thumb|265x265px|sparwergier (Gyps rueppellii)
De gieren fan de Alde Wrâld foarmje twa ûnderfamyljes fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae). Se binne fûgels fan Súd-Jeropa, Súd-Aazje en Afrika. De gieren fan de Nije Wrâld hearre net ta de famylje fan de haukfûgels en foarmje in aparte famylje (Cathartidae) yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De gieren binne iesiters en fuorje harren mei karkassen fan deade dieren. Folle gieren hawwe in keale of heal keale kop mei in pear fearren of allinnich in bytsje dûns. Dêrmei kinne se makliker de waarmte fan harren kop regelje.
Klassifikaasje De twa ûnderfamyljes fan de gieren fan de Alde Wrâld binne net nau besibbe mei-inoar. De fûgels fan de iene ûnderfamylje, dy ‘t fan de Gypaetinae, binne besibbe mei de huningfalken (Perninae); de fûgels fan de oare ûnderfamylje, dy fan de Aegypiinae, binne nauwer besibbe mei de earnen (Aquilinae). De posysje fan it skaai Eutriorchis binnen de Gypaetinae is net alhiel wis.
Gieren fan de Alde Wrâld, 2 ûnderfamyljes: ûnderfamylje fearkopgieren fan de Alde Wrâld (Gypaetinae) skaai iesgieren (Neophron) iesgier (Neophron percnopterus) skaai lammegieren (Gypaetus) lammegier (Gypaetus barbatus) skaai palmgieren (Gypohierax) palmgier (Gypohierax angolensis) ûnderfamylje kealkopgieren fan de Alde Wrâld (Aegypiinae of Gypinae) skaai eargieren (Torgos) eargier (Torgos tracheliotos) skaai gieren of echte gieren (Gyps) Bingaalske gier (Gyps bengalensis) feale gier (Gyps fulvus) Yndyske gier (Gyps indicus) Kaapske gier (Gyps coprotheres) sniegier (Gyps himalayensis) sparwergier of Rüppells gier (Gyps rueppelli) tinsnaffelgier (Gyps tenuirostris) wytrêchgier (Gyps africanus) skaai kapgieren (Necrosyrtes) kapgier (Necrosyrtes monachus) skaai muontsegieren (Aegypius) muontsegier (Agypius monachus) skaai readkopgieren (Sarcogyps) readkopgier, Yndyske eargier of Aziatyske keningsgier (Sarcogyps calvus) skaai wytkopgieren (Trigonoceps) wytkopgier (Trigonoceps occipitalis)
Keppelings om utens IOC World Bird List, 11.1, jan. 2021 Avionary - 50 Language Bird Names, 4.1, juny 2020
Kategory:Haukfûgel