De Doarpstsjerke fan Eelde yn 'e provinsje Drinte is in tsjerkegebou fan 'e PKN-gemeente Eelde-Paterswolde. De PKN-gemeente Eelde-Paterswolde is yn 2005 ûnstien troch in fúzje fan 'e herfoarme gemeente fan Eelde mei de grifformearde tsjerke fan Paterswolde.
Skiednis De tsjerke waard yn 1139 foar it earst neamd en wie yn 'e roomske tiid oan Us-Leaffrou en de hillige Gangulfus wijd. De hjoeddeiske goatyske tsjerke waard yn 'e 14e-iuw boud, mar yn 'e noardlike en westlike gevel binne noch muorredielen fan dowestien út de romaanske tiid oanwêzich.
De doarpstsjerke hat in eastlike oriïntaasje en in rjochthoekich skip fan 8,5 by 28 meter. Oan 'e eastlike kant folget in smeller, trijesidich sletten koer.
Ynterieur thumb|left|It beskildere plafond fan it koer. Bysûnder is de beskildering fan it houten ferwulft fan it koer mei allegoryen fan libben en dea en freugde en rou. De beskildering waard yn 1715 oanbrocht, mooglik troch Herman Collenius. Op 'e râne binne famyljewapens fan 'e bewenners fan ferskillende havezate's út de omkriten te sjen.
Yn 'e tsjerke steane fjouwer hearebanken. De hearebank yn it koer is fan 'e bewenners fan 'e havezate Oosterbroek. Under it oargel steane oan 'e kanten fan it middenpaad twa 18e-iuwske banken fan 'e bewenners fan Lemferdinge. Unbekend is foar wa't de fjirde hearebank west hat.
De tsjerke besit de âldste preekstoel fan Drinte, dy't út 1621 datearret. It doopfont datearret fan 1980 en is makke troch Leo van de Bos. Op it deksel stie in do as symboal fan 'e Hillige Geast.
By de restauraasje fan 1973 binne de banken foar it tsjerkefolk ferfongen troch stuollen. Oer de flier lizze ferskillende âlde sarken, de âldste datearret fan 1545. By in restauraasje yn 2000 waard ûnder de witerskalk in wijingskrús werom fûn.Oleel: beskriuwing tsjerke Yn it tuorke hinget in klok út 1948, dy't getten waard om de klok út 1805 te ferfangen dy't troch de Dútsers foardere waard.
Oargel It oargel stamt út 1907 en waard troch L. van Dam & Soannen út Ljouwert boud. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1960 renovearre de firma L. Verschueren út Heythuysen it oargel, werby't de disposysje feroare. It oargel krige doe ek in selsstannich pedaal. Yn 1983 waard it oargel troch Mense Ruiter yn oarspronklike steat rekonstruearre en restaurearre. Yn 2008 fûn de lêste restauraasje plak troch Mense Ruiter. De oargelkas krige yn 2013 in nije farvelaach yn 'e oarspronklike kleuren.RTV Drenthe, 24 jannewaris 2014
Keppeling om utens Kerk en Orgel: disposysje oargel Keppeling om utens Alle Middeleeuwse Kerken, Peter Karstkarel, ISBN 9789033005589 Orgels in Drenthe: skiednis en disposysje oargel
Kategory:Tsjerkegebou yn Tynaarlo (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Tynaarlo (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân