bekend as lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER) fan begjin jierren fyftich ôf, en as auteur fan artikelen yn de Economisch-Statistische Berichten. Hy wie ek redakteur foar De Economist, lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen sûnt 1980 en bestjoerslid by De Nederlandsche Bank.

Publikaasjes De Roos skreau tal fan publikaasjes, ek yn'e mande mei oaren.List fan publikaasjes by de Keninklike Biblioteek. Boeken, in kar: 1949. De algemene banken in Nederland. Proefskrift Unicersiteit fan Rotterdam, Rotterdam 1953. Een halve eeuw rente in Nederland. Mei Wiert Jan Wieringa. Levensverzekering-maatschappij HAV Bank, 1953. 1957. Inleiding tot de theorie der internationale economische betrekkingen. Haarlim : De Erven F. Bohn 1960. Groeitheorie. Mei D.B.J. Schouten. Haarlim : Bohn 1991. Over geld, rente en wisselkoersen : een selectie uit de verspreide publikaties van prof. dr. F. de Roos P.A. Geljon et al. eds. Leien : Stenfert Kroese

Keppeling om utens Folkert de Roos yn it biografischportaal.nl

Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Frije Universiteit Amsterdam Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2000