De Paiser Meul ('Mûne fan Peize') is in nôtmûne yn it Drintske doarp Peize.
Skiednis De mûne waard boud yn 1893 of 1898 De boarnen binne net ienriedich oer it boujier fan 'e Paiser Meul: neffens Molens in Drenthe wie it boujier 1893, de side fan 'e mûne skriuwt oer boujier 1898. Ek de side fan 'e Molendatabase neamt as jiertal 1898 yn opdracht fan in pear bakkers en boeren yn Peize. De bou fûn plak mei ûnderdielen fan 'e oaljemûne út 1845 fan Hofman út Enumatil. Sûnt it begjin hie de Paiser Meul selsswichting.
Yn 1955 rekke de mûne bûten bedriuw en sette it ferfal yn. Yn 1967 kochte de doedestiidske gemeente Peize de mûne, dy't de mûne yn 'e jierren 1971-1972 restaurearje liet. By in restauraasje yn 'e jierren 1970 ferlear de mûne it typyske Grinslânske oansjen. De mûne krige in âld-hollânsk wjuksysteem en de mei latten betimmere achtkant waard reiddutsen. Nei de restauraasje mealle de mûne weet foar de oanbuorjende bakker.
By de restauraasje yn 'e jierren 1980 binne de seilroeden wer ferfongen troch selsswichting.
Beskriuwing De mûne is in achtkante boppekruier mei stelling. De ûnderbou is fan bakstien, de boppebou fan hout en is útsein de kape, dy't mei daklear beklaaid is, reiddutsen. De roeden hawwe in flecht fan likernôch 21,2 meter. De mûne hat twa koppels mealstiennen en in kammenluiwurk.
Keppeling om utens Mûnedatabase De Hollânske Mûne Allemolens.nl
Kategory:Mole yn Noardenfjild Kategory:Ryksmonumint yn Noardenfjild Kategory:Bouwurk út 1898 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole