De Juffer is in nôtmûne yn Gasselternijfean yn 'e Drintske gemeente Aa en Hunze.
Skiednis De mûne waard oarspronklik yn 1841 yn it doarp boud, mar dêr yn 1963 ôfbrutsen, wêrnei't in soad oarspronklike ûnderdielen ferlern gyngen. Mei de stiennen fan 'e âlde mûne en ûnderdielen fan oare ôfbrutsen mûnen út Noard-Nederlân waard tusken 1968 en 1971 de mûne bûten it doarp oan 'e Hunze wer opboud.
Troch in rekkenfout is de mûne noch smeller woarn as de oarspronklike mûne. De binnenmaten fan 'e âlde mûne binne brûkt foar de bûtenmaten fan 'e nije mûne.
De mûne hat ien koppel mealstiennen en frijwillige mûnders sette De Juffer regelmjittich oan it draaien. Sûnt 1985 is de mûne in ryksmonumint. De mûne hat jierrenlang ek tsjinst dien as troulokaasje.
Beskriuwing De Juffer is in rûne stellingmûne, werfan't de stelling 6,20 meter heech is. De mûne is mealfeardich en hat in flecht fan 19,80 meter. De wjukkenfoarm is âld-hollânsk en der binne fierder gjin ferbetterings yn it wjuksysteem oanbrocht.
Keppeling om utens Mûnedatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne) Allemolens.nl (ôfbylden) De Hollânske Mûne
Kategory:Mole yn Aa en Hunze Kategory:Ryksmonumint yn Aa en Hunze Kategory:Bouwurk út 1970 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole