Piet de Vries (Oostvoorne, 15 febrewaris 1897 – Bergen, 14 augustus 1992) wie in Nederlânske arsjitekt.
Doe't er seis jier wie ferhûze er mei syn heit en mem nei Minnertsgea. Yn Ljouwert folge er de middelbere technyske skoalle (mts). Leararen op dy skoalle wiene Doeke Meintema, Andries Baart sr. en Geert Stapenséa. Yn Amsterdam folge er praktykoplieding by Harry Elte en wurke er op it buro fan Eduard Cuypers. Yn 1924 festige er him as selsstannich arsjitekt yn Ljouwert. Yn de earste jierren oerhearske de ynfloed fan de Amsterdamske Skoalle syn wurk, mar letter hinge er oer nei de Delftse Skoalle. thumb|Rykskweekskoalle It Hearrenfean
Oer Piet de Vries is in boek ferskynd: Piet de Vries, een beeldhouwend architect. De Stichting Piet de Vries hat as doel it yn stân hâlden fan de atelierwenning oan de Druifstreek 63 yn Ljouwert.Stichting Piet de Vries
Wurk (in kar) Jier Plak Wurk BysûnderhedenOfbyld1925PieterburenFillapleats ThemaheerdtRyksmonumint90px1932LjouwertAtelierwent Druifstreek 63Ryksmonumint1935BurgumGemeentehûs TytsjersteradielUtwreide troch Abe Bonnema90px1940RaerdGemeentehûs Raerderhim90px1942HarnsPakhûs Schritsen 47-49Ryksmonumint90px1958It HearrenfeanRykskweekskoalleGemeentlik monumint90px1966StarumJ.L. HooglandgemaalRyksmonumint90px
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1992